Herman Wirth
Herman Felix Wirth (Utert, 6 maaie 1885 - Kusel, 16 febrewaris 1981) wie in Nederlânsk-Dutske filolooch, histoarikus en muzikolooch. Hy waard bekend mei syn wurk oer de foarskiednis fan de Aryers, dêr't er it Fryske folk in grut plak yn takende.
Neffens Wirth is it ûleboerd in âld kultussymboal. Wirth is yn Nederlân fral bekend wurden fan syn beskôgings oer it Oera Linda Boek (Die Ura Linda Chronik, 1933); hy ferdigene de echtheid fan grutte stikken fan it Oera Linda Boek. Wirth's wurk wurdt troch de wittenskip as fantastysk fersmiten.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wirth studearre Nederlânske filology, germanistyk, skiednis en muzykwittenskip en promovearre yn 1910 mei it proefskrift Der Untergang des Niederländischen Volksliedes. Hy joech les yn Nederlânske filology oan de Universiteit fan Bern. Yn de Earste Wrâldkriich stipe Wirth de Flaamske separatisten (de groep Jong-Vlaanderen yn it fan Dútslân besette Belgje en gie as frijwilliger nei it front. Hy waard yn 1916 troch keizer Wilhelm II beneamd ta heechlearaar sûnder learstoel.
Yn 1919 rjochte Wirth yn Nederlân in Völkische Bewegung op. Yn 1922 hold Wirth in lêzing foar it Fries Genootschap yn Ljouwert oer de uileborden en oudere zinnebeeldige teekens in Friesland[1] en yn 1923/24 joech er ierdrykskunde oan it gymnasium yn Snits.
Wirth sette him ta wenjen yn 1923 yn Marburch, mar hâlde kontakt mei Fryslân. Wirths publikaasje oer it Oera Linda Boek yn 1933 krige in soad omtinken en waard in wiere hype. Wirth seach yn it Oera Linda Boek de oerbibel fan de Germanen; Heinrich Himmler, haad fan de SS stipe him. Op 5 maaie 1934 waard Wirth's opfetting lykwols net erkend yn in iepenbier debat yn de aula fan de Berlynske universiteit. Fjouwer germanisten en skiedkundigen makken him ôf foar tûzenen minsken oer.
Yn 1935 wie Wirth mei Himmler en Richard Walter Darré de oprjochter fan it SS-ûndersyksprojekt Deutsches Ahnenerbe. Wirth waard it haad, mar waard rillegau ferfongen. Hy die dêrnei noch wol ûndersyk foar Ahnenerbe. Yn 1945 waard Wirth troch de Amerikaanske troepen foar twa jier fêstset. Dêrnei wykte er út nei Sweden. Yn 1954 kaam er werom yn Marburch, dêr't er as ûndersiker sûnder amt fierder libbe.
Wirths histoaryske en etnografyske stellingen waarden en wurde troch de wittenskiplike wrâld ôfwiisd en wurde net skoarre troch boarnen.
Publikaasjes[2]
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Der Untergang des niederländischen Volksliedes, De Haach, 1911 (proefskrift)
- Niederländisch-Deutsch, Berlyn, 1913
- Ein Hähnlein wolln'n wir rupfen: Neue Kriegslieder nach alten Texten und Weisen, Jena, 1914
- Vlämisch: Eine reiche Sammlung nützl. Gespräche m. Aussprachebezeichnung nebst systemat. Vokabular u. kurzgefasster Grammatik, Berlyn 1916
- Der Aufgang der Menschheit: Untersuchungen zur Geschichte der Religion, Symbolik und Schrift der atlantisch-nordischen Rasse, Jena, 1928
- Die heilige Urschrift der Menschheit: symbolgeschichtliche Untersuchungen diesseits und jenseits des Nordatlantik, Leipzich, 1936 (twa dielen)
- Was heißt deutsch? Ein Urgeistesgeschichtlicher Rückblick zur Selbstbesinnung und Selbstbestimmung, Jena, 1931
- Die Ura Linda Chronik, Leipzich, 1933
- Heilige Wende: Ein Zeitenspiel in 6 Aufz.; (1909); Übertr. aus d. Niederländ. u. Umarb. vom Verf., Leipzich, 1933
- Führer durch die erste urreligionsgeschichtliche Ausstellung "Der Heilbringer": Von Thule bis Galiläa und von Galiläa bis Thule, Berlyn, 1933
- Vom Ursprung und Sinn des Hakenkreuzes, yn: Germanien. 1933, H. 6, Leipzich, 1933.
- Urmonotheismus, 1955
- Die symbolhistorische Methode, Zeitschrift für Missionswissenschaft und Religionswissenschaft, jiergong 39, 1955
- Eurasische Prolegomena, 1955
- Um den Ursinn des Menschseins: die Werdung einer neuen Geisteswissenschaft, Wenen, 1960
- Der neue Externsteine-Führer, Wenen, 1969
- Die Frage der Frauenberge - eine europäische Gegenwartsfrage, Marburch oan de Lahn, 1972
- Allmutter : d. Entdeckung d. "altitalischen" Inschriften in d. Pfalz u. ihre Deutung, Marburch oan d. Lahn, 1974
- Führer durch das Ur-Europa-Museum: mit Einf. in d. Ursymbolik u. Urreligion, Marburch/Lahn, 1975
- Europäische Urreligion und die Externsteine, Wenen, 1980
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Wirth, Herman Felix.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk taalkundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk soldaat
- Dútsk skiedkundige
- Dútsk taalkundige
- Dútsk heechlearaar
- Dútsk publisist
- Dútsk soldaat
- Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich
- Pseudowittenskipper
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SS
- Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1885
- Persoan stoarn yn 1981