Valerian and the City of a Thousand Planets

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Valerian and the City of
a Thousand Planets
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Valerian and the City of a Thousand Planets logo.png
makkers
regisseur Luc Besson
produsint Luc Besson
Virginie Besson-Silla
senario Luc Besson
basearre op de strip fan Pierre Christin
   en Jean-Claude Mézières
kamerarezjy Thierry Arbogast
muzyk Alexandre Desplat
filmstudio EuropaCorp
Groupe TF1
Fundamental Films
BNP Paribas
Orange S.A.
Novo Pictures
River Road Entertainment
Belga Films Fund
distribúsje EuropaCorp (Jeropa)
Lionsgate Films (Britske Eil.)
STX Entertainment (Fer. St.)
spilers
haadrollen Dane DeHaan
Cara Delevingne
byrollen Arün Filitt
Rihanna
Sam Spruell
Ethan Hawke
Herbie Hancock
John Goodman
skaaimerken
lân/lannen Flag of France.svg Frankryk
Flag of the People's Republic of China.svg Sina
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Belgium (civil).svg Belgje
premiêre 17 july 2017
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 137 minuten
budget en resultaten
budget €197 miljoen
opbringst $225,2 miljoen

Valerian and the City of a Thousand Planets is in Ingelsktalige Frânsk-Sineesk-Amerikaansk-Belgyske science fiction-aventoerefilm út 2017 ûnder rezjy fan Luc Besson, mei yn 'e haadrollen Dane DeHaan en Cara Delevingne. It ferhaal is basearre op 'e Frânske science fiction-stripsearje Valérian et Laureline, fan Pierre Christin en Jean-Claude Mézières, en giet oer twa plysje-ofsieren fan 'e Feriene Minsklike Federaasje dy't yn 'e fiere takomst besykje en bewarje frede en oarder tusken de ferskillende bûtenierdske rassen dy't de Molkewei bewenje. De film waard troch Besson en syn frou Virginie Besson-Silla produsearre op basis fan ynvestearrings fan lytse filmstudio's oanfolle mei crowdfundingsaksjes. Mei in budget fan krapoan 200 miljoen wie Valerian and the City of a Thousand Planets sawol de djoerste Jeropeeske as de djoerste ûnôfhinklike film ea makke. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't krityk hiene op 'e plot en de casting, mar lof foar de fisuële effekten. Hoewol't de film yn 'e bioskopen mear opbrocht as it produksjebudget, kaam er fanwegen de hege marketingútjeften net út 'e kosten.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch oanhâldende gearwurking, earst tusken de ûnderskate lannen en territoaria fan 'e Ierde, en letter tusken de minskheid en bûtenierdske rassen, groeit it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS meitiid út ta sa'n grutte massa dat it de Ierde út syn baan om 'e Sinne driget te lûken. Dêrom wurdt der in foarm fan oandriuwing oan fêstmakke, en wurdt it romtestasjon op in ûneinige reis troch de Molkewei stjoerd. Sa groeit it meitiid út ta Alpha, in romtereizgjende stêd dy't bewenne wurdt troch miljoenen wêzens dy't ôfkomstich binne fan tûzenen planeten. De Feriene Minsklike Federaasje, it wrâldregear dêr't alle lannen en territoaria fan 'e Ierde yn fertsjintwurdige binne, rjochtet in spesjale plysjedifyzje op dy't út Alpha wei operearret mei as taak om 'e frede en oarder yn 'e hiele Molkewei te hanthavenjen. Yn 'e 28e iuw binne twa fan 'e ofsieren fan dy plysjetsjinst de soargeleaze majoar Valerian en syn partner, de no-nonsense sersjant Laureline.

Underweis foar in misje kriget Valerian in dream oer in planeet, Mül, dêr't in leech-technologysk humanoïde ras fan bûtenierdske wêzens fredich in paradyslik bestean liedt. De bewenners fan 'e planeet fiskje nei pearels dy't in ûnbidige soad enerzjy befetsje, en brûke lytse bisten, dy't fan natuere op Mül foarkomme en dy't it fermogen hawwe om alles te duplisearjen dat se opfrette, om 'e pearels te fermannichfâldigjen. Sûnder warskôging begjinne wrakstikken út 'e loft te fallen, wêrûnder in romteskip dat troch de bemanning ferlitten is, mar dat struktureel noch yntakt is. De keizer fan Mül giet mei in grutte entoeraazje op ûndersyk út yn it skip, dêr't se fêst komme te sitten as de doar tichtlutsen wurdt en net wer iepen kin. Op dat stuit stoart in reuseftich romteskip del op 'e planeet, wat in ûntploffing fan sa'n swierte feroarsaket, dat de hiele wrâld ferneatige wurdt en alle libben omkomt, útsein de keizer en syn entoeraazje, dy't foar de gefolgen fan 'e ûntploffing beskerme wurde troch it skip dêr't se har yn befine. De prinsesse Lihö-Minaa befynt har lykwols bûten it skip en har âlden binne tsjûge fan har dea. Op it momint dat se stjert stjoert se, sa't alle bewenners fan Mül dat dogge, in telepatysk boadskip út.

As Valerian wekker wurdt, is er rare oandien, en de nuvere dream bliuwt him by. As er himsels analysearje lit troch Alexa, de boardkompjûter fan syn romteskip, docht bliken dat de dream it gefolch is fan in telepatysk sinjaal dat er troch tiid en romte hinne opfongen hat. Neitiid ferfolgje hy en Laureline, syn partner mei wa't er oanhâldend mar om 'e nocht in romantyske relaasje besiket te begjinnen, harren misje nei de planeet Kirian. Dêr moatte se yn 'e multy-diminsjonale bazar fan Big Market in 'Mül-omsetter' sjen te besetten, in wêzentsje dat alles replisearje kin dat er opfret. It giet om 'e lêste libbene Mül-omsetter, dy't op it stuit yn 'e hannen is fan in swarthanneler mei de namme Igon Siruss. Nei't se op Kirian arrivearre binne, mar ear't se los faninoar op misje geane, freget Valerian ympulsyf oan Laureline om mei him te trouwen, mar hja stegeret him skodholjend ôf, net om't se gjin belangstelling foar him hat, mar om't se mient dat er net oprjocht is en om't se net ien fan 'e withoefolle românses wurde wol dy't Valerian earder al mei oare froulike kollega's hân hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Valerian ûnderbrekt yn Big Market, yn in sône dêr't de tagong foar minsken ferbean is, in moeting fan Igon Siruss mei in pear keapers fan 'e Mül-omsetter, dy't as twa drippen wetter lykje op 'e humanoïden út syn dream. De Mül-omsetter blykt ek itselde soarte bist te wêzen as er yn syn dream sjoen hat. Foar't Valerian útpykt mei it bistke, stelt (of konfiskearret) er ek de pearel wêrmei't de beide humanoïden Igon Siruss foar de Mül-omsetter betelje woene. Hy wurdt efterfolge troch in ferskuorrend hagediseftich húsdier dat Igon Siruss op him ôfstjoert, mar mei help fan Laureline wit er sawol oan it bist as oan 'e swierbewapene trewanten fan 'e swarthanneler te ûntkommen. Werom oan board fan harren romteskip ûntdekt Valerian dat de planeet Mül tritich jier earder ferneatige is, mar dat alle ynformaasje dêroer klassifisearre is as steatsgeheim.

Nei't se weromkeard binne yn Alpha, ynformearret harren ûnsympatike oerhearrige, kaptein-luitenant Arün Filitt, harren dat it binnenste fan 'e grutte romtestêd besmet rekke is mei radioaktive strieling, en dat it gebiet dat dêrmei oanhelle is, almar flugger grutter groeid. Troepen dy't nei it besmette gebiet ta stjoerd binne, dêr't kommunikaasje net mooglik is, binne net weromkeard. Filitt beskôget de him ferspriedende strieling as in militêre oanfal fan in fijân. It fuortbestean fan Alpha stiet op it spul, dat der moat no hiel gau en op ûnmeilydsume wize mei dy fijân ôfweefd wurde. Valerian en Laureline wurde troch de minister fan Definsje as persoanlike liifwachten oan Filitt tafoege. Om Filitt hie dat net hoegd, mar hy kin der neat tsjinyn lizze. As se har nei in spoedgearkomste bejouwe, dêr't alle rassen dy't Alpha bewenje, fertsjintwurdige binne, behâldt Laureline de soarch foar de Mül-omsetter, op 'e nij tsjin 'e winsken fan Filitt yn.

It blykt lykwols in ferstannich idee te wêzen as de gearkomste hommels oerfallen wurdt troch de humanoïden fan Mül, dy't alle oanwêzigen ûnskeadlik meitsje troch se te besproeien mei in tsjûke laach slym, wêrnei't se Filitt ûntfiere. Valerian is de iennichste dy't sels oan 'e húl fan bedrûge slym wit te ûntkommen, en hy befrijt Laureline. Wylst Laureline en generaal Okto Bar him út 'e kontrôlekeamer wei oanwizings jouwe, set Valerian de efterfolging yn op 'e ûntfierders, earst te foet, mar letter yn syn romtskip. It slagget him lykwols net om de ûntfierders te pakken te krijen; se liede him nei it radioaktive diel fan Alpha ta, dêr't er syn romteskip crasht. Laureline wol him efternei, mar generaal Bar wol net syn beide bêste minsken op ien dei ferlieze, en lit har finzensette. Se ûntsnapt lykwols mei gemak en wit mei de help fan in trio yrritante bûtenierdske ynformaasjehannelers en in âld piraat yn in dûkboat op bizarre wize yn it akwatyske diel fan Alpha de krekte lokaasje fan Valerian te efterheljen.

Laureline treft de bewusteleaze Valerian oan persiis dêr't se him ferwachte, en wit him by te bringen. Underwilens stelt se fêst dat der yn it 'ynfektearre diel' fan Alpha gjin radioaktive strieling is en dat de lucht der gewoan sykhelle wurde kin. Fuort letter wurdt Laureline lykwols ûntfierd troch de Boulan Bathors fan 'e planeet Goara, dy't deunby yn Alpha in koloanje hawwe. Mei de help fan in stalferwikseljend wêzen dat Bubble hjit, dy't er moetet yn 'e rôze buert Paradise Alley, kringt Valerian de koloanje fan 'e Boulan Bathors binnen. Dêr arrivearret er krekt op 'e tiid om foar te kommen dat de harsens fan Laureline as delikatesse opiten wurde troch de keizer fan 'e Boulan Bathors. Se witte te ûntsnappen, mar Bubble rekket dêrby deadlik ferwûne. Ear't se stjert, flústeret se Valerian ta dat er syn wrakseling om Laureline foar him te winnen net opjaan moat.

As se fierder yn it saneamd radioaktive gebiet trochkringe, ûntdekke Valerian en Laureline yn it sintrum dêrfan, yn 'e neite fan ferskate wrakken fan antike romteskippen, de oerlibbenen fan 'e ferwoastging fan Mül, dy't yn in grutte, frijwol lege romte libje dy't der útsjocht as in fabrykshal. Dêr treffe se ek de bewusteleaze kaptein-luitenant Filitt oan. De lieder fan 'e humanoïden, dy't harrensels de 'Pearels fan Mül' neame, is keizer Haban Limaï. Dyselde leit oan Valerian en Laureline út dat syn folk in freedsum bestean op harren thúswrâld late, oant de floaten fan 'e Feriene Minsklike Federaasje en de Súdlike Territoaria, in oare bûtenierske faksje, yn 'e romte fuort by de planeet in slach útfochten sûnder acht te slaan op hokker gefolgen dat foar de wrâld ûnder harren hawwe soe. Filitt, de befelfierder fan 'e minsklike float, joech befel ta de ynset fan trije krêftige termonukleêre wapens, dy't it fijannige flaggeskip ferrinnewearren en troch de atmosfear hinne delstoarte lieten op 'e it oerflak fan 'e planeet. Dy waard dêrtroch folslein ferwoastge.

De prinsesse Lihö-Minaa kaam dêrby om, krekt as seis miljoen oare Pearels. Inkeld de keizer en syn entoeraazje, dy't finzen sieten yn in oar, folle lytser, delstoart skipswrak, oerlibben de ramp. Nei't Mül yn stikken barsten wie, dreau dat skipswrak jierrenlang yn 'e romte om. Yn dy tiid learden de Pearels hoe't se de minsklike technology oan board reparearje moasten en holden se har yn libben mei it iten foar de minsklike bemanning. Uteinlik waard it wrak mei oare omdriuwkjende brokstikken gearfandele troch skroathannelers, dy't nea ûntdieken dat dit iene wrak bewenne waard. Se brochten it nei Alpha, sadat de materialen recycle wurde koene. De Pearels krongen doe temûk de romtestêd binnen en setten har deun by de kearn nei wenjen. Se bestudearren alle ferskillende bûtenierdske rassen dy't dêr libben en learden dingen fan allegear, oant se úteinlik by steat wiene om in eigen romteskip te bouwen. Hoewol't se nea wer weromkinne nei harren eigen wrâld, hawwe se de technology boud om fan 'e grutte hal in holografyske neibearing fan Mül te meitsjen. It iennichste dat harren noch ûntbrekt is de enerzjypearel dy't Valerian op Kirian yn beslach nommen hat (de iennichste dy't se fan Mül rêden hawwe) en de Mül-omsetter om dy pearel te replisearjen, sadat se harren skip en holografyske hal mei de enerzjy út 'e pearels oandriuwe kinne.

As Valerian en Laureline Filitt ûnderfreegje, jout dy syn rol yn 'e genoside ta, mar hy wegeret ta te jaan dat er wat fout dien hat. Ynstee hâldt er út dat it beëinigjen fan 'e oarloch folle wichtiger wie as it fuortbestean fan in primitive beskaving. Neitiid hat er út alle macht besocht om syn oarlochsmisdie geheim te hâlden, sabeare om't oars de minsken út Alpha ferballe wurde soene troch de oare rassen. Valerian en Laureline litte har neat wiismeitsje, en oppenearje dat Filitt gewoan de konsekwinsjes fan syn dieden besiket te ûntrinnen. As de kaptein-luitenant opsternaat wurdt, slacht Valerian him bewusteleas. Dêrnei jout er de pearel werom oan 'e Pearels, en, op oantrúnjen fan Laureline, ek de Mül-omsetter, hoewol't dat rjocht tsjin harren oarders yngiet. De Pearels fuorje de iene pearel op oan 'e Mül-omsetter, dy't daliks hûnderten fan 'e dingen begjint út te skiten.

Underwilens hat generaal Okto Bar in detasjemint swierbewapene soldaten nei it radioaktive gebiet stjoerd, yn it selskip fan in ôfdieling K-Tron-gefjochtsrobots fan Filitt. Ut in antike, mar noch funksjonearjende Apollo Command/Service Module wei, dy't yn 'e kontrôlekeamer fan Alpha identifisearre wurdt as de Destiny 2005, nimt Laureline kontakt op mei generaal Bar. Se wit him krekt op 'e tiid te bewegen de oanfal stop te setten. Dêrop sette de troch Filitt foarprogrammearre gefjochtsrobots lykwols de oanfal yn op sawol de soldaten fan Bar as de Pearels fan Mül. Tagelyk falle inkelen fan deselde robots de kontrôlekeamer binnen om Bar en syn ûnderhearrigen te deadzjen. Valerian wit de gefjochtsrobots yn 'e kearn út te skeakeljen, wylst Bar-en-dy de oanfal op 'e kontrôlekeamer dwerseidzje. De Pearels fan Mül brûke de replisearre pearels om harren romteskip en de holografyske hal op te starten en pike út. As de oerlibjende soldaten fan it troch Bar stjoerde detasjemint letter trochkringe op it plak dêr't de Pearels harren skip boud hiene, treffe se dêr inkeld in opsternate fêstbûne kaptein-luitenant Filitt oan. Bar jout harren befel om 'e man te arrestearjen. De Pearels litte Valerian en Laureline op twa ljochtoeren ôfstân fan Alpha efter yn 'e Destiny 2005. Wylst se wachtsje oant se rêden wurde, beäntwurdet Laureline einlings Valerian syn houliksoansyk, mei "miskien".

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Valerian Dane DeHaan
Laureline Cara Delevingne


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein-luitenant Arün Filitt Clive Owen
Bubble Rihanna (foar it meastepart as stimaktrise)
generaal Okto Bar Sam Spruell
Jolly de poaier Ethan Hawke
minister fan Definsje Herbie Hancock
Igon Siruss John Goodman (as stimakteur)
sersjant Neza Kris Wu
de presidint fan 'e Wrâldsteatsfederaasje Rutger Hauer (cameo)
keizer Haban Limaï Elizabeth Debicki (as stimakteur)
prinsesse Lihö-Minaa Sasha Luss (as stimakteur)
majoar Gibson Ola Rapace
Bob de piraat Alain Chabat
Camelot op Big Market Mathieu Kassovitz
K-Tron-robot / soldaat yn kontrôlekeamer Jonas Bloquet
Jessica Rabbit-wêzen Sand Van Roy
sersjant Cooper Gavin Drea
toergids Thaziit Eric Lampaert
sersjant yn kontrôlekeamer Claire Tran
trio ynformaasjehannelers Thom Findlay (as stimakteur)
kaptein dy't de Mercury's ferwolkommet Louis Leterrier
kaptein dy't de KCO2's ferwolkommet Olivier Megaton

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Frânske regisseur Luc Besson de science fiction-stripsearje Valérian et Laureline, fan tekstskriuwer Pierre Christin en striptekener Jean-Claude Mézières, geweldich fûn doe't er jong wie, tocht er der nea serieus oer nei om der in film op te basearjen, oant er yn 1996 The Fifth Element (1997) makke. Yn 'e preproduksjefaze fan dy film frege Besson oan Mézières om mei te wurkjen oan 'e ûntwikkeling fan 'e bûtenierdske wêzens dy't dêryn te sjen wiene. Mézières woe doe fan him witte wêrom't er "dizze weardeleaze film" makke en net ynstee Valerian.

Doedestiden wie Besson fan miening dat in film basearre op Valérian et Laureline ûnmooglik te meitsjen wie fanwegen it feit dat der folle mear bûtenierdske wêzens as minsken yn foarkamen. Doe't James Cameron yn 2009 Avatar útbrocht, kaam him dat sawol goed as min út. Besson sei dêroer: "Oangeande technyk wie my dúdlik dat no alles mooglik is. De film bewiisde dat ynbyldingsfermogen de iennichste beheining is." Oan 'e oare kant fûn er dat Cameron "de latte sa freeslike heech lein hie." Dêrtroch rekke er derfan oertsjûge dat it senario foar Valerian and the City of a Thousand Planets, dat er doe al klear hie, net goed genôch wie. Sadwaande werskreau it fan begjin oant ein.

As oankommend filmprojekt waard Valerian and the City of a Thousand Planets foar it earst oankundige yn 2012. De beide haadrolspilers, Dane DeHaan en Cara Delevingne, waarden yn maaie 2015 kontraktueel fêstlein. Foar de film brocht Besson troch ynvestearrings fan lytse filmstudio's en crowdfundingsaksjes in budget fan 197 miljoen gear. Dêrmei wie it fierwei de djoerste Frânske film ea makke (foartiid wie dat rekôr yn 'e hannen fan Astérix aux Jeux Olympiques (2008), dy't €78 miljoen koste hie). It wie ek de djoerste Jeropeeske film en de djoerste ûnôfhinklike film ea makke.

Yn augustus 2015 brocht Besson yn in fraachpetear op 'e Lúksemboarchske radiostjoerder RTL út, dat er graach 1.200 Frânske banen kreëarje woe troch Valerian and the City of a Thousand Planets yn Paryske filmstudio's op te nimmen, mar dat it meitsjen fan 'e film yn Frankryk simpelwei te djoer wie. Om't it in Ingelsktalige film wie, kaam it projekt nammentlik net yn oanmerking foar belestingfoardielen dy't wol gouwen foar Frânsktalige films. Dêrop waarden de regels foar sokke belestingfoardielen halje-trawalje oanpast, sadat de film dochs yn Parys makke wurde koe.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen fan Valerian and the City of a Thousand Planets setten op 5 jannewaris 2016 útein yn sân soundstages yn 'e Cité du Cinéma-studio yn Parys. Besson regissearre de film op basis fan in senario dat er sels skreaun hie. Dêrnjonken wied er tegearre mei syn frou, Virginie Besson-Silla, ek as produsint by de film belutsen, foar de filmstudio's EuropaCorp, Groupe TF1, BNP Paribas, Orange S.A., Novo Pictures, it Sineeske Fundamental Films, it Amerikaanske River Road Entertainment en it Belgyske Belga Films Fund. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Thierry Arbogast, wylst de filmmuzyk komponearre waard troch Alexandre Desplat.

Yn totaal waarden der 2.734 fisuële effekten tafoege oan Valerian and the City of a Thousand Planets, dy't benammen te krijen hiene mei it uterlik fan 'e bûtenierdske rassen. Sa wiene de 'Pearels fan Mül' folsleine syntetyske kreaasjes dy't makke wiene troch Weta Digital op basis fan motion-capturetechnyk mei echte akteurs. Oare special effects waarden fersoarge troch Industrial Light and Magic (ILM) en Rodeo FX. It tafersjoch oer alle special effects lei yn 'e hannen fan Scott Stokdyk.

Premiêre en publikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmdistribúsje fan Valerian and the City of a Thousand Planets waard op it fêstelân fan Jeropa fersoarge troch EuropaCorp, yn it Feriene Keninkryk en Ierlân troch Lionsgate Films en yn 'e Feriene Steaten troch STX Entertainment. De galapremiêre fan 'e film wie op 17 july 2017 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood. De film iepene op 20 july yn 'e Israelyske op 21 july yn 'e Amerikaanske, op 26 july yn 'e Frânske en op 2 augustus yn 'e Britske bioskopen.

Op 7 novimber 2017 waard Valerian and the City of a Thousand Planets útbrocht as digitale download en op 21 novimber 2017 op dvd en blu-ray. It soundtrackalbum Valerian and the City of a Thousand Planets Score waard útrocht op 21 july 2017, as LP, cd en digitale download.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Valerian and the City of a Thousand Planets krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside IndieWire priizge David Ehrlich de film om't er sa "ûnferûntskuldigjend idiosynkratysk" wie, hoewol't er ek skreau: "de libbenens fan dit plak [Alpha] ûnderstreket inkeld de libbenleazens fan 'e persoanen dy't ús dertrochhinne liede." Hy besleat mei: "Dochs is elts ekskús om dit plak te besykjen de muoite wurdich." Op /Film omskreau Peter Sciretta de earste helte fan Valerian and the City of a Thousand Planets as "ûnfoarsisber en spikergek", wylst er de twadde helte "mear neffens in fêste formule ôfwurke" en "folle minder opwinend" fûn. Nettsjinsteande dat rette er eltsenien oan en sjoch de film yn 3D "op it grutst mooglike skerm".

Yn it tydskrift The A.V. Club skreau Ignatiy Vishnevetsky dat it "seldsum is […] om in film te sjen dy't sa ekstravagant is en ek oanfielt, oft dat no in foardiel of in neidiel is, as it wurk fan ien-en-deselde persoan. De langere aksjesênes kinne miskien net altyd Bessons iere hichtepunten út 'e '90-er jierren belykje […], of de waansin fan it resintere Lucy, mar der is gjin momint yn dizze healwize, wielderich oan genotsucht tajaande film dat net fielt as oft de makker de bêste tiid fan syn libben hat."

A.O. Scott fan The New York Times wie minder bliid mei Valerian and the City of a Thousand Planets. Hy skreau dat "it fielt as wurdt [de film] ûnder it ôfspyljen noch betocht, troch ien dy't de opsichtige sjenreferpakking, dy't him ta beskikking stiet, sa moai fynt dat er de tried kwytrekke is fan wat ek al wer yn dy ferpakking hearde te sitten." Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy yn in tige negative resinsje dat "de studiobazen fan Hollywood ferromme sykhelje kinne dat se, diskear alteast, net de skuld krije sille fan it meitsjen fan in reuseftige simmerfranchisefilm dy't net ien sjen wol, mei't dizze út Frankryk ymportearre is."

Mark Jenkins, dy't foar National Public Radio (NPR) wurke, skreau ek in negative resinsje, wêryn't er benammen oanstjit naam oan it perspektyf fan Valerian and the City of a Thousand Planets, dat neffens him "faak mear 19e-iuwsk as 28e-iuwsk liket, benammen yn in sêne wêryn't Laureline finzennommen wurdt troch de leden fan in fijannige soarte en twongen wurdt om in wite jurk oan te dwaan om presintearre te wurden oan harren keizer. De bobbelige kompjûteranimearre wêzens lykje wol ynboarlingen út 'e meast rasistyske Tarzan-films."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Valerian and the City of a Thousand Planets in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 256 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] brûkt enerzjy opwekke troch klearebare faasje en fisuële effekten om obstakels yn 'e plot te oerwinnen en in sjochûnderfining te bieden wêrfan't it surreële geniet faak opweaget tsjin 'e flaters." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Valerian and the City of a Thousand Planets in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 45 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Valerian and the City of a Thousand Planets brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $40,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $184,7 miljoen, ynkl. $36,8 miljoen yn Frankryk. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn de film frijwat konkurrinsje fan Dunkirk en Girls Trip, dy't dêr tagelyk yn 'e bioskopen iepenen. It lân dêr't de film it it bêste die, wie Sina, dêr't er $62,1 miljoen opbrocht.

Yn totaal kaam de opbringst yn 'e bioskopen foar Valerian and the City of a Thousand Planets wrâldwiid út op $225,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan 197 miljoen, oftewol $209 miljoen, liket dat in lytse winst oer te litten fan $16,2 miljoen, mar troch de hege marketingkosten dy't net meinommen wiene yn it produksjebudget, draaide de film eins op in flink ferlies út. Neffens de berjochten yn 'e media hie de film eins om 'e $400 miljoen hinne opbringe moatte om út 'e kosten te kommen.

Valerian and the City of a Thousand Planets waard yn 2018 nominearre foar trije Saturn Awards, yn 'e kategoryen bêste science fiction-film, bêste produksje-ûntwerp (Hugues Tissandier) en bêste kostúmûntwerp (Olivier Bériot).

Mooglik ferfolch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de teloarstellende opbringst fan Valerian and the City of a Thousand Planets yn 'e bioskopen, sei regisseur Luc Besson yn 2017 dat fanwegen de positive reäksje fan 'e fans in ferfolch op 'e film noch altyd ta de mooglikheden heart.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.