Fred Veenstra
Fred Veenstra | ||
Fred Veenstra (2015) | ||
Algemien | ||
Berne | 8 novimber 1962 | |
Berteplak | Ten Boer | |
Funksje | boargemaster fan De Fryske Marren | |
Sûnt | 1 desimber 2015 | |
Partij | CDA | |
Titels | mr. | |
Politike funksjes | ||
-2002 | gemeenteriedslid Smellingerlân | |
2002-2010 | wethâlder yn Smellingerlân | |
2010-2015 | boargemaster fan Frjentserteradiel | |
2015-no | boargemaster fan De Fryske Marren |
Fred Veenstra (Ten Boer, 8 novimber 1962) is in Nederlânsk politikus fan it CDA.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Veenstra waard berne yn Grinslân, mar waard grut yn de Fryske gemeente Achtkarspelen, yn Bûtenpost, dêr't syn heit molkman wie. Letter wurke syn heit by it sikefûns yn Surhústerfean.
Hy studearre bestjoersrjocht oan de Ryksuniversiteit Grins en wurke dêrnei as amtlik sekretaris fan it buro foar kristlik ûnderwiis yn Ynskedee, dêr't er ek yn de gemeenteried siet. Letter waard er juridysk konsultant by Metrium Onderwijsdiensterverlening yn Ljouwert. Yn de perioade wie er CDA-fraksjefoarsitter yn Drachten en yn 2002 waard er wethâlder yn de gemeente Smellingerlân. Fan 2010 oant 27 novimber 2015 wie er boargemaster fan Frjentsjerteradiel.[1] Neijier 2015 folge syn beneaming ta boargemaster fan De Fryske Marren.[2]
Veenstra waard foardroegen en beneamd foar in twadde termyn as boargemaster fan De Fryske Marren mei yngong fan 1 desimber 2021. [3]
Op 9 july 2024 hat de gemeenteried fan Smellingerlân Veenstra foardroegen as nije boargemaster.[4] Yn novimber 2024 folge er Jan Rijpstra, dy't betiid ôftrede, op as boargemaster fan Smellingerlân. [5]
Veenstra is njonken syn boargemasterskip fice-foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan ROC Friese Poort, foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan Tryater, lid fan de Kommisje fan Berop foar de Examens PCVO Fryslân en boargemasterskontaktpersoan Fryslân/Flevolân foar it CDA.
Hy is troud en hat trije bern. [6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk bestjoerskundige
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- CDA-politikus
- Nederlânsk konservatyf
- Frysk bestjoerskundige
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Frysk wethâlder
- Boargemaster fan De Fryske Marren
- Boargemaster fan Frjentsjerteradiel
- Boargemaster fan Smellingerlân
- Frysk konservatyf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Grinslânsk persoan
- Persoan berne yn 1962