Zweeloo

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Zweeloo
Map - NL - Coevorden - Wijk 50 Zweeloo - Buurt 58 Zweeloo.svg
Flagge Wapen
Zweeloo vlag.svg Zweeloo wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 417 (1 jannewaris 2018)
Oerflak 17,9
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
Gemeente Flag of Coevorden.svg Coevorden
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52°48′ NB 6°44′ EL
Webside [ www.zweeloo-digitaal.nl
Tsjerke fan Zweeloo

Zweeloo (Nedersaksysk: Sweel) is in iesdoarp[1] en in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Drinte. Zweeloo foarmet mei buordoarp Aalden in oaniensletten bebouwing. Oan de súdkant leit it iesdoarp Ald-Aalden, mei Saksyske pleatsen, dy't in beskerme doarpsgesicht foarmje. It doarp leit 20 km benoarden de stêd Coevorden en telde op 1 jannewaris 2018 sa'n 417 ynwenners.[2]

De gemeente Zweeloo waard by de gemeentlike weryndieling fan 1998 by de gemeente Coevorden foege.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste bewenning fan de omkriten begûn tusken de 7000 f.Kr. en 3000 f.Kr. Ut dy tiid binne rêsten fûn fan reauwen en wapens makke fan fjoerstien. Fan likernôch 3500 f.Kr., yn 'e tiid fan de Trachterbekerkultuer, ôf waard it gebiet troch boeren bewenne, dy't ek hunebêden yn 'e omkriten bouden. It gebiet waard kultivearre en de kultueren fan de boeren en de jager-samlers waarden stadichoan mingd.

De iesdoarpen Meppen, Aalden, Benneveld, Wezup en Zweeloo ûntstiene likernôch om 1500 f.Kr. hinne op plakken dy't krekt útkeazen waarden dêr't rekken holden waard mei de lokaasje fan de nôtikkers en it lizzen fan de beken. Ferskate boaiemfynsten, wêrûnder op âldere begraafplakken yn de omkriten, litte sjen dat de hjoeddeiske doarpen en útbuorrens noch op deselde plakken lizze. Ek waarden der ferskate feanliken fûn, wêrûnder dy fan Grebbeveen dy't sa'n twatûsen jier âld is, en graven, lykas dy fan de Prinsesse fan Zweeloo (iere Midsiuwen). Nei't it gebiet fan de achtste iuw ûnder Frankysk bewâld kaam, waard it Kristendom ynfierd. Doe waarden der houten tsjerken boud en de nije begraafplakken kommen by de tsjerken te lizzen. Dêrfoar waarden der ferskate lykwegen oanlein, foar it ferfieren fan de deaden nei de tsjerke fan Zweeloo.

Yn de iere tsiende iuw krige it kristendom yn de omkriten in nije oantrún ûnder ynfloed fan biskop Redbad fan Utert. Foar de parochy waard in nije (houten) tsjerke boud. Dy parochy bestie út sa'n 26 pleatsen.

De bou fan de stiennen tsjerke, dy't hjoed-de-dei noch yn Zweeloo stiet, sette út ein yn 1252.

Yn 1941 waard der yn Zweeloo in kamp en ynternaat ynrjochte, ynearsten foar de Nederlânske Arbeidstsjinst, letter yn gebrûk by de Sicherheitsdienst. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it kamp in skoftke brûkt as detinsjekamp foar politike finzenen, en yn 1949 waard it ta beskikking steld foar de Sosjale Jeugdsoarch. Sûnt dy tiid waarden der trije kampen yn it jier organisearre foar Roomsk-Katolike jonges fan 8 oant 14 jier. Yn de sechtiger jierren waarden ek oare tsjerken talitten. Yn de santiger jierren waarden de kampgebouwen ferfongen foar nijbou. Yn 'e iere njoggentiger jierren waard it kamp opheft en waard der in asylsikerssintrum fêstige.

Zweeloo waard yn 1819 in eigen gemeente[3] en op 1 jannewaris 1998 waard de gemeente opheft en by de gemeente Coevorden foege.

It besjen wurdig[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De protestantske tsjerke fan Zweeloo komt fan de trettjinde iuw en stiet op in ferheging oan 'e râne fan it doarp. Het is in letromaanske sealtsjerke mei in dakruter, dy't yn 1929/1930 alhiel restaureare waard. De 14e iuwske Marijeklok yn de dakruter tsjut op in mooglike wijing fan de tsjerke oan Marije[4][5]. It ynterieur befettet in preekstoel út 1709 en in doopfont fan Bentheimer sânstien dat like âld as de tsjerke sels is.

Elts jier, sûnt 1982, wurdt it muzykfeest Sweelpop organisearre, dêr't ferneamde artysten spylje. Ek wurdt sûnt 2005 elts jier it hynstesportbarren Masters Springen Zweeloo organisearre.

Der is in bungalowpark mei in golfterrein by it doarp.

Keunstnersdoarp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Max Liebermann: De bleek (Die Rasenbleiche, 1883)

Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw waard it doetiidske noch tige isolearre boeredoarp Zweeloo troch ferskate keunstners opsocht: skilders lykas Max Liebermann en Vincent van Gogh lieten harren troch it doarp ynspirearje. Sûnt 2009 is Zweeloo as sechde doarp yn Nederlân oansletten bij EuroArt, de Europeeske federaasje fan keunsnersdoarpen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
  2. Kerncijfers wijken en buurten 2018 Centraal Bureau voor de Statistiek, oproppen 9 septimber 2018 (Nederlânsk)
  3. Ad van der Meer and Onno Boonstra, "Repertorium van Nederlandse gemeenten", KNAW, 2006. Berjocht:Cite web
  4. Karstkarel, Peter Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Leeuwarden/Groningen, Uitgeverij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  5. In oare lêzing is dat de oarspronklike liedklok yn 1672 stellen wêze soe troch de Múnsterske biskop Bernhard von Galen en hjoed-de-dei hingje soe yn it Dútske Wesuwe (boarne: Encyclopedie Drenthe). Oan de krektens fan dy lêste lêzing wurdt lykwols drúske (sjoch Drintske tsjerkeklokken yn Dútske raankûpen). It ferhaal fan it stellen fan de klok stiet ek op spannen foet mei de útlis fan Karstkarel, dy wiist op de mooglikheid fan in wijing fan de tsjerke oan Marije fanwegen de oanwêzigens fan de 14e-iuwske Marijeklok yn de toer (Karstkarel 2007:661).