Springe nei ynhâld

Koepeltsjerke (Feanhuzen)

Ut Wikipedy
Koepeltsjerke
Lokaasje
provinsje Drinte
gemeente Noardenfjild
adres Hoofdweg 114
9341 BK Feanhuzen
koördinaten 53° 1' N 6° 23' E
Arsjitektuer
arsjitekt H. Wind
boujier 1825-1826
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30801
Webside
Protestanske Tsjerke Feanhuzen
Kaart
Koepeltsjerke (Drinte)
Koepeltsjerke

De Koepeltsjerke is de tsjerke fan 'e sûnt 18 april 2017 selsstannige PKN-gemeente fan Feanhuzen, Drinte. De wettersteatstsjerke is in ryksmonumint.

Oargel fan de protestanske tsjerke fan Feanhuzen

De tsjerke waard yn 'e jierren 1825-1826 yn opdracht fan 'e Maatskippij fan Woldiedichheid neffens it foarbyld fan de Koepeltsjerke yn Smilde boud en wie ornearre foar it persoaniel en de bewenners fan 'e trije gestichten dy't yn Feanhuzen stifte wiene. Earder wiene de bewenners fan Feanhuzen op tsjerklik mêd op Noarch oanwiisd.

De earste stien foar de nije tsjerke waard op 25 july 1825 lein en op 25 juny waard it godshûs iepene. It achtkante bouwurk wurdt bekroand mei in koepel en krige earst yn 1946 in liedklok.

Restauraasjes fûnen yn it begjin fan 'e jierren 1960 en 2000 plak.

It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1821 troch Jan Adolf Hillebrand foar de herfoarme tsjerke fan Akkrum boud en ferhûze yn 1856 doe't Akkrum in nij oargel krige fan Petrus van Oeckelen nei de Koepeltsjerke fan Feanhuzen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koepeltsjerke, Feanhuzen fan Wikimedia Commons.