Terptsjerke

Ut Wikipedy
Terptsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
plak Akkrum
adres Om 'e Toer 6
koördinaten 53° 02' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1759
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35935[1]
Webside
pgakkrum.nl
Kaart
Terptsjerke (Akkrum)
Terptsjerke

De Terptsjerke is de protestantske tsjerke fan Akkrum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de gevelstien boppe de yngong oan de noardside fan de Terptsjerke stiet dat de earste stien op 13 maart 1759 troch Augustinus Lycklama a Nyeholt lein waard, âld 17 jier. De as herfoarme tsjerke boude sealtsjerke stiet op it heechste punt fan de terp fan Akkrum en ferfong eartiids de midsiuwske tsjerke. Fan de âlde tsjerke is in tekening fan Jacob Stellingwerf út 1722 bekend.

De toer waard yn 1882 ommitsele en it sealdak waard ferfongen troch in ynsnuorre spits. De wynfaan boppe it koer is in mearman.

Sûnt de lêste restauraasje yn 2000 foarmje de grêfsarken út de 16e en 17e iuw wer it middenpaad yn de tsjerke. Nei de restauraasje krige de tsjerke de hjoeddeiske namme.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in ienfâldich ynterieur. Fan de twa hearebanken is der ien oerbleaun. De wapens yn de rêch fan de bank datearje nei alle gedachten út 1615-1636.

Oargel

De brânskildere ramen yn it koer mei wapens binne makke troch de bruorren Thomas en Tsjalling Gonggrijp. It binne de iennige ramen fan de bruorren dy't yn Fryslân bewarre bleaun binne

Yn de klokkestoel hingje twa klokken; ien waard getten yn 1698 en in oare klok yn 1950. De klok fan 1950 ferfong in klok dy't ek yn 1698 getten wie en tsjintwurdich yn in stalen konstruksje bûten oan de súdlike kant fan it koer hinget. De klok fan 1950 komt oarspronklik út de toer fan de yn de jierren 1970 ôfbrutsen Sint-Joazeftsjerke fan De Haach.

Yn de toer is in oerwurk fan de bruorren Van Bergen út Midwolda út it earste fearn fan de 20e iuw.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1820 krige de tsjerke in nij oargel fan J.A. Hillebrand. Nei't de herfoarme tsjerke fan Akkrum in legaat krige waard dat oargel ferkocht oan de Koepeltsjerke fan it Drintske Feanhuzen, dêr't it ynstrumint noch jimmeroan oanwêzich is. De oargelkas fan it Hillebrand-oargel bleau lykwols yn Akkrum en Petrus van Oeckelen boude efter dy oargelkas yn 1856 in nij oargel.

Sûnt 1978 waard it oargel yn fazes troch Mense Ruiter restaurearre (1983, 2001 en 2010).[2] It twamanualige oargel hat 17 registers. It rêchposityf is foar de sier oanbrocht.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  1. Ryksmonuminten
  2. Ljouwerter Krante, 11 novimber 2010