Johan Scheps

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johan Scheps
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Johan Scheps yn 1964.
Johan Scheps yn 1964.
echte namme Johannes Hermanus Scheps
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 13 july 1900
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
stjerdatum 3 oktober 1993
stjerplak Utert (Utert)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
partij PvdA
Lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade 19461967
Wethâlder fan Hûsfêsting, Underwiis en Jongereinsaken fan Seist
amtsperioade 19661970
Wethâlder fan Sosjale Saken fan Seist
amtsperioade 19451946
Gemeenteriedslid fan Seist
amtsperioade 19351940
19451970

Johan Scheps (folút: Johannes Hermanus Scheps; De Haach, 13 july 1900Utert, 3 oktober 1993), wie in Nederlânsk politikus, lid fan 'e Twadde Keamer en publisist. Hoewol't er fan berte en komôf út in grifformeard fermidden kaam, briek er letter mei de Grifformearde Tsjerken, en sleat er him oan by de sosjalistyske SDAP. Scheps wie twer fan alle autoritêre streamings, dêr't er de Roomsk-Katolike Tsjerke ek ta rekkene, en joech him ûnder de Twadde Wrâldoarloch by it Nederlânske ferset. Yn Fryslân stiet syn oantins yn it teken fan syn bannen mei de Fryske Beweging.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scheps waard yn 1900 berne yn 'e Haachske Skilderswyk, as it fjirde bern fan acht yn it gesin fan 'e sigarekeapman en hierynder Nicolaas Scheps en dy syn frou Wilhelmina Cornelia Stoel. Hoewol't it fermidden wêryn't er opgroeide net ta de alderearmsten rekkene wurde koe, wie der gjin sprake fan dat Scheps trochleare koe doe't er ienris de legere skoalle trochrûn hie. Ynstee waard er feint by in listemakker. Mar dreaun troch syn honger nei kennis slagge it him om himsels op eigen manneboet fierder op te lieden, wêrnei't er úteinlik in kantoarbaan wist te bemachtigjen.

Tsjerklik wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scheps wie ôfkomstich út in grifformeard fermidden dat yn polityk opsjoch ferbûn wie mei de Anty-Revolúsjonêre Partij. Al fan bern ôf oan hied er grutte belangstelling foar religieuze en maatskiplike fraachstikken. Hy sleat him al jong oan by de Grifformearde Jongelingsferiening en learde dêr hoe't er debattearje en taspraken hâlde moast. Fan 1919 ôf waard er gauris frege as sprekker foar de Haachske Stedssinding "Immanuël", en it hiele Ynterbellum troch foarme evangelisaasjewurk ien fan syn wichtichste aktiviteiten. Fan 1923 oant 1928 wied er as grifformeard sindeling yn Flaanderen wurksum, dêr't er foar it earst yn 'e kunde kaam mei it fenomeen taalstriid, wylst dêrnjonken yn dy snuorje syn anty-roomske ideeën noch fierder oanboazen.

Yn Nederlân wie Scheps yn dy tiid fral wurksum as sprekker fan 'e Protestantske Debat Klub fan Th. Inden, mei wa't er hast in heale iuw nau gearwurkje soe. Boppedat wenne Scheps by Inden en de frou yn, net inkeld om't er in tige krap ynkommen hie, mar ek om't er nea troude. Yn 1926 briek er mei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân om 'e Kwestje-Geelkerken (in skeel tusken de grifformearde synoade en predikant Johannes Geelkerken, nei oanlieding wêrfan't de synoade besleat dat eltse oare as letterlike ynterpretaasje fan 'e Bibel yn striid wie mei de grifformearde leauwensbelidenis). Mar oars as de measte oare grifformearden dy't doe út 'e tsjerke stapten, gied er net oer ta de Grifformearde Tsjerken yn Nij Ferbân, mar joech er him twa jier letter by de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke.

Yn 'e polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op polityk mêd wie Scheps, nei eigen sizzen, al fan 1918 ôf de SDAP it neist, mar de yn syn eagen ûndemokratyske hâlding fan Pieter Jelles Troelstra, dat jiers, foarme foar him in stroffelstien. Boppedat beskôge er it idee fan 'e klassestriid, dat doedestiden noch ien fan 'e hoekstiennen fan 'e SDAP-ideology wie, as in "verderfelijke leer" (sa't er it yn 1922 omskreau yn syn pamflet Het Mammonisme in de Christelijke Vakbeweging). Sadwaande joech er him ynstee by de lytse Kristlik-Sosjale Partij. Teffens wied er aktyf yn 'e Nederlandsche Vereeniging van Christelijke Kantoor- en Handelsbedienden, in fakbûn.

Yn 1931 waard Scheps dochs noch lid fan 'e SDAP, en doe begûn er daliks oan in aktyf wurkpaad yn 'e polityk. Yn 1933 waard er foarsitter fan 'e ôfdieling Den Dolder en yn 1935 gemeenteriedslid yn Seist (wat er de folgjende 35 jier, oant 1970, bliuwe soe). Fierders wied er foarsitter fan 'e pleatslike ôfdieling fan it Ynstitút foar Abeiders-Untwikkeling. Mar hoewol't er oanskreaun stie as in net wurch te krijen sprekker, propagandist en skriuwer fan withoefolle artikels en pamfletten, en al died er aktyf mei oan SDAP-kongressen, dochs spile er op lanlik nivo foar de oarloch winliken gjin rol yn 'e partij. Ek ferkundige er frijwat ideeën dy't rjocht tsjin 'e partijstânpunten yngiene. Sa hechte er grutte wearde oan 'e nasjonale identiteit, lang foar't de SDAP de koerts fan 'e ynternasjonale arbeidersbeweging losliet. En teffens wied er op sosjaal-ekonomysk mêd folle radikaler as de partij, dy't er ferwiet dat dy "willoos meedeinde op de golven van kapitalisme" en inkeld belangstelling hie foar it winnen fan in parlemintêre mearderheid.

Hoewol't er in oertsjûge demokraat wie, stie Scheps kritysk oer foar wat er it "demokratisme" neamde, dat in elk mar oeral oer meibeslisse koe. Neffens him late dat ta ûnoerkomlike swierrichheden, sa't er dy sels meimakke hie yn 'e Grifformearde Tsjerken, dêr't der úteinlik sels in tsjerkskuorring út fuortkommen wie. Hy moast fierders neat hawwe fan it kommunisme, mar as de grutste bedriging foar de demokrasy seach er de Roomsk-Katolike Tsjerke, tsjin 'e ynfloed en it machtsmisbrûk wêrfan't er yn 'e tritiger jierren sadwaande oanhâldend stried. Fierders kante er him ek skerp oan tsjin 'e saneamde "frijtinkers" (ateïsten), mar doe't yn 1937 de útstjoerfergunning fan 'e Vrijdenkers Radio Omroep ynlutsen drige te wurden, waard Scheps foarsitter fan it komitee dat dat (om 'e nocht) besocht foar te kommen.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Nederlânske oerjefte, yn maaie 1940, rekke Scheps tige desyllúzjonearre oer de wifeljende hâlding dy't de SDAP-lieding foar de Dútsers oer oannaam. Yn it neijier fan 1940 publisearre er in rige pamfletten wêryn't er fel úthelle nei de NSB, de Nederlânske Uny en oare organisaasjes dy't gearwurking mei de besetters foarstiene. Neffens Scheps moast men just de Dútsers eltse gearwurking ûntsizze, en dêrta pleite er yn 1941 ek foar de leechrin fan it NVV, de sosjalistyske fakbûnsbeweging. Al rillegau waard Scheps socht troch de Dútsers, en moast er ûnderdûke. Mei tsjinnichheid naam er falske identiteiten oan dêr't er it lân ûnder trochreizge om yn withoefolle húskeamergearkomsten te sprekken en nije fluchskriften te fersprieden. Yn 1944 rûn er einlings en te'n lêsten tsjin 'e lampe, doe't er by tafal by in treinkontrôle identifisearre en oppakt waard. De Dútsers woene hawwe dat er in ferklearring tekenje soe dat er net mear tsjin harren sprekke en publisearje soe, dan koed er der mei lichte straf ôfkomme. Scheps wegere. Fan april 1944 oant febrewaris 1945 waard er fêstholden yn Kamp Amersfoart, oant er úteinlik mei de help fan in korrupte kampbewekker ûntkomme koe.

Nei-oarlochske perioade[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de befrijing waard Scheps yn 'e needgemeenteried fan Seist ta wethâlder fan Sosjale Saken keazen, in amt dat er in jier lang ferfolle. Yn 1946 kaam er yn it partijbestjoer fan 'e SDAP, en yn dy funksje wied er belutsen by de foarming fan 'e nije Partij fan de Arbeid, dy't gearstald waard út de âlde SDAP, de liberale VDB en de links-kristen-demokratyske CDU. Hoewol't er fan dy ienwurding yn prinsipe in grut foarstanner wie, wie Scheps alderminst te sprekken oer hoe't dat om en ta gie. Net allinnich liet men nei syn miening it sosjalisme tefolle farre, mar boppedat fûn er it ûnakseptabel dat lju mei in diskutabel oarlochsferline, wêrûnder P.J. Oud en Geert Ruygers, yn it proses behelle waarden. Hy wie dêr sels sa lulk oer, dat er syn wurk foar de partij in hoart dellei, al wisten syn freonen him te ûntpraten dat er syn lidmaatskip opsizze soe.

Uteinlik waard Scheps ien fan 'e partijsiktarissen fan 'e nije PvdA, lid fan 'e Twadde Keamer en siktaris fan 'e Protestantsk-Kristlike Wurkmienskip binnen de partij. As Keamerlid gou er as ien fan 'e bêste sprekkers fan syn tiid; as hy it wurd naam, dan kamen alle boades fan 'e Twadde Keamer foar 't ljocht om ta te harkjen. Binnen de PvdA-fraksje naam Scheps geregeldwei in ôfwikend stânpunt út, lykas oer de slepende kwestje oangeande Nederlânk Nij-Guineä en de foarstelde grinskorreksje mei Dútslân. Dêrnjonken gied er dermei troch om him te fjoer en te swurd te fersetten tsjin it kommunisme. Doe't yn 1951 de CPN-wethâlders fan it Grinslânske Finsterwâlde út har amt setten waarden, parearre Scheps yn 'e Twadde Keamer de krityk fan dy't de CPN-fraksje op dat barren hie. Boppedat reizge er yn eigen persoan nei Finsterwâlde ta, dêr't er mei de kommunistyske fraksjefoarsitter Henk Gortzak yn debat gie en ta grutte lulkens fan 'e CPN Finsterwâlde mei nazy-Dútslân ferlike.

Datselde jiers kante Scheps him nei Kneppelfreed fûleindich oan tsjin it optreden fan 'e plysje yn Ljouwert en tsjin 'e lytsachting fan 'e Fryske taal troch de rjochterlike macht en de ferfolging fan 'e sjoernalisten Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong dy't oan 'e opskuor te'n grûnslach lei. As útsprutsen oanhinger fan politike en kulturele autonomy foar Fryslân en as meistanner fan 'e Fryske Beweging hold er in wike nei Kneppelfreed op in grutte gearkomste yn Sealen Skaaf in flamjend betooch wêrby't er de hiele gong fan saken leechlei en de gesachsdragers dy't der ferantwurdlik foar wiene (boargemaster en kommissaris fan plysje wiene beiden ûnder syn gehoar) it mannewaar opsei. Yn 1955, by de behanneling yn 'e Twadde Keamer fan 'e taalwet dy't it Frysk yn 'e rjochtseal in offisjele status jaan soe, en dy't in streekrjocht gefolch fan Kneppelfreed wie, hold er jitris in lange taspraak oer de saak.

Yn 'e sechstiger jierren seach Scheps earst wol wat yn 'e fernijingsbeweging Nij Links, fral om't er fûn dat de PvdA almar fierder fan syn sosjalistyske ideälen ôf rekke. Mar al rillegau kaam er ta it ynsjoch dat Nij Links tefolle omkokettearre mei de kommunistyske rezjyms yn it Eastblok en der betinklike demokratyske basisopfettings op neihold. Boppedat wiene de foaroanlju fan 'e beweging nei syn miening ordinêre opportunisten. Dêrnjonken rekke er fergrime op 'e eigen partijlieding om't dy him inkeld om 'e macht mar behâlde te kinnen, fan 'e eigen ideologyske oertsjûgings ôfbringe liet. Yn 1964 waard boppedat de ynfloed fan libbensbeskôglike wurkmienskippen binnen de PvdA drastysk beheind, wêrmei't men Scheps slim op it sear kaam. Yn 1967 waard er fanwegen syn âlderdom net mear ferkiesber steld foar de Twadde Keamer. Neitiid rjochte er him folslein op syn wurk as gemeenteriedslid yn Seist. Fan 1966 oant 1970 wied er fannijs wethâlder, diskear mei foech oer hûsfêsting, ûnderwiis en jongereinsaken. Yn 1970, doe't er santich jier waard, en men him weromskowe woe nei it fjirde plak op 'e kieslist, betanke er foar de ear en loek er him werom út aktive polityk.

Lêste jierren en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn ôfskie út 'e polityk bleau Scheps wurksum as sprekker en publisist. Teffens rjochte er, yn 1982, in stifting op, it Inden-Reissfonds, dat er ferneamde nei syn freonen, it troude pear Inden-Reiss, dy't yn 'e oarloch ek aktyf west hiene yn it ferset. Dy stifting hat û.m. ta doel om fia de tawizing en útrikking fan in priis de stúdzje nei en belangstelling foar de betsjutting en de gefaren fan it ferskynsel "diktatuer" yn al syn ferskiningsfoarmen oan te fiterjen, wêrby't fral omtinken jûn wurde moat foar it ferset yn 'e Twadde Wrâldoarloch. De priis is bedoeld foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis, dy't har opfettings oer dat ûnderwerp yn in skripsje kenber meitsje. Scheps ferstoar yn 1993 yn syn wenplak Utert, yn 'e âlderdom fan 93 jier. Nei syn dea waard de skripsjepriis fan it Inden-Reissfonds omneamd ta de J.H. Scheps-priis.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1918 – Is Godsdienst Privaatzaak?
  • 1926 – Materialisme en Levensinzinking
  • 1926 – Slavendienst of Heldendom?
  • 1926 – Nationalisme en Arbeidersbelangen
  • 1926 – Wat Rooms Vlaanderen Ons te Zeggen Heeft
  • 1928 – Bijbel, Vrijdenken en Vrij-denken
  • 1928 – De Belangen van het Proletariaat en het Nationaal Gevoelen
  • 1928 – Aristokraties en Demokraties Kristendom
  • 1930 – Bruintje Beer en Vosje Loos
  • 1930 – Rooms Recht of Nederlands Recht
  • 1931 – Priester-terreur
  • 1931 – Roomse Straatterreur, Maar Amsterdam Ligt Niet in Limburg
  • 1938 – Om de Internationale Socialistische Volkerengemeenschap
  • 1939 – Om het Recht van den Wijden Aether
  • 1940 – Ir. A.A. Mussert door De Waag Gewogen
  • 1940 – Het Misverstand der Ned.Soc.-Werkgemeenschap
  • 1940 – Krachten Die Onsterfelijk Zijn
  • 1940 – Een Woord tot Onze Weifelende en Aanpassende Landgenoten
  • 1940 – Een Ernstig Woord aan de Leden van de Gemeenteraden in Nederland
  • 1940 – Ons Zelf Zijn en Blijven
  • 1940 – Vrijheid en Volkseer
  • 1941 – Persdans der Charlatans
  • 1941 – Eer en Ideaal
  • 194? – Politieke Catechismus
  • 1945 – Sociaal-Demokratie en Communisme
  • 1945 – Om de Toekomst van de Sociaal-Demokratie
  • 1945 – Plaats en Taak van de Illegale Beweging na den Oorlog
  • 1945 – De Groote Kuisch
  • 194? – Christendom en Politiek
  • 1947 – Kan een Christen Lid Zijn van de Partij van de Arbeid? (mei G.E. van Walsum, W. Banning en J.J. Buskes)
  • 1956 – De Verhouding van de Partij van de Arbeid tot de Communistische Partij Nederland (yn: De Plaats van de PvdA in het Staatkundig Leven)
  • 1965 – Afscheid als Bestuurder van de Partij
  • 1971 – Het Progressieve als Waardeloze Pronk
  • 1972 – Kink in de Kabel
  • 1972 – Twaalf over Drie
  • 1973 – Scheps Inventariseert I
  • 1976 – Scheps Inventariseert II
  • 1981 – Verenigd Europa als Gemeenschap van Vrije Volken
  • 1988 – Ruim 2000 Huwelijken Voltrokken

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Amerongen, M. van, De beste zeepkistspreker van Nederland, yn: De Groene Amsterdammer, 29 augustus 1990.
  • Blom, M., en Peek, A., De Protestants-Christelijke Werkgemeenschap in de Partij van de Arbeid 1946-1956, Utrecht, 1979.
  • Braun, M., De Regeringscommissaris in Finsterwolde, Amsterdam, 1975.
  • Brinkman, M., Willem Drees, de SDAP en de PvdA, Amsterdam, 1998.
  • Esterik, C. van, Nederlands Laatste Bastion in de Oost, Baarn, 1982.
  • Hartmans, R., Een Veldprediker in de Politiek: J.H. Scheps, yn: Het Veertiende Jaarboek voor het Democratisch Socialisme, Amsterdam, 1993, s. 139-175.
  • ――, Ik Ben Niet Socialist Omdat het Komt, Maar Opdat het Kome, yn: Elsevier, 7 july 1990 (fraachpetear).
  • Jansen van Galen, J., Ons Laatste Oorlogje, Weesp, 1984.
  • Jong Edz., F. de, Om de Plaats van de Arbeid, Amsterdam, 1956.
  • Koolhaas, M., Koude Oorlog in Finsterwolde, yn: Olink, H., ûnder redaksje fan, Wat Was de Vrede Mooi Toen het Nog Oorlog Was, De Haach, 1992.
  • ――, Parlementaire Geschiedenis van Nederland na 1945 III/B, Nijmegen, 1992.
  • Pasman, D., Johannes Hermanus Scheps in SDAP en PvdA 1930-1950, Amsterdam, 1984.
  • Roos, J. de, Besturen als kunst: Lokale Sociaal-democraten 100 Jaar Verenigd, Amsterdam, 2002.
  • Rovers, F., Voor recht en vrijheid: De Partij van de Arbeid en de Koude Oorlog 1946-1958, Amsterdam, 1994.
  • Ruitenbeek, H.M., Het Ontstaan van de Partij van de Arbeid, Amsterdam, 1955.
  • Schippers, H., Zwart en Nationaal Front, Amsterdam, 1986.
  • Wiedijk, C.H., Koos Vorrink, Groningen, 1986.