Krêftwurd
In krêftwurd of krêftterm is in wurd of fraze (rige byinoar hearrende wurden) dy't ornaris troch immen útsprutsen wurdt as hy of sy earne kjel fan wurdt, him of har sear docht of earne (tige) ûntefreden oer is. Guon lju hawwe foar de moade om al har spraakgebrûk ôf te meitsjen mei krêftwurden om gjin oare reden as dat se har dat oanwûn hawwe. Yn 'e regel brûkt men sokke wurden of frazen lykwols as it jin ûntkomt troch skrik of pine, of om by ûntefredenens frustraasje ôf te reägearjen. By it uterjen fan krêftwurden is de letterlike betsjutting fan 'e wurden oer it algemien net fan belang, mar inkeld de gefoelens dy't de wurden útdrukke.
Krêftwurden binne almeast koarte útroppen, dy't ornaris oanstjitjaande wurden of útdrukkings omfiemje. Yn fatsoenlik selskip of by offisjele gelegenheden binne krêftwurden dan ek taboe. In flokwurd is in bysûndere foarm fan in krêftwurd, dat in ferwizing befettet nei God of eat oars dat as hillich beskôge wurdt. In krêftwurd is net itselde as in skelwurd, in ferwinsking of in mislediging. Sokke uterings binne tsjin in persoan rjochte, wylst in krêftwurd inkeld útdrukking jout oan ûnfrede oer de sitewaasje.
It útslaan fan krêftwurden by skrik, pine of frustraasje kin by in soad minsken ta opluchting of ferromming liede. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat proefpersoanen troch te flokken sels langer pine ferdrage koene, en dat de pine troch harren dan as minder slim ûnderfûn waard, hoewol't er objektyf sjoen like slim wie as by proefpersoanen dy't net flokke mochten. Neffens oar ûndersyk soe it brûken fan krêftwurden ek in posityf effekt hawwe kinne op fysike training.
Foarbylden fan krêftwurden binne:
- it neamen (yn 'e regel útroppen) fan ûnfatsoenlike nammen foar geslachtsorganen (kut, kloate);
- it ferwizen nei seksuele aktiviteit (fuck);
- it brûken fan ûnfatsoenlike oantsjuttings foar lichemsfloeistoffen of trochgong (stront, shit, miich, seik);
- it neamen fan deadlike of histoarysk deadlike sykten (kanker, kleare, tearing, tyfus);
- it neamen fan potinsjeel deadlike waarsferskynsels (bliksem);
- it brûken fan flokwurden (ferdomd noch ta, godferdomme, jezus kristus).
In protte krêfftermen wurde yn it deistich libben ek as pejorative eigenskipswurden of foarheaksels brûkt, bygelyks:
- Wat in kutstreek!
- Wat in shitdei!
- Wat in kloatesoai!
- Romje dy ferdommese tyfustroep no in kear op!
- Ik ha hjir sa fucking skjin myn nocht fan!
- Dy hiele bliksemse binde mei om my wol yn 'e stront sakje!
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |