Tsjerke fan Oosterhesselen
Tsjerke fan Oosterhesselen Kerk van Oosterhesselen | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Coevorden | |
plak | Oosterhesselen | |
koördinaten | 52°45′29′′ NB 6°42′58′′ EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerkegebou | |
boujier | iere 15e iuw restaurearre:1930/'31, 1982/'83 | |
boustyl | Gotyk frijsteande klokketoer | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31632 | |
offisjele webside | ||
www.oosterhesselen-pkn.nl |
De tsjerke fan Oosterhesselen is in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente fan Oosterhesselen yn de Drintske gemeente Coevorden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is om 1400 hinne stifte as in dochtertsjerke fan de tsjerke fan Zweeloo. Twa fikaryen hearre by de tsjerke: ien wijd oan it Hillich Sakramint en ien wijd oan de hillige Anna.[1] It tsjerkegebou wie eartiids ferbûn oan de no frijsteande toer. In part fan it skip rekke nei alle gedachten skansearre yn de strideraasjes yn 'e tiid fan it Belis fan Coevorden yn 1592. De hjoeddeiske westlike muorre waard yn 1628 boud. It koer wie ynearsten heger as it skip, mar it skip waard by it bouwen fan 'e westlike muorre op deselde hichte as de koer brocht. Dat hichteferskil is no noch wol te sjen dêr't eartiids it tek fan it skip oan de toer boud wie. De hjoeddeiske tsjerke bestiet út trije traveeën, wêrfan't de twa eastlike it eardere koer foarmen. Dat koer komt út de fyftjinde iuw en is nei alle gedachten jonger as de rêst fan it skip. Yn 1862 waard de tsjerke berape.
Eksterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it beraapjen fan de tsjerke yn 1862 is der oan de bûtenkant hast gjin uterlik ferskil mear tusken skip en koer. De traveeën wurde skaat troch foarse steunbearen. Eltse kant fan in travee hat in goatysk spitsbôgefinster. It koer is fan trije kanten sletten en foar it ferpleatsen fan de preekstoel nei de eastlike muorre waard it middelste rút tichtmakke. Oan de westlike muorre fan de tsjerke, dy't út 1628 komt, befettet de yngong in nis mei spitsbôgemei dêrboppe in lytser spitsbôgefinster yn deselde styl as de rêst fan de ruten.
De toer komt út 'e ein fan de fyftjinde iuw en waard yn letgoatyske styl boud. De toer hat in doar mei dêrboppe in spitsbôgefinster. De toer heart by de Drintske toerfamylje. Tekenjend foar dy famylje binne de yn twaën dielde spitsbôgenissen. Dy toer hat oan de noard-, west- en súdkant yn de twadde laach in smelle nis mei spitsbôge mei dêryn twa lytsere spitsbôgenissen. Yn de eastlike muorre sit ek in lytse nis, dêrtroch't nei alle gedachten de souder te berikken wie. Yn de tredde laach binne oan alle kanten in dielde spitsbôgenis, dy't as galmgatten wurkje. Op de toer sit in tintedak. De klok is getten troch de Grinzer klokkejitter Nicolaes Sicksmans. De klok waard skonken troch Johan van Welvelde, de hear fan de neiere state De Klencke. Yn 1962 waard de toer restaurearre.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1930-'31 waard de tsjerke restaurearre, en waarden de ferwulftoansettings yn it koer fuorthelle. Ek waard der in sakramintsnis weibrutsen, dy't fersierd wie mei stikken kalkstien mei blommen en fûgels. Ek waard it doopstek fuorthelle en ferhûze de preekstoel fan de súdlike muorre nei it koer, yn it midden tsjin de eastlike muorre. Op it plak fan de kânsel waarden doe trije rigen tsjerkebanken set. De preekstoel komt fan 1662 en kaam oarspronklik út de Kleastertsjerke fan Assen. Yn 1817 kaam dy nei Oosterhesselen.
Yn de tsjerke steane twa hearebanken út de santjinde iuw. Dy banken hawwe, lykas de preekstoel, ek op in oar plak stien. Ien fan dy banken hearde by it laach Oldenbanning en de oare bank hearde by de bewenners fan bûtenpleats De Klencke. Op De Klencke binne noch sarken fan de tsjerke.
Oan de súdlike muorre fan de tsjerke hinget in rouboerd dat ta Martina Cornelia Jacoba van Heulekom (ferstoarn 3 augustus 1787 yn de âldens fan 48 jier), bewenster fan De Klencke, hearde. It boerd befettet har wapen, fjouwer sulveren balken mei dertuskenyn trije reade balken. It wapen wurdt sierd mei fiif pearels en njonken it wapen steane twa skyldhâlders yn de foarm fan liuwen. It boerd neamt boppe-oan har âldens: 'ÆTIS SUÆ 48' en ûnderoan hat stjerdatum: 'OBIIT, den 3 aug.1787'. Dat boerd waard ferhûze nei De Klencke, mar waard nei de restauraasje fan 1982-'83 wer skonken oan de tsjerke en fannijs op it âlde plak setten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1864 boud troch L. van Dam en Soannen foar de Petrustsjerke fan Wânswert. Se hawwe sa't it skynt by de bou gebrûk makke fan parten fan de Hillebrandoargel fan 1816 fan de Laurentiustsjerke fan Raerd, dat troch Van Dam yn 1863 fernijd waard. Yn 1921 waard it oargel oankocht troch de herfoarme gemeente fan Wikel en yn de Fêste Boarchtsjerke troch Bakker & Timmenga opboud. Yn 1983 waard it oargel troch de herfoarme gemeente fan Oosterhesselen kocht. Der wiene noch restauraasjes yn 1996 en 2012. It âlde Stokeroargel fan 1908 is yn 1983 ferkocht oan de grifformearde gemeente fan Kampen.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herfoarme Gemeente fan Oosterhesselen - Tsjerkegebou en Oargel
- Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod - Monumintnûmer: 31632
- Oargels yn Drinte - Oosterhesselen Herfoarme tsjerke - Oargel
- Oargels yn Drinte - Oosterhesselen Herfoarme tsjerke - Tsjerke
- Orgelside - Oosterhesselen, Herfoarmde Tsjerke
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|