Springe nei ynhâld

Nieuwlande

Ut Wikipedy
Nieuwlande
Bestjoer
Provinsje Drinte
Oerisel
Gemeente Hoogeveen
Coevorden
Hardenberg
Sifers
Ynwennertal 1340 (25 july 2016)
Oar
Koördinaten 52° 42' NB, 6° 37' EL
Kaart
Nieuwlande (Drinte)
Nieuwlande
Fersetsmonumint yn Nieuwlande

Nieuwlande (Nedersaksysk: Neilaande) is in doarp dat foar it grutste part yn de Nederlânske provinsje Drinte, yn de gemeenten Hoogeveen en Coevorden, leit en foar in part yn de provinsje Oerisel yn de gemeente Hardenberg.

Nieuwlande is in feankoloanje yn it suden fan Drinte. It ûntstie op it plak dêr't fiif gemeenten byïnoar kamen: Oosterhesselen (fierwei it grutste part), Dalen, Coevorden, Hardenberg en Hoogeveen. In boek oer de skiednis fan it doarp krige dêrom ek de titel: "Nieuwlande, doarp mei fiif boargemasters". Dy tastân beheinde it goed ferrinnen fan it bestjoer en de mooglikheden om út te wreidzjen om it foar de measte gemeenten net in wichtich rânegebiet wie. By de gemeentlike weryndieling fan Drinte op 1 jannewaris 1998 hat men der dan ek foar keazen en bring it doarp ûnder yn ien gemeente. De gemeentegrins fan Hoogeveen waard 1,5 km nei it easten ferlein. It lytse part yn de Oeriselske gemeente Hardenberg waard der net by belutsen. Mei denije gemeentegrins bleaune inkelde huzen yn it bûtengebiet fan Nieuwlande efter yn de fúzjegemeente Coevorden. De grins rint no net mear dwers troch it doarp hinne. De huzen fan it bûtengebiet fan Nieuwlande yn de gemeente Hardenberg, falle ûnder De Krim.

Foar de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it grûngebiet fan it lettere Nieuwlande rûn de Coehoornsdijk, Friesche of Statendijk, dy't oanlein waard foar it beskermjen fan de fêstingsstêd Coevorden. Menno van Coehoorn is de nammejouwer fan de dyk en hat om 1680 hinne de dyk oanpast as part fan de fersterking fan de stêd Coevorden. Op 30 maart 1816 is it winliken it begjin fan Nieuwlande. Op dy dei ferkochten lju fan de marke fan Zwinderen in stik feanlân fan 150 moargen oan Rudolf Otto fan Echten, dy't direkteur fan de Kompanjy fan de 5000 Moargen wie, en de feanters Warner de Jonge en Hugo Christiaan Carsten yn Hoogeveen. Yn it kontrakt waard bepaald dat it Oostopeinde yn eastlike rjochting trochlutsen wurde soe.

Yn lettere jierren wie de feantersfamylje Bruins Slot tige warber yn de omkriten. Dêr't fanút it Oostopgaande in Dwersgat (Dwarsgat, no de Brugstraat) groeven waard oan it begjin fan de Zwinderske Skieding (Scheidsediek), ûntstie sa om 1850 hinne de earste bewenning troch feanarbeiders.

Yn 1890 stiene der likernôch fjirtich wenten, dêr't de measte bylâns it Oostopgaande stiene, en fierder ferspraat bylâns it Dwarsgat en ferskate wiken (wieken). Op it ôfgroeven fean lieten de Hoogeveenske eigeners in soad bosk plantsje. It hout dêrfan waard wer brûkt foar it oanlizzen fan gongen yn koaleminen, dy't harren oeral yn Jeropa ûntjoegen.

Nei 1900 ferdwûnen de bosken en meitsje arbeiders en lytse boeren de grûn ree foar lânbou. De Hoogeveenske eigeners ferkochten dy grûn benammen oan jonge grifformearre Grinslânske boeren, dy't foar dy tiid kapitale buorkerijen stiften. Yn tritich jier tiid waarden der hast fyftich boud. Nei de feanarbeiders wiene hja de twadde groep ymmigranten nei it 'nije lân'.

Yn 1909 liet Jacob Dijkema yn de dakpannen fan syn nije pleats de namme Nieuwlande sette. It duorre lykwols noch in tal jierren ear't de gemeente Oosterhesselen dy namme offisjeel foar it nije doarp brûke soe.

Oant fier nei de Twadde Wrâldkriich is der in tsjinstelling tusken de almeast herfoarme feanarbeiders en de grifformearde boeren. Yn 1928 waard in túnkersferiening oprjochte, om de earste groep túnbou yn de omkriten oan te trúnjen.

Yn de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Monumint foar Nieuwlande yn it Park fan Yad Vashem

Yn de Twadde Wrâldkriich wie it doarp, dat doetiids troch de soad wiken en kanalen en it bytsje diken min te berikken wie, in skûlplak foar tsientallen Joaden, dy't dêr ûnderdûkten. Johannes Post, de ferneamdste ynwenner fan it doarp dy't in grifformearde lânbouwer wie en wethâlder fan de gemeente Oosterhesselen wie, spile in wichtige rôl yn dy snuorje. Hy gie nei de Dútske ynfal kreksa as in soad oaren yn it ferset. Hy holp net allinne de Joadske mienskip, mar wie ek tige warber yn it feset yn it westen fan Nederlân. Hy waard twarris oppakt. De earste kear koe hy mei help fan in befreone plysjeman ûntsnappe, en de twadde kear waard er ferret by in oerfal op in Amsterdamske finzennis en waard daliks de folgjende dei yn de dunen by Overveen deasketten.

Yn 1985 krige it doarp, foar de massale help oan Joadske ûnderdûkers yn de kriich, de Israelyske ûnderskieding Rjochtfeardige ûnder de Folken (Yad Vashem-ûnderskieding)[1], dy't ornaris foar yndividuële persoanen ornearre waard.

Nei de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kriich waarden it Oostopgaande, it Dwarsgat en in nust oare wiken tichtmakke. Dat joech de ekonomy fan it doarp in oantrún, wylst de sosjale tsjinstellings fan earder stadichoan minder waarden.

De twabaans autowei fan Hoogeveen nei Emmen waard ûntwikkele ta in fjouwerbaans autosnelwei (de A37) mei in op- en ôfrit by Geesbrug. Dat hat de ekonomyske ûntjouwing fan Nieuwlande befoardere.

Nieuwlande hat in Nederlânske Herfoarme tsjerke, dy't nijboud is, in grifformearde tsjerke út 1913 en in tsjerke fan de Gearkomste fan leauwigen. Oare foarsjennings binne sportfjilden, fuotbalklup SCN, in iepenbiere en in protestantsk-kristlike skoalle, in supermerk mei postkantoar en inkelde oare lytse bedriuwen en hoarekagelegenheden. It doarpsgebiet skaaimerket him troch lânbougrûn (feanoanmaak) en inkelde lytse natuergebieten, dy't út bosk, heide en fean besteane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Hoogeveen
Doarpen:
AlteveerElimFluitenbergHoogeveenHollandscheveldNieuw MoscouNieuweroordNieuwlandeNijstadNoordscheschutPesseStuifzandTiendeveen
· · Berjocht bewurkje
Coevorden
Stêd:
Coevorden
Doarpen:
AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen
Buorskippen:
BallastDe HaarDe MarsDen HoolKibbelveenKloosterPadhuisPikveldSchimmelarijVlieghuisWeijerswold
· · Berjocht bewurkje