Oosterhesselen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Oosterhesselen
Map - NL - Coevorden - Wijk 30 Oosterhesselen - Buurt 32 Oosterhesselen.svg
Flagge Wapen
Oosterhesselen vlag.svg Oosterhesselen wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 1.705 (1825 mei it bûtengebiet) (2015)
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
Gemeente Flag of Coevorden.svg Coevorden
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52°45′ NB 6°43′ EL
Webside www.pboosterhesselen.nl
Tsjerke fan Oosterhesselen
It Hunnetsjerkhôf, in grêffjild út de prehistoarje

Oosterhesselen (Nedersaksysk: Hesseln) is in iesdoarp[1] en in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Drinte. It plak hie yn 2015 in ynwennertal fan 1.705, en mei it bûtengebiet meirekkene wiene dat der 1825 ynwenners.[2] By de gemeentlike weryndieling fan 1998 waard de gemeente Oosterhesselen by de gemeente Coevorden foege.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oosterhesselen wie oant 1 jannewaris 1998 it haadplak fan de selsstannige gemeente Oosterhesselen, dêr't ek de doarpen Gees, Zwinderen, Geesbrug en it grutste part fan Nieuwlande by hearden. Oosterhesselen wie fan oarsprong in iesdoarp, dat fan benammen de sechtiger jierren fan de tweintichste iuw ôf, útwreide is mei nijbouwiken. Yn it âlde part fan it doarp binne der noch in tal karakteristike Saksyske pleatsen te finen.

Yn it midden fanit doarp stiet de herfoarme tsjerke út de fyftjinde iuw. Nijsgjirrich is dat de toer los fan it skip stiet. Dat komt nei alle gedachten fan it kriichsgeweld út 'e ein fan de sechtjinde iuw, doe't de fêsting Coevorden troch de Spanjerts belegere waard.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich spilen it gemeentebestjoer en gemeente-amtners in wichtige rôl yn it ferset. Wethâlder Johannes Post út Nieuwlande holp in soad Joaden mei it ûnderdûken yn syn doarp en hy wie ek belutsen by fersetsaksjes yn it westen fan Nederlân. Gemeentesiktaris Douwe Weima, dy't fan Frysk komôf wie, fertsjustermoanne in grut part fan it befolkingsregister en kaam tefoaren dat ynwenners fan de gemeente nei Dútslân twongen waarden te wurkjen. Boargemaster Cornelis de Kock joech lieding oan it gemeentebestjoer, dy't besocht safolle mooglik minsken út hannen fan de Dútske besetter te hâlden. Yn de simmer fan 1944 waard De Cock oppakt troch de SS en saneamd foar ferhoar meinaam nei Assen, mar letter op healwei tusken Oosterhesselen en Meppen op strjitte troch dy deasketten waard. De wichtichste strjitte troch it doarp waard dêrom nei de kriich omneamd ta Burgemeester De Kockstraat.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beëasten it doarp leit state De Klencke, in aadlik lânhûs út de santjinde iuw mei inkelde pleatesen en in grutte bûtenpleats. Dat bestiet út bosken, in grut stik heidelân, iezen en grien lân by it Drostendjip del. It gebiet waard yn 1961 troch de lêste bewenster fan it lânhûs oan Natuermonuminten neilitten, dy't it neitiids yn behear en eigendom hat.

De marke fan Oosterhesselen skaaimerket him fierders troch iezen en griene lannen en wurdt oan de súdkant trochsnien troch de Verlengde Hoogeveense Vaart. Yn it lânbougebiet besuden it doarp is in hunnetsjerkhôf te finen, dat in prehistoarysk grêffjild is. Beëasten it doarp is in lyts bosk.

De A37 rint justjes besuden it doarp del.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
  2. CBS in uw Buurt