Jo Rispens

Ut Wikipedy
Jo Rispens
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 jannewaris 1914
berteplak Ulrum
stoarn 2002
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder

Johannes (Jo) Rispens (Ulrum, 25 jannewaris 1914 - 2002) wie in byldzjend keunstner dy't fan 1969 ôf oan yn Nes, Noardeast-Fryslân, wenne en arbeide. Teffens wurke er op Skiermûntseach en It Amelân. Hy wie autodidakt.

Rispens makke tekeningen, skilderijen (fan ferskate materialen) en muorreskilderingen. Hy wurke figuratyf mei symbolistyske en naturalistyske skaaimerken.

Under oaren de provinsje Fryslân hat wurk fan him kocht. De eardere grifformearde tsjerke, no Museumtsjerke Eben-Haëzer yn Wierum hat 15 oaljeferveskilderijen mei as tema De Skepping en De Iepenbiering út de Bibel fan Rispens oankocht. Rispens makke dy searje tusken 1960 oant 1975. [1] [2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: