Koepeltsjerke (Smilde)
Koepeltsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Veenhoopsweg 13 | |
koördinaten | 52°56' N 6°26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Abraham Martinus Sorg | |
boujier | 1780-1788 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 34003 | |
Webside | ||
Protestantske gemeente Smilde | ||
Kaart | ||
De Koepeltsjerke is de tsjerke fan 'e protestantske gemeente fan Smilde. De monumintale tsjerke waard yn 1788 troch de gemeente yn gebrûk nommen en is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It graven fan it kanaal fan Meppel nei Assen yn 'e jierren 1767-1780 late ta de stifting fan nije feankoloanjes lykas Hijkersmilde en Kleasterfean. It ôfgraven fan it fean smiet in soad jild op en doe't de bewenners fan 'e koloanjes fregen om 'e bou fan in nije tsjerke waard dêr al gau tastimming foar jûn. Op 5 july 1786 waard yn it doedestiidske Hijkersmilde de earste stien lein foar de nijbou neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Abraham Martinus Sorg. Troch it útbrekken fan 'e Fjirde Ingelsk-Nederlânske Kriich en in skeel tusken de arsjitekt en de oannimmer duorre de foltôging fan 'e tsjerke noch oant 1788.
De tsjerke fan Hijkersmilde tsjinne letter ta foarbyld foar de bou fan 'e Koepeltsjerke yn Feanhuzen.

Mei de ôfskieding fan 1834 rekke de tsjerke in soad leden kwyt, mar nei it begjin fan it Samen-op-Wegproses wie de tsjerke wer te lyts. De grifformearde en de herfoarme gemeenten fusearren yn 2007 ta de Protestanske gemeente Smilde.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Loadewyk XVI-ynterieur fan 'e achthoekige tsjerke datearret foar it measte noch út de boutiid en is neffens de easken fan in typyske protestantske preektsjerke út dy tiid: it bankeplan oriïntearret him op 'e preekstoel yn 'e dooptún. De oarspronklike banken binne yn jannewaris 1981 út de tsjerke helle en ferfongen troch banken dy't ôfkomstich binne út de Eusebiustsjerke fan Arnhim. Se binne fersierd mei bibelske motiven. Tusken de fjouwer pylders binne rûnom galerijen ynboud.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plannen foar de gemeente om in oargel te bouwen bestiene der al sûnt 1827, mar net earder as yn 'e jierren 1840-1841 boude Petrus van Oeckelen it oargel fan 'e tsjerke. Op snein 26 desimber 1841 waard it ynstrumint yn gebrûk nommen. Soannen fan Van Oekelen renovearren it oargel yn 1895 en feroaren de disposysje. Yn 1955 en 1998 wurke de firma Flentrop oan it ynstrumint. Yn 'e jierren 2016-2017 ûndergyng it ynstrumint in grutte restauraasje, dy't ûnder advys fan Theo Jellema útfierd waard troch Adema út Hillegom.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|