Tsjerke fan Zweeloo
Tsjerke fan Zweeloo Kerk van Zweeloo | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Coevorden | |
plak | Zweeloo | |
koördinaten | 52°47′35′′ NB 6°44′9′′ EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerkegebou | |
boujier | 13e iuw koer:17e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41517 | |
offisjele webside | ||
Tsjerke fan Zweeloo |
De tsjerke fan Zweeloo is in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente fan it Drintske doarp Zweeloo yn de gemeente Coevorden. It waard boud yn de twadde helte fan de trettjinde iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud op it fûnemint fan in houten tsjerkje út de tolfde iuw. It gebou lit de skaaimerken sjen fan it oergongstiidrek tusken de romaanske en goatyske boustyl. De tsjerke stiet oan de súdeastkant fan it doarp Zweeloo oan de râne fan 'e beboude kom. De tsjerke soe, faaks fanwegen it besit fan de fjirtjinde iuwske Marijeklok, dy't yn 'e dakruter hinget, oan Marije wijd wêze kinne.[1][2] Op de klok stiet de tekst: "UTILIS.AD.VARIA.FUNGOR.VOCOR.CLCD.MARIA", troch Warmolts oersetten as: "ik doch tsjinst by ferskate gelegenheden, men hat my yn 1500 Marije neamd".[3][4][5] De klok bleau yn de Twadde Wrâldkriich, om syn grutte histoaryske wearde, besparre.[6] De ruten binne spitsbôge-eftich mei romanogoatyske skaaimerken, mar net allegear oarspronklik. Yn 1929 en 1930 waard de tsjerke alhiel restaurearre, dêr't der nije finsters oan taheake waarden.
Yn it ynterieur binne guon eleminten dy't opfalle: it romaanske doopfont fan Bentheimer sânstien út de trettjinde iuw, de goatyske wijwetterbak út de fyftjinde iuw en de preekstoel mei houtsnijwurk út 1709. It doopfont waard nei de reformaasje út de tsjerke weihelle en waard doe brûkt as drinktrôch foar fee en as slypstien foar knyften. It Drintsk Museum hat it doopfont werom fûn en dêrnei werom setten yn de tsjerke fan Zweeloo. It museum hat noch hieltyd in âlde kollektebus út de santjinde iuw, dy't fan de tsjerke fan Zweeloo komt. Dy kollektebus waard om 1892 hinne troch de tsjerkfâden ôfstien oan it museum op fersyk fan it doetiidske bestjoerslid Van den Biesheuvel Schiffer.
It oargel waard yn 1904 makke troch oargelbouwer Jan Proper en yn 2006 restaurearre.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it tsjerkhôf om de tsjerke hinne leit de skriuwer en dûmny Alexander Lodewijk Lesturgeon begroeven. Hy wie ien fan de trije podagristen en stie oan de widze fan de Drintske literatuer. Lesturgeon wie fan 1864 oant syn ferstjerren yn 1878 dûmny fan Zweeloo.
Doe't Vincent van Gogh yn Drinte útfanhûs wie, makke er in skets fan de tsjerke.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tsjerke fan Zweeloo troch Vincent van Gogh
-
Tsjerke fan Zweeloo om 1892 hinne (west- en noardkant)
-
Kerk van Zweelo (west- en súdkant om 2011 hinne)
-
Herfoarme tsjerke Zweeloo mei dêrnjonken it kriichsgrêf
-
Tsjerke fan Zweeloo (súd- en eastkant)
-
Ynterieur nei it westen mei it oargel fan Proper
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|