Posse comitatus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In posse yn 1922 yn it Amerikaanske Súdwesten mei twa finzennommen kriminelen (yn 'e midden fan 'e efterste rige).

In posse comitatus, yn 'e folksmûle ornaris ôfkoarte ta posse (Ingelske útspr.: ['pɔsi], likernôch "possy") is in (fierhinne histoaryske) juridyske term út beskate Angelsaksyske lannen foar in groep wapene boargers dy't op 'e foet brocht is troch in wetstsjinner (ornaris in sheriff) om kriminele aktiviteiten te ûnderdrukken. Fan oarprong is posse comitatus in Latynske term, dy't "macht fan 'e selskipslju" betsjut, of letterliker, yn Klassyk Latyn: "it fermogen hawwe om te beselskipjen".

Feriene Keninkryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferskynsel fan 'e posse comitatus hat syn woartels yn it Keninkryk Ingelân, dêr't it yn 'e njoggende iuw syn yntree die, tagelyk mei de ynstelling fan it amt fan sheriff. It waard yn Ingelân en Wales by wet fêstlein yn kêst 8 fan 'e Sheriffs Act 1887, dy't de sheriff of hege sheriff fan elts Ingelsk greefskip it rjocht joech om 'e help yn te roppen fan willekeurige boargers by it opspoaren en arrestearjen fan lju dy't in misdriuw begien hiene. Dy bepalings waarden ôfskaft troch de oanname fan 'e Criminal Law Act 1967, wêrmei't yn it Feriene Keninkryk nei mear as tûzen jier in ein kaam oan 'e posse comitatus.

Feriene Steaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Feriene Steaten waard it ferskynsel fan 'e posse comitatus oernommen út 'e Ingelske wetjouwing, hoewol't it yn 'e Feriene Steaten, oars as yn Ingelân, gjin ynstrumint fan keninklik foarrjocht, mar krekt in ynstelling fan pleatslik selsbestjoer waard. It is dêr benammen bekend wurden út 'e tiid fan it Wylde Westen, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, ûnder de ferkoarte foarm posse. Doe waard troch de sheriff wolris in bewapene groep boargers ynset om him te helpen by it opspoaren, ynrekkenjen of ferjeien fan banditen. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw makke sa'n barren gauris ûnderdiel út fan 'e plot fan in westernfilm, wat de fierders dochs wat obskuere term posse wrâldferneamd makke. In foarbyld is de klassike western The Magnificent Seven Ride!, mei Lee Van Cleef, wêryn't in sheriff finzen kriminelen rekrutearret om in posse te foarmjen dy't it opnimme moat tsjin in Meksikaanske bindelieder.

Yn it echt waard in posse folle minder faak ynset as dat men op grûn fan it foarkommen fan it ferskynsel yn westernfilms miene soe. Boppedat waard de ynset fan posses troch de federale oerheid stadich oan bannen lein. Sa ferbea de Posse Comitatus Act fan 1878 de ynset fan soldaten en ofsieren fan it Amerikaanske Leger yn posses. (Datselde ferbod jildt ek foar militêren fan 'e Amerikaanske Loftmacht, dy't letter út it Leger fuortkommen is, en yn 2013 ferbea it Amerikaansk Ministearje fan Definsje de ynset fan alle militêren, dus ek fan 'e Amerikaanske Marine en it Amerikaansk Marinierskorps, foar taken op it mêd fan wetshanthavening.) It Bloedbad fan Lattimer, yn Pennsylvania yn 1897, wêrby't 19 deaden folen doe't in posse it fjoer iepene op stakende mynwurkers, liet sjen hoe maklik oft it mei de ynset fan in posse út 'e hân rinne koe. Dêrtroch kaam yn 'e Feriene Steaten in ein oan 'e ynset fan sokke groepen bewapene boargers yn sitewaasjes fan maatskiplike opskuor.

Hoewol't de ynset fan 'e posse comitatus yn 'e Feriene Steaten hjoed de dei fierhinne efterhelle is, makket it yn teory noch altyd diel út fan it Amerikaanske rjochtssysteem. De reden dêrfoar is dat in stikmannich Amerikaanske steaten, wêrûnder Georgia, harren wetten oangeande de ynset fan 'e posse comitatus noch altyd net ynlutsen hawwe. Sadwaande koe de aartskonservative sheriff fan Maricopa County, Joe Arpaio, noch tusken 1992 en 2016 yn Arizona ferskate kearen in posse ynsette as helpplysje of boargerwacht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.