Jan Adolf Hillebrand

Ut Wikipedy

Jan Adolf Hillebrand (Lotte, 1786Ljouwert, 6 april 1846) wie in oargelbouwer út Westfalen dy't yn Fryslân wenne en wurke.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hillebrand festige him yn 1812 yn Ljouwert. Hy wie in learling en meiöparbeider fan Albertus van Gruisen en Willem van Gruisen. Tegearre mei syn broer Gerhard Heinrich Hillebrand hie er in oargelmakkerij dy't 1835 tichgie. De tsjerkoargels waarden boud foar fral tsjerken yn Fryslân.[1]

List oargels (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Plak Tsjerke Ofbyld Opmerkings
1813 Easternijtsjerk Sesiliatsjerke Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 1151 - Oosternijkerk - 20358273 - RCE.jpg In 1831 uitgebreid door Willem van Gruisen
1816 Raerd Laurentiustsjerke Laurentiustsjerke, Raerd, oargel.jpg Oargelmakkerij Reil út Heerde restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2011-2012. It oargelfront waard werombrocht yn de kleuren fan foar 1909. By dy gelegenheid waard ek it yn 1909 oerskildere gerdyn wer bleatlein en restaurearre.
1818 De Burch Herfoarme tsjerke Intenieur, aanzicht orgel, orgelnummer 259 - Den Burg - 20417387 - RCE.jpg Oargel fan J.M Gerstenhauer makke en troch J.A. Hillebrand foltôge
1818 Nijewier Herfoarme tsjerke fan Nijewier Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 1031 - Niawier - 20358306 - RCE.jpg Johan Adolf Hillebrand hat it oargel sels net hielendal ôfmakke; dat hat N.A. Lohman yn 1822 dien.
1820 Drachten Grutte Tsjerke Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 375 - Drachten - 20349283 - RCE.jpg Yn 1986 útwreide.
1821 Akkrum Terptsjerke Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 1547 - Veenhuizen - 20349237 - RCE.jpg Yn 1856 ferhûze nei de Koepeltsjerke fan Feanhuzen.
1831 Mantgum Marijetsjerke Yn 1879 ferfongen troch in oargel fan Van Dam en Soannen.
1831 Marrum Godehardustsjerke Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 962 - Marrum - 20349138 - RCE.jpg It oargel waard yn 1831 boud, mar it ynstrumint waard ôfkard en yn 1834 ôfmakke troch Lohman en Soannen. It ynstrumint waard nochal ris restaurearre en feroare, itjinge it oargel net altiten ten goede kaam. Sûnt 1985 wie it ynstrumint net mear te bespyljen. Lang waard der hope op in restauraasje, dy't yn 2010 troch Mense Ruiter (Zuidwolde) yn gearwurking mei de oargelbedriuwen Flentrop Orgelbouw (Saandam) en Winold van der Putten (Finsterwolde) lang om let syn beslach krige.[1] In pear jier wie der ek genôch jild om it oargel wer te foarsjen fan in selsstannich pedaal mei trije registers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Orgbase.nl