Abraham Martinus Sorg
Abraham Martinus Sorg (Sappemeer, 1 jannewaris 1738 - Kampen, 6 maart 1825) wie in Nederlânsk arsjitekt.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sorg (ek: Sorgh) wie fan likernôch 1770 ôf timmerman en arsjitekt yn Assen. De measte fan syn bern waarden lykwols doopt yn de Lutherske tsjerke yn Grins. Nei 1774 ferboude er ûnder mear it rintmastershûs oan de Brink yn Assen ta Drostehûs.[2] Troch dat wurk hie er kunde krigen oan ûntfanger-generaal Johannes fan Lier; foar him boude er yn 1777-1778 de filla Overcingel.[3] By de bou fan de Koepeltsjerke yn Smilde, in stikmannich jierren letter, krige er skeel mei de oannimmers. Hy waard derfan beskuldige dat er materialen dy't bedoeld wiene foar de tsjerke foar syn eigen hûs (it lettere Hofstedehûs), dat er yn Assen oan it bouwen wie, brûkte.[4]
Ein 18e iuw ferhuze Sorg fan Assen nei Kampen, dêr't stedsarsjitekt waard. Yn Kampen wie er ûnder mear belutsen by de bou fan in nije spits op de toer fan de Boppetsjerke (1808). Hy waard yn 1816 korrespondint-ynstitút fan de KNAW.
Wurk (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It Drostehûs yn Assen
-
De filla Overcingel yn Assen
-
It Hofstedehûs yn Assen
-
De Koepeltsjerke yn Smilde
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|