Jehannestsjerke (Nes)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Nes
adres Wâldwei/Haadstrjitte
koördinaten 53° 23' N 6° 02' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes de Evangelist
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38728
Webside
PKN Mitselwier-Nijewier
Kaart
Jehannestsjerke (Fryslân)
Jehannestsjerke

De Jehannestsjerke yn Nes is in tsjerke fan de protestanske gemeente Nes-Wierum, Noardeast-Fryslân. Nei't de eardere grifformearde tsjerke De Hoekstien yn Nes sletten waard yn 2017, hold de tsjerklike gemeente noch de twa earder herfoarme gebouwen oer: de Jehannestsjerke en de Marijetsjerke. Yn de gebouwen wurde om bar tsjinsten fierd.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke yn 1723

De romaanske en oarspronklik oan Jehannes de Evangelist wijde tsjerke is in ienskepige tsjerke, dêr't de âldste parten fan út de 12e iuw datearje. Fanwegen de besittings fan de tsjerke yn de roomske tiid moat de tsjerke ien fan de wichtige tsjerken fan de gritenij west ha. It fjouwersidige koer stamt út de 13e iuw en is fersierd mei lisenen en in tosk- en rûnbôgefries. De tsjintwurdich mei pannen dekte tsjerke wie eartiids mei laaien dekt. Yn de 16e iuw waarden gotyske spitsbôgefinsters oanbrocht. De tsjerke waard boppedat heger makke. Yn de noardlike muorre binne yn it mitselwurk noch de plakken fan de tichtsetten hagioskoop, romaanske finsters en eardere tagong ôf te lêzen.

De eastlike muorre fan de toer soe mooglik by in 12e iuwsk westwurk heart ha. It hjoeddeiske oansjen fan de toer stamt út it ein fan de 12e iuw. Op de westlike hoeken binne yn de 16e iuw steunbearen oanbrocht tsjin it fersakjen fan de toer.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It houten tonferwulft yn de tsjerke waard yn 1604 oanbrocht. De rokoko-preekstoel mei klankboerd en trep datearret fan 1775 en wurdt taskreaun oan Yge Rintjes út Dokkum. De kânselbibel is 18e iuws en it doophek 19e iuwsk. Foar de preekstoel oer stiet in hearebank út 1775. De lambrisearing fan it tsjerkeskip bestiet foar in part út pearse tegels.

Yn de toer hingje twa klokken: de âldste klok hat in diameter fan 101 sintimeter en waard yn 1477 getten troch Gert (mester Gert me fecit). De klok draacht reliëfs fan in Madonna en de evangelist Jehannes, de patroanhillige fan de tsjerke. De oare klok mei in diameter fan 102 sintimeter is fan nei de reformaasje en waard yn 1686 getten troch Petrus Overney (Petrus Over Ney me fecit Leovardiae). It mechanyske oerwurk is fan 1916.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel op de westlike galerij waard yn 1906 boud troch de firma Mart Vermeulen út Woerden. By de bou makke it oargelbedriuw gebrûk fan âldere materialen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: