John Goodman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jonathan Stephen "John" Goodman (Affton (Missoury), 20 juny 1952) is in Amerikaansk film- en tillefyzje-akteur.

Hy spile ûnder mear fan 1988 oant en mei 1997 Dan Conner yn de komeedzjerige Roseanne; dêrfoar krige er yn 1993 in Golden Globe. Njonken dat waarden him mear as fyftjin oare aktearprizen takend, ûnder oaren American Comedy Awards yn 1989 en 1990 (beide foar Roseanne), in Primetime Emmy Award yn 2007 (foar syn gastrol yn Studio 60 on the Sunset Strip) en in National Board of Review Award yn 2012 (foar al syn rollen yn Argo, Flight, ParaNorman en Trouble with the Curve).

Nei de highschool en in dramaoplieding oan de Universiteit fan Missouri wie Goodman in skoft as útsmiter. Goodman speelde in de Broadwaymusical Big River de heit fan Huckleberry Finn. Op tillefyzje wie er faak te sjen yn it sketchprogramma Saturday Night Live.

Goodman boaske yn 1989 oan Annabeth Hartzog, mei wa't er yn 1990 dochter Molly krige.


Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

* Sûnder goed 10 telefyzjefilms</smal>


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]