Euklides

Ut Wikipedy
Byldhouwurk fan Euklides yn it Palazzo ducale yn Feneetsje - Kapiteel 17

Euclides (Aldgryksk: Eukleídēs), ek Euklides fan Aleksandrië neamd, wie in Hellenistysk wiskundige, dy't om it jier 300 f.Kr. wurke yn de bibleteek fan Aleksanderje.

Nei Euklides wurdt faak ferwiisd as de "heit fan de mjitkunde". Hy wie yn de tiid fan Ptolemaeus I (323-283 foar Kr.) yn it hellenistyske Aleksanderje aktyf. Syn Eleminten is it meast súksesfolle hânboek en ien fan de ynfloedrykste wurken yn de skiednis fan de wiskunde. It die sûnt de publikaasje oant yn de lette 19e of iege 20e iuw tsjinst as it wichtichste learboek foar it ûnderwiis yn de wiskunde, (benammen de mjitkunde). Yn dit wurk wurde de begjinsels fan wat no de Euklidyske mjitkunde beneamd wurdt dedusearre út in lytse samling fan aksiomas. Euklides skreau ek wurken oer perspektyf, kegelsneden, bolmjitkunde, getalteory en striktheid.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]