Grutte Tsjerke (Drachten)
Grutte Tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Súdkade 19 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1743 Renovaasje 1953 | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33978 | |
offisjele webside | ||
Side Grutte Tsjerke |
De Grutte Tsjerke is in tsjerke yn Drachten. It is it âldste gebou fan Drachten en in ryksmonumint. Oan de tsjerke is in ynrinhûs ferbûn.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke út 1743 hat in T-foarmige plattegrûn. Boppe de yngong sit in bekroaning yn Loadewyk XIV-styl mei de wapens (yn 1795 ôfbikke) fan de stichters fan de tsjerke. Hector Livius Haersma fan Vierssen, âld 5 jier, hat yn 1742 de earste stien lein. De houten geveltoer mei ynsnuorre spits hat yn wynwizer yn de foarm fan trije turven.
Yn 2015 hat it ynterieur in ûnderhâldsbeurt hân en waarden op plakken fernijingen útfierd.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur is oerdutsen troch in houten tonneferwulft. De preekstoel (1743) yn Loadewyk XV-styl hat allegoryen (deugden) op de panelen: de wierheid mei sinne, boek en palmtakke op in wrâldbol, leauwe klaait yn de wapenrêsting fan God, leafde mei flamjend hert omjûn mei bern, hope mei it anker en foarspoed mei de hoarn fan de oerfloed en palmtakke. Der is in hearebank út 1744 en in hearebank (1750) mei toefstik yn Loadewyk XIV-styl. Fan de fjouwer brânskildere ramen (1743) binne der trije makke troch Jurjen Staak en ien troch Ype Staak.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel út 1820 is makke troch J.A. Hillebrand. N.A.G. Lohman restaurearre it oargel yn 1861. Yn 1942 hat H.W. Flentrop it ynstrumint restaurearre. De wynfoarsjenning waard doe fernijd en it oargel waard útwreide mei in elektro-pneumatysk frij pedaal. Ek de disposysje feroare wat. Flentrop Orgelbouw fierde in nije restauraasje fasearre yn 1974 (rêchwurk) en yn 1986 (haadwurk/pedaal) út. Yn 1986 is it elektro-pneumatyske pedaal ferfongen troch in mechanysk frij pedaal mei twa registers. It oargel hat tsjintwurdich 20 registers ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Yngongsportaal
-
Hillebrand-oargel
-
Preekstoel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|