Oerlis:Tsjerke fan Oosterhesselen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dei @Ieneach fan 'e Esk: It wol my net slagje en keppelje dizze side oan oare talen. Soene jo witte wat der geande is? Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 18 jun 2019, 15.15 (CEST)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Goeie. As ik it goed begryp hie de iene of oare pias de Commons-kategory fan 'e tsjerke fan Oosterhesselen oan twa ferskillende Wikidata-items tagelyk keppele. Hoe't er dat yn fredesnamme oprêden hat, snap ik net, want dat heart neffens my net te kinnen. Mar it liket derop dat dat de boel blokkearre. Eltse kear as je wat oan it Wikidata-item fan 'e Tsjerke fan Oosterhesselen feroarje woene, sei it systeem: "De Commons-kategory sit al oan dat-en-dat item fêst. Miskien moatte de beide items gearfoege wurde?" Dat dat haw ik mar dien. En doe koe ik gewoan it lemma fan ús Wikipedy op 'e normale manier tafoegje.
Der sit by my ûnder it tabblêd "More", fuort lofts fan it Wikidata sykfinster, in kopke "Merge with ..." dêr't je items mei gearfoegje kinne. Ik tink dat jo dat even hânmjittich ynstelle moatte as jo dat ek hawwe wolle. Dan moatte jo tocht ik by "Preferences" wêze, rjochts boppe-oan de side (dat hyt hjir op 'e Fryske Wikipedy "Ynstellings"). Dan moatte jo it tabblêd "Gadgets" hawwe en dêr it lemma "Merge" oanfinke. Ik tocht dat jo dan tenei ek items yn Wikidata gearfoegje kinne moatte soene. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 jun 2019, 23.18 (CEST)[beäntwurdzje]
P.S.: Hjir is noch in link: Help:Merge. It is in helpside oer gearfoegjen op Wikidata. Ik wit net oft jo der folle oan hawwe sille, mar hy is my oait ris jûn, dat ik sil him yn elts gefal trochjaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jun 2019, 00.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Tige tank. Ik sil ris besykje Kneppelfreed (oerlis) 19 jun 2019, 06.52 (CEST)[beäntwurdzje]