Oerlis:Westerwâlde (gemeente)
Appearance
@RomkeHoekstra: Ik stel út de gemeente by syn wiere namme te neamen, Westerwolde. Sjoch ek oerlis Appingedam. Drewes (oerlis) 7 mai 2019, 18.01 (CEST)
- Ik kin my dêr wol yn fine hear. Somtiden is it wol wat frjemd, lykas yn it foarbyld fan Appingedam (wy hiene dêr famylje en neamden it -oars as Amsterdam- altiten Appingedaam). Wolle jo ek efkes de oare Grinslânske gemeentes neisjen? Miskien moatte dy dan ek de offisjele namme krije.--RomkeHoekstra (oerlis) 7 mai 2019, 18.58 (CEST)
- @Drewes: Ik tink der moatte even wat mear dúdlikens komme wêr't wy nammen ferfryskje en wêr net. Ik soe tinke krektas Ieneach sei dat nammen mei tradysjonele Fryske nammen ferfryske wurde sa as bygelyks yn de Frânske en Dútske Wikipedia. Nammen yn Grinslân en oare fan oarsprong Fryske gebieten is wat in twivel gefal om't in soad Grinslânske plakken nammen hawwe dy’t sterk oerienkomme mei dy yn Fryslân. Soene we der in stimming oer hâlde kinne Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2019, 19.02 (CEST)
- @Drewes, Kneppelfreed, RomkeHoekstra, en Frou Watzema:Ik fyn 'Westerwâlde' in hiel oar gefal as de plaknammediskusje by Appingedam. It giet hjir nammentlik net om in plaknamme, mar om in histoaryske streeknamme (dêr't se no in gemeente nei ferneamd hawwe). Dus krekt as by it Westerkertier, it Hegelân en it Aldamt is der neffens my alle reden ta om 'e Fryske foarm fan Westerwâlde te brûken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 21.10 (CEST)
- @Drewes, Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, en Frou Watzema: Dêr ha jo ek gelyk yn Ieneach. Mar in plaknamme kin somtiden like âld of noch âlder wêze dan in streeknamme. De geografyske nammen bliuwe jimmeroan wer in hiel lestich ferhaal. Wat foar de ien ynboargere is, is dat foar de oar wer net. It jild winliken foar alle geografyske nammen. Soe de Fryske Akadeemje eat hawwe (in list mei geografyske nammen bûten Fryslân of soksawat?--RomkeHoekstra (oerlis) 8 mai 2019, 06.40 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Dêr haw ik hurde holle yn. Ik haw de yndruk dat de F.A. him net bot mei toponimen dwaande hâldt en alhielendal net bûten Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2019, 17.22 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ik haw noch in lânkaart fan Fryslân mei dêrop alle Hollânske en Fryske toponimen, dy't begjin njoggentiger jierren mei-útjûn is troch de F.A. (dat we sille mar rekkenje dat it de standert werjout). Dêr steane net in protte plaknammen bûten Fryslân op (fansels), mar dy dy't der wol op steane, binne:
- Diever - Diever
- Dwingeloo - Dwingelo
- Frederiksoord - Frederiksoard
- Grijpskerk - Grypskerk
- Grotegast - Gruttegast
- Hoogersmilde - Hegersmilde
- Een - Ien
- Leek - De Like
- Leens - Liens
- Marum - Mearum
- Noordhorn - Noardhorn
- Opende - De Grinzer Pein
- Ossenzijl - Ossensyl
- Robbenoort - Robbeoard
- Roden - Roan
- Ulrum - Ulrum
- Visvliet - Fisfliet (sûnder k)
- Vledder - Fledder
- De Wilp - De Wylp
- Zoutkamp - Sâltkamp
- Zuidhorn - Súdhorn
- Zwartendijkster Schans - Iener Skâns
- Dêr kin ik út it wurk fan 'e Bruorren Halbertsma noch oan tafoegje: Norg - Noarch. Fierders wit ik yn prinsipe neat fan 'e Fryske foarmen fan Grinslânske en Drintske plaknammen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 20.49 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ik haw noch in lânkaart fan Fryslân mei dêrop alle Hollânske en Fryske toponimen, dy't begjin njoggentiger jierren mei-útjûn is troch de F.A. (dat we sille mar rekkenje dat it de standert werjout). Dêr steane net in protte plaknammen bûten Fryslân op (fansels), mar dy dy't der wol op steane, binne:
- @RomkeHoekstra: Dêr haw ik hurde holle yn. Ik haw de yndruk dat de F.A. him net bot mei toponimen dwaande hâldt en alhielendal net bûten Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2019, 17.22 (CEST)
- Goed, Westerwâlde is in histoaryske namme yn in earder Frysk gebiet en, ik haw it opsocht, komt hiel ticht by de midsiuwske fariant sa't dy neamd wurdt yn in 9e-iuwske oarkonde fan de Abdij fan Corvey. Dochs pleitsje ik derfoar om in hjoeddeiske gemeente syn offisjele namme te jaan en hjir en no op te hâlden mei it ferfryskjen fan de offisjele Nederlânske geografyske nammen fan no. Drewes (oerlis) 8 mai 2019, 17.31 (CEST)
- Wat geografyske plaknammen fan no oangiet, bin ik it 100% mei jo iens. Sa't ik hjirboppe al sei, liket it my yn dit gefal wat oars ta om't it om in streeknamme giet. Hawar, as jimme de gemeentenamme beslist omneame wolle, sil ik jimme net yn it paad stean, mar ik soe it al wat apart fine dat it artikel oer de gemeente in oare namme hat as dat oer de lânstreek dêr't dy gemeente nei ferneamd is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2019, 17.22 (CEST)
- Goed, Westerwâlde is in histoaryske namme yn in earder Frysk gebiet en, ik haw it opsocht, komt hiel ticht by de midsiuwske fariant sa't dy neamd wurdt yn in 9e-iuwske oarkonde fan de Abdij fan Corvey. Dochs pleitsje ik derfoar om in hjoeddeiske gemeente syn offisjele namme te jaan en hjir en no op te hâlden mei it ferfryskjen fan de offisjele Nederlânske geografyske nammen fan no. Drewes (oerlis) 8 mai 2019, 17.31 (CEST)
Ik haw op foarstel fan Frou Watzema de boppesteande diskusje ferpleatst nei Wikipedy_oerlis:Mienskip#Ferfryskjen of net ferfrysken fan plaknammen bûten Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 20.55 (CEST)