Springe nei ynhâld

O Brother, Where Art Thou?

Ut Wikipedy
O Brother, Where Art Thou?
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joel Coen
produsint Ethan Coen
senario Joel Coen
Ethan Coen
kamerarezjy Roger Deakins
muzyk T Bone Burnett
filmstudio Touchstone Pictures
Universal Pictures
Groupe Canal+
Working Title Films
Blind Bard Pictures
distribúsje Buena Vista Pictures Distribution
   (Noard-Am., Dútsl. & It.)
Momentum Pictures (F.K.)
Universal Pictures (F.K., Dútsl. & It.)
BAC Films (Frankryk)
United International Pictures (oar)
spilers
haadrollen George Clooney
John Turturro
Tim Blake Nelson
byrollen Charles Durning
Chris Thomas King
John Goodman
Wayne Duvall
Holly Hunter
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Frankryk
premiêre 22 desimber 2000
foarm langspylfilm
sjenre histoarysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget $26 miljoen
opbringst $71,9 miljoen
prizen 1 × Golden Globe
2 × Grammy Award

O Brother, Where Art Thou? is in Amerikaansk-Britsk-Frânsk histoarysk komeedzjedrama út 2000 ûnder rezjy fan Joel Coen, mei yn 'e haadrollen George Clooney, John Turturro en Tim Blake Nelson. De film is moderne satire dy't loskes basearre is op 'e Odyssee, it Aldgrykske epos fan Homearus. Sa komme der sirenen en in sykloop yn foar, wylst Ulysses de earste foarnamme is fan it personaazje fan Clooney. ("Ulysses" is de Latynske foarm en "Odysseus", de namme fan 'e haadpersoan fan 'e Odyssee.) It ferhaal giet oer trije ûntsnapte finzenen dy't yn it Mississippy fan 'e 1930-er jierren nei in ferburgen skat sykje, wylst de plysje harren op 'e hakken sit. Op harren omswalkings belibje se alderhanne nuvere dingen en komme se aparte figueren tsjin. De soundtrack fan O Brother, Where Art Thou? bestiet foar in grut part út countrymuzyk út 'e perioade dêr't de film yn spilet, dy't troch de film wer populêr waard. O Brother, Where Art Thou? krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar twa Oscars en wûn in Golden Globe (foar George Clooney) en twa Grammy Awards (foar de filmmuzyk).

De titel fan 'e film betsjut "O Broer, Wêr Binne Jy?" It set net sa maklik oer nei it Frysk, om't it Frysk eins net sokke heechdravende taal hat. Dêrom giet der by de fertaling frijwat oan betsjutting ferlern. It set better oer nei it Nederlânsk, dêr't it "O Broeder, Waar Zijt Gij?" wurde soe. De titel is in ferwizing nei de Amerikaanske film Sullivan's Travels, út 1941, wêryn't de protagonist in regisseur is dy't it fiktive boek O Brother, Where Art Thou? oer de Grutte Depresje ferfilmje wol. Dat moat in "kommentaar [wurde] op 'e moderne omstannichheden, neaken reälisme, en de swierrichheden dêr't de gewoane man mei te krijen hat". Om't er sels op dat mêd gjin inkele ûnderfining hat, set de regisseur ôf op in reis om soks sels foar it earst libbensliif te ûndergean, mar syn krewearjen wurdt sabotearre troch syn filmstudio, dy't frijwat senuweftich is oer syn ôfwiken fan 'e wenstige manear om films te meitsjen.

De finzenen út in tichthûs yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Mississippy wurde ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren as twangarbeiders bûtendoar oan it wurk set, wêrby't se by trijen oan in keatling sitte. Ien fan 'e mannen, Ulysses Everett McGill, dy't himsels Everett neame lit, fertelt de beide finzenen dêr't er oan fêst sit, dy't Pete en Delmar hjitte, dat er in finzenisstraf útsit foar in bankoerfal wêrby't er $1,2 miljoen bútmakke hat. Dat jild hat er ferstoppe op syn hiem, mei de bedoeling om it wer op te dobjen as er frijkomt. No hat er lykwols heard dat de delling dêr't syn hûs stiet, oer in dei as fiif ûnder wetter set wurde sil om in opslachmar te kreëarjen sadat by in keardaam hydro-elektrisiteit opwekke wurde kin. Mei oare wurden: hy moat sjen dat er binnen fiif dagen de bút opsiket, oars leit it op 'e boaiem fan 'e opslachmar en is er it kwyt. Sadwaande ûnthjit er Pete en Delmar elts in trêdepart fan 'e bút as se him helpe te ûntsnappen. Dêr hawwe de oare beide mannen wol earen nei, dat trijeresom pike se út.

As se by in spoarline komme, krije se in lift fan in âlde bline swarte man op in hânkarre. Dyselde blykt oer profetyske jeften te beskikken, en foarseit dat se nei gâns omdoarmings in skat fine sille, mar in oarenien as dêr't se nei sykje. It trijetal wit de wente fan Washington Bartholomew Hogwallop te berikken, byneamd Wash, in neef fan Pete. Dyselde makket harren boeiens los en set harren in miel foar, wêrnei't se har deljouwe yn it hea op 'e hynstetilingen boppe de skuorre. Midden yn 'e nacht wurde se rou wekker makke as de ûnmeilydsume sheriff Cooley en syn helpsheriffs de skuorre besingele hawwe. It docht bliken dat Wash it trio oanjûn hat om 'e preemje te ynkassearjen dy't harren op 'e holle set is. As se har net gau genôch oerjouwe, lit Cooley de skuorre yn 'e brân stekke. It trio wurdt lykwols rêden troch Wash syn jonge soan Boy, dy't neat fan 'e plysje hawwe moat en fynt dat syn heit in nuver misslach makke hat troch famylje oan 'e autoriteiten te ferrieden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei de stellen auto fan Wash reizgje de trije ûntsnapten fierder. Op in krúspunt yn nearnehuzen pikke se de jonge swarte muzikant Tommy Johnson op, dy't beweart dat er de ôfrûne nacht syn siel ferkocht hat oan 'e duvel yn ruil foar it fermogen om treflik gitaarspylje te kinnen. Hy wol no by in radiostjoerder dy kusten út in liet opnimme litte, mei't er heard hat dat de manager fan it radiostasjon dêr goed jild foar betellet. Everett-en-dy hawwe ek ferlet fan jild, dat se beslute mei Tommy te gean. Fjouweresom nimme se foar Lund, de bline manager, it countryliet Man of Constant Sorrow op. As Lund nei de namme fan harren band fernimt, tinkt Everett foar de hân wei de namme "The Soggy Bottom Boys" op. Dy nachts bliuwe se oer yn in ferlitten skuorre, mar om't it dêr stjonkt, beslute se yn 'e iepen loft te sliepen. Dat komt goed út, want Cooley en syn helpsheriffs hawwe harren spoar folge en besingelje de skuorre. Tommy pykt fuortendaliks út en Everett, Pete en Delmar beslute ek fan ruten te spyljen as dúdlik wurdt dat de auto as ferlern beskôge wurde moat.

De oare deis reizgje Everett, Pete en Delmar geandefoets fierder, oant se in lift krije fan in man yn in auto dy't sels ek troch de plysje efterfolge blykt te wurden. It is de manysk-depressive bankrôver Baby Face Nelson (al wurdt er tige lulk as er mei dy ûnwinske bynamme oantsjut wurdt). Tsjin wil en tank makket er Everett-en-dy mandélich oan in bankoerfal. Dy jûns, as er yn ien fan syn depressive riten ferkeart, skinkt er Everett-en-dy de hiele opbringst fan 'e oerfal fan dy deis en jout er him ôf. Underwilens groeit Man of Constant Sorrow, sûnder dat Everett en syn maten it witte, op 'e radio út ta in reuseftige hit. Der komme hieltyd mear fragen oer wa't dy mysterieuze 'Soggy Bottom Boys' wêze kinne. Inkeld de politike kampanje foar it gûverneurskip fan Mississippy, dy't giet tusken de sittende gûverneur "Pappy" O'Daniel en syn útdager Homer Stokes, is likefolle yn it nijs. O'Daniel is in grouwe âldkeardel en in troch en troch korrupt stik sjagryn, wylst Stokes in sympatike man yn syn middeljierren is, dy't stiet foar in yntegere foarm fan it bedriuwen fan polityk. Yn 'e opinypeilings leit O'Daniel fier efter op Stokes, ta syn eigen oanhâldende argewaasje.

By in benzinestasjon stelle Everett-en-dy in oare auto. Neitiid hearre se sjongen by in rivier. Se hâlde ho en ûntdekke trije jonge tsjeppe waskfroulju dy't op 'e rotsen oan 'e igge klean oan it waskjen binne. De mannen, dy't troch harren jierren fan finzenskip net folle wend binne op it mêd fan froulike skientme, reitsje alhiel oerémis en litte harren troch de ferliedlike froulju drogearje mei maïswhiskey oant se bewusteleas reitsje. As Delmar en Everett wer by sûpe en stút komme, fine se fan Pete inkeld syn klean werom, dy't njonken harren lizze yn 'e foarm fan in man, mar sûnder man deryn. As der in pod útkrûpt, bepraat Delmar himsels en letter ek Everett derfan dat de froulju heksen wiene, dy't Pete betsjoend en yn in pod feroare hawwe. Hy bewarret de pod soarchfâldich yn in âld skuondoaze, deabenaud dat er Pete hielendal kwytreitsje sil.

Yn in restaurant treffe Everett en Delmar de ieneagige bibelferkeaper Big Dan Teague, dy't harren oanpraat om it bestelde iten mei te nimmen foar in picknick en him dêr dan sels foar útnûget. Nei't er it iten efter de kiezzen hat, brekt Big Dan in stevige tûke fan in beam, dêr't er Delmar in wan bruien mei jout en Everett bewusteleas mei slacht. Dêrnei berôvet er harren fan alle jild fan 'e bankoerfal mei Baby Face Nelson. Hy fermoedet dat se yn 'e skuondoaze, dy't se sa sekuer bewekje, noch mear jild hawwe, mar as er dêr inkeld in pod yn oantreft, is er sa lulk dat er it bistke, ta grutte konsternaasje fan Delmar, deaknypt.

Om't Big Dan ek harren stellen auto stellen hat, moatte Everett en Delmar neitiid meiliftsje mei oaren om har bestimming op 'e tiid te berikken. Underweis sjocht Everett Pete mei oare finzenen twangarbeid ferrjochtsjen, mar it is mar in glimp yn it foarbygean en hy hâldt it foar gesichtsbedroch. Ienris oankommen yn Everett syn wenplak, sjogge se by in kampanjegearkomste fan Homer Stokes trije jonge famkes optreden as The Wharvey Gals. Everett wurdt dêr alhiel opsternaat fan. It docht bliken dat trije famkes syn dochters binne, dy't McGill hjitte. Syn frou Penny hat har lykwols fan him skiede litten nei't er yn 'e finzenis kaam, en lit syn dochters no blykber oantsjutte mei har famkesnamme Wharvey. Hy wurdt noch lulker as er fan syn dochterkes heart dat Penny harren ferteld hat dat hy dea wie. Everett siket Penny op en konfrontearret har dêrmei, mar sy hâldt him foar dat er yn 'e finzenis gjin kostwinner wêze kin wylst sy en harren seis, ûnderwilens sân dochters dochs ite moatte. Dêrom hat se in skieding oanfrege en om har hinne sjoen nei in bettere man en in nije heit foar de famkes. Dy hat se fûn yn Vernon T. Waldrip, de kampanjelieder fan Homer Stokes, mei wa't se moarn trouwe sil. Everett wynt him dêr sa oer op dat er slaanderij mei Vernon kriget, wêrby't er it gefjocht kânsleas ferliest.

Om 'e sinnen wat te fersetten geane Everett en Delmar nei de pleatslike bioskoop, dêr't troch harren sipiers ek in kloft yn keatlings boeide finzenen binnenbrocht wurdt. Diskear is der gjin twifel mooglik: ien fan 'e finzenen is Pete. Dy nachts brekke Everett en Delmar yn 'e barak yn dêr't de finzenen sliepe en befrije harren maat. Pete leit út dat de trije waskfroulju him ek drogearre hiene, wêrnei't se him fuortsleepten om him oan te jaan yn ruil foar de preemje dy't him op 'e holle set wie. Hy bychtet ek op dat er harren plan ferret hat. Doe't sheriff Cooley him mei de swipe joech, liet er gjin wurd los oer de skat dy't se opdolle sille, mar doe't der in stroppe foar him klearhongen waard, sloech er troch en hat er alles ferteld. Cooley en syn posse sille harren sadwaande perfoarst opwachtsje by Everett syn âlde hûs. Dêrop bychtet Everett op dat it neat útmakket, want der hat nea in skat west. Hy siet nammentlik net yn it tichthûs foar in bankoerfal, mar om't er him foar abbekaat útjûn hie sûnder dat er dêr de fereaske diploma's foar hie. Mar hy hie heard dat syn frou Penny mei fiif dagen wertrouwe soe, en hy moast sjen dat er dat tsjinkearde. Om Pete en Delmar mei te krijen, oan wa't er ommers mei keatlings fêstsiet, hong er sadwaande in ferhaal oer in skat op. De oaren, fral Pete, binne poerlulk oer dat bedroch. Pete hoegde noch mat twa wiken út te sitten en hy stelt him foar dat er foar it útbrekken noch grif fyftich jier derby krije sil.

De wurden dy't it trio dêroer hat ferstomje lykwols as se by fersin in gearkomste fan 'e rasistyske Ku Klux Klan (KKK) trappearje, mei grut baarnend krús en al. It docht bliken dat de Klanleden de swarte muzikant Tommy Johnson finzen nommen hawwe, dy't se fan doel binne te lynchen troch him op te hingen. Everett-en-dy komme in trijetal Klanleden oer it mad, slane dyselden bewusteleas en stelle harren wite mantels en maskere puntmûtsen. Ferklaaid as Klanleden ynfiltrearje se de gearkomste om Tommy te rêden. Mar Big Dan Teague, dy't ek in lid fan 'e Ku Klux Klan blykt te wêzen, rûkt de hierkrêm dy't de idelteuterige Everett altyd brûkt, skuort it trijetal de mûtsen ôf en makket harren bekend as ynkringers. Troch harren smoarge gesichten sjocht de readbemantele grand wizard, dy't de lieding oer de gearkomste hat, harren oan foar mulatten. Yn 'e gaos dy't dan ûntstiet, witte Everett, Pete en Delmar Tommy te befrijen. As se efterfolge drige te wurden, knipt Everett in keabel troch dêr't it reuseftige baarnende krús mei oerein holden wurdt. It krús komt del en ferplettereret Big Dan Teague. Everett-en-dy witte mei Tommy te ûntkommen.

Neitiid slagget it Everett om Pete, Delmar en Tommy te bepraten en help him om syn frou werom te winnen. Yn in bespotlike momkape as muzikanten mei lange grize burden ynfiltrearje se dyselde jûns in kampanjediner fan Homer Stokes, dêr't Penny ek is om't har ferloofde Vernon ommers by de kampanje Stokes belutsen is. Underwilens kringt ek Stokes syn politike rivaal Pappy O'Daniel dêr binnen, dy't it him yn 'e holle helle hat dat Vernon de reden is dat it mei de kampanje fan Stokes giet dat it slydjaget. Syn oplossing is om Vernon in baan by syn eigen kampanje oan te bieden, in oanbod dat Vernon lykwols wisberet ôfstegeret. Wylst Pete, Delmar en Tommy in ferske sjonge, dat live op 'e radio útstjoerd wurdt, besiket Everett om Penny, dy't fuort by it poadium sit, oer te heljen om 'e trouwerij fan moarn ôf te sizzen en by him werom te kommen. Al syn praten is lykwols om 'e nocht. As it orkest Man of Constant Sorrow ynset, moat Everett meisjonge. It publyk, sawol yn 'e seal as thús by de radio, ken him en syn maten dan mei-iens werom as de Soggy Bottom Boys en reägearret entûsjast.

Underwilens is ek Homer Stokes arrivearre, dy't let makke is troch trelit by syn foargeande gearkomste. Yn 'e auto docht er de reade mantel fan in grand wizard fan 'e Ku Klux Klan út. As er de seal binnen komt, ken er Everett-en-dy daliks werom as de ynkringers dy't de KKK-gearkomste yn 'e bulten jage hawwe. Hy lit de muzyk stil lizze en easket dat se arrestearre wurde. Dêrby komt er earlik út foar syn ekstreem-rjochtse rasistyske ideeën, dy't er beskôget as sa normaal dat it net nedich is om der in wurd oan te wijen. Hy wit syn gehoar oars altyd moai te bespyljen, mar diskear kriget er it publyk net mei. De minsken wolle nei The Soggy Bottom Boys harkje en Stokes bringt himsels hieltyd fierder yn 'e swierichheden, oant syn eigen oanhingers him mei iten begjinne te bekûgeljen. In kloft jongemannen pakt him op en smyt him it stedsje út, wêrnei't Everett-en-dy ûnder lûd jûchhei fan it publyk fierder gean kinne mei Man of Constant Sorrow. Pappy O'Daniel hat mei ferbjustering mar oanwaaksende blydskip tasjoen by wat der bard is. As it ferske út is, grypt er syn kâns om it publyk yn 'e seal en foar de radio foar him te winnen troch syn stipe út te sprekken foar Everett-en-dy en harren amnesty te jaan foar alle misdriuwen dy't se begien hawwe.

Mei Stokes is ek syn kampanjelieder Vernon út 'e graasje rekke, en fan in trouwerij tusken him en Penny kin no gjin sprake mear wêze. Ynstee seit Penny ta dat se wertrouwe sil mei Everett, op it betingst dat er har oarspronklike trouring ophellet, dy't se yn it buro yn harren âlde hûs lizze litten hat. Dat, de oare moarns sette Everett, Pete, Delmar en Tommy ôf nei Everett syn âlde hûs. Dêr lizze sheriff Cooley en syn mannen noch altyd op 'e loer, en de mannen wurde daliks finzen nommen. Cooley hat no syn nocht fan harren opstigings, dat hy lit trije grêven grave en is fan doel om harren daliks op te hingjen. Everett-en-dy protestearje dat se amnesty krige hawwe fan 'e gûverneur, mar kinne dêrfan gjin bewiis sjen litte. Se sizze dat it live útstjoerd is oer de radio, mar Cooley en syn mannen beskikke net oer in radio. Yn wanhope bidde de trije mannen ynmoedich oan God om harren te rêden. Fuort dêrnei wurde sy, Tommy, sheriff Cooley en syn posse en ek Everett syn âlde hûs fuortspield troch in tsûnamy fan wetter.

As se wer boppe wetter komme, beskôgje Pete en Delmar dat as it antwurd fan God op harren gebed, mar no't syn libben net mear direkt gefaar rint, ornearret Everett dat it gewoan it ommers al oankundige ûnder wetter setten fan 'e delling foar de opslachmar wie. Tommy klampet him fêst oan in buro dat foarby driuwt en dêr fynt Everett de ring yn. As er it sieraad lykwols oan Penny presintearret, blykt it net har trouring te wêzen, mar in er erfstik fan in muoike fan harres. Se ferklearret dat se allinne mar mei him trouwe wol mei har echte trouring. Everett besiket út te lizzen dat dy no op 'e boaiem fan in mar leit, mar it is om 'e nocht: hy sil derom dûke moatte.

George Clooney.
John Turturro.
Tim Blake Nelson.
haadrollen
personaazje                                                                      akteur/aktrise
Ulysses Everett McGill1 George Clooney
(sjongen: Dan Tyminski)
Pete John Turturro
(sjongen: Harley Allen)
Delmar O'Donnell Tim Blake Nelson
(sjongen: Pat Enright,
útsein by In the Jailhouse Now)


byrollen
personaazje akteur/aktrise                 
gûverneur fan Mississippy Menelaus "Pappy" O'Daniel2 Charles Durning
Tommy Johnson3 Chris Thomas King
"Big Dan" Teague4 John Goodman
Homer Stokes Wayne Duvall
(sjongen: Ralph Stanley)
Penny Wharvey McGill5 Holly Hunter
George "Baby Face" Nelson6 Michael Badalucco
sheriff Cooley7 Daniel von Bargen
Vernon T. Waldrip8 Ray McKinnon
Wash Hogwallop Frank Collison
Boy Hogwallop Quinn Casaway
Junior O'Daniel Del Pentacost
lid fan 'e stêf fan Pappy O'Daniel #2 J.R. Horne
lid fan 'e stêf fan Pappy O'Daniel #3 Brian Reddy
Lund9 (bline manager radiostjoerder) Stephen Root
de "Bline Profeet"10 Lee Weaver
"sirene" #111 Mia Tate
(sjongen: Emmylou Harris)
sirene #211 Musetta Vander
(sjongen: Alison Krauss)
sirene #311 Christy Taylor
(sjongen: Gillian Welch)
de "Lytse Man" (gimmick fan Homer Stokes) Ed Gale
winkelman yn hierprodukten Milford Fortenberry
helpsheriff mei megafoan Royce D. Applegate
French John Locke
klant yn platesaak Gillian Welch (cameo)
winkelbetsjinde yn platesaak A. Ray Ratliff
servearster April Hardcastle
deagraver #1 Isaac Freeman
deagraver #2 Wilson Waters jr.
deagraver #3 Robert Hamlett
fiktive ferzje fan harrensels The Cox Family
fiktive ferzje fan harrensels The Whites
mandolinespiler Dan Tyminski (cameo)
The Wharvey Gals Georgia Rae Rainer
Marianna Breland
Lindsey Miller

1) basearre op Odysseus út 'e Odyssee
2) dielt in namme mei Menelaos, in personaazje út sawol de Ilias as de Odyssee, mar yn 'e film spilet er de rol dy't de god Zeus yn Odyssee ferfollet; eins basearre op 'e Teksaanske gûverneur W. Lee "Pappy" O'Daniel
3) ek fan 'e echte bluesmuzikant Tommy Johnson wie it sizzen dat er op it krúspunt syn siel oan 'e duvel ferkocht hie om sa goed muzyk meitsje te kinnen; itselde ferhaal wurdt ek wol ferteld oer in oare muzikant, Robert Johnson
4) basearre op 'e sykloop Polyfemus út 'e Odyssee
5) basearre op Penélopé út 'e Odyssee
6) Baby Face Nelson wie yn 'e 1930-er jierren in echte, beruchte bankoerfaller
7) basearre op 'e god Poseidon út 'e Odyssee
8) basearre op 'e Frijers fan Penélopé út 'e Odyssee
9) basearre op Homearus sels
10) basearre op Tiresias út 'e Odyssee
11) basearre op 'e sirenen út 'e Odyssee

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O Brother, Where Art Thou? waard regissearre troch Joel Coen nei in senario fan himsels en syn broer Ethan Coen. De film begûn as in spontaan projekt doe't de bruorren Coen yn desimber 1997 úteinsetten mei in skript wêrfan't op dat stuit net dúdlik wie oft it ea ferfilme wurde soe. It wie hiel loskes basearre op it Aldgrykske epos de Odyssee, in wurk fan 'e dichter Homearus út omtrint 850 f.Kr. Opmerklik is dat de bruorren Coen eins de Odyssee nea lêzen hiene en it epos inkeld koene út oare adaptaasjes en de withoefolle ferwizings dernei yn 'e moderne Westerske popkultuer. Neffens harrensels wie akteur Tim Blake Nelson, dy't as klassikus ôfstudearre wie oan 'e Brown Universiteit yn Providence (Rhode Island), de iennichste op 'e hiele filmset dy't echt de Odyssee lêzen hie.

As produsint wie Ethan Coen by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures (in dochterûndernimming fan Disney), Universal Pictures, Groupe Canal+, Working Title Films en Blind Bard Pictures. Dêrmei wie O Brother, Where Art Thou? in Amerikaansk-Britsk-Frânske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $26 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Deakins, dy't yn oerlis mei de bruorren Coen in kleurekorreksje brûkte om 'e film in sepia (brúneftich) oansjen te jaan. Neffens Joel Coen waard dat dien om't de set "griener as Ierlân" wie, wylst sy in drûch, fertoarre lânskip toane woene mei goudene sinne-ûndergongen. De filmmuzyk waard fersoarge troch T Bone Burnett, dy't de soundtrack foar in grut part gearstalde út countrymuzyk út 'e 1930-er jierren.

Yn in fraachpetear mei de webside IndieWire fertelde Joel Coen yn 2000 dat er nei Phoenix (Arizona) reizge wie om akteur George Clooney persoanlik foar de haadrol yn O Brother, Where Art Thou? te freegjen. Clooney stimde dêr daliks mei yn, noch foar't er it senario lêzen hie, mei't er hold fan sels de minst súksesfolle fan 'e films fan 'e bruorren Coen. Om't er lykwols net daliks oanfielde hoe't er it personaazje fan Ulysses Everett McGill spylje moast, stjoerde er it skript op oan syn omke Jack yn Kentucky, dy't it foar him ynspriek op kassettebantsjes. Sa koe Clooney it him ûnder it autoriden eigen meitsje. Pas op 'e filmset die bliken dat omke Jack, dy't in fromme baptist wie, alle krêftwurden út it skript weilitten hie.

De cast fan O Brother, Where Art Thou? bestie fierders foar in grut part út âlde bekenden fan 'e bruorren Coen. Sa wie it de fjirde kear dat John Turturro yn ien fan harren films spile. Oare akteurs dy't earder yn harren films te sjen west hiene, wiene John Goodman (trije kear), Holly Hunter (twa kear), Charles Durning (twa kear) en Michael Badalucco (ien kear).

De opnamen foar O Brother, Where Art Thou? fûnen plak yn 'e simmer fan 1999. De film waard hielendal op lokaasje opnommen yn 'e omkriten fan Canton (Mississippy) en Florence (Súd-Karolina).

De distribúsje fan O Brother, Where Art Thou? waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch Buena Vista Pictures Distribution; yn it Feriene Keninkryk troch Universal Pictures y.g.m. Momentum Pictures; yn Frankryk troch BAC Films; yn Dútslân en Itaalje troch Buena Vista Pictures Distribution y.g.m. Universal Pictures; en yn 'e measte oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 13 maaie 2000 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, en dêrnei op 19 oktober fan dat jier op 'e fiering fan it Amerikaansk Film Ynstitút (AFI). Op 22 desimber 2000 gied er yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 5 desimber by Lost Highway, in label fan 'e Universal Music Group Nashville en by platemaatskippij Mercury Records.

Fan 'e filmkritisy krige O Brother, Where Art Thou? oer it algemien positive resinsjes. De foaroansteande resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie it dêr net mei iens en parte de film mar 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat alle sênes yn 'e film "op har eigen wize prachtich wiene, en dochs ferliet ik de film ûnwis en ûntefreden." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat O Brother, Where Art Thou? lykwols in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 154 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol er net sa goed is as de klassikers fan 'e bruorren Coen, lykas Blood Simple, is it hearlik eksintrike O Brother, Where Art Thou? dochs noch hiel leuk." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet O Brother, Where Art Thou? in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 30 resinsjes.

O Brother, Where Art Thou? brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $45,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $26,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $71,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $26 miljoen betsjut dat in winst fan $45,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2001 waard O Brother, Where Art Thou? by de Oscars nominearre foar de prizen yn 'e kategoryen bêste adaptearre senario en bêste kamerarezjy. By de Golden Globes waard de film nominearre foar de priis foar bêste film (musical of komeedzje). Haadrolspiler George Clooney wûn de Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje. De soundtrack fan O Brother, Where Art Thou? wûn de Grammy Awards foar album fan it jier en bêste kompilaasjesoundtrackalbum foar fisuele media, en krige in earfolle fermelding by de BMI Film & TV Awards. Fierders waard de film nominearre foar de Gouden Palm op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, 3 BAFTA's, 5 Satellite Awards en 2 MTV Movie Awards.

Ynfloed op 'e muzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Soggy Bottom Boys binne de fiktive band dy't de haadpersoanen yn O Brother, Where Art Thou? foarmje, earst om wat jild te fertsjinjen en letter sadat Everett yn 'e buert fan syn eks-frou Penny komme kin. Der is wol suggerearre dat de namme eins in oade is oan 'e Foggy Mountain Boys, in echte bluegrassband fan û.o. Lester Flatt en Earl Scruggs. Yn 'e film binne de ferskes fan 'e Soggy Bottom Boys neisyngronisearre mei it stimlûd fan echte sjongers, útsein dat akteur Tim Blake Nelson echt sjongt yn it liet In the Jailhouse Now.

De hit fan 'e Soggy Bottom Boys yn 'e film is it liet Man of Constant Sorrow fan Dick Burnett, dat al langer bestie en foarôfgeande oan 'e premiêre fan 'e film in protte súkses hân hie. Nei it útkommen fan O Brother, Where Art Thou? waarden de fiktive Soggy Bottom Boys sa populêr, dat de countrymuzikanten dy't oan 'e film meiwurke hiene mei-inoar de Feriene Steaten troch reizgen op it toernee Down from the Mountain. Fan 'e konserten waarden tillefyzjeregistraasjes makke en kamen dvd's út. De dielnimmers oan it toernee wiene û.o. Emmylou Harris, John Hartford, Alison Krauss, Chris Sharp, Ralph Stanley, Dan Tyminski en Gillian Welch.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.