Springe nei ynhâld

Zwinderen

Ut Wikipedy
Zwinderen
Zwindern
Lizzing fan Zwinderen yn 'e gemeente Coevorden
Lizzing fan Zwinderen yn 'e gemeente Coevorden
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal395 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak14,4 km² (14,23 km² lân, 0,17 km² wetter)
Befolkingsticht.28 /km²
Oar
FerkearsierenA37
Postkoade7864
Netnûmer0524
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 44' NB, 6° 41' EL
Kaart
Zwinderen (Drinte)
Zwinderen

Zwinderen (Nedersaksysk: Zwindern) is in doarp dat oan de A37 leit yn de gemeente Coevorden (foar 1998 Oosterhesselen) yn de Nederlânske provinsje Drinte , yn de trijehoeke, Coevorden, Hoogeveen en Emmen. It plak leit besúdwesten Oosterhesselen, beëasten Hoogeveen, benoardwesten Coevorden en bewesten Dalen. Benoarden it doarp leit de Zwindersche Esch, besúdwesten it doarp is it grutte Zwindersche Veld mei dêryn de nije delsetting Nij-Zwinderen oan it Kanaal Coevorden-Zwinderen, besuden Geesbrug, trochsnien troch it Zwindersche Kanaal. Zwinderen sels leit oan de Verlengde Hoogeveense Vaart mei de "Johannes Postbrêge'", "Zwinderskebrêge" en "Driftbrêge". De famyljes Rigterink en Oldenhuis hawwe in wichtige rôl yn de skiednis fan it doarp spile.

Op de brink fan it doarp leit in balstien ta betinking fan it 775-jierrich bestean fan Zwinderen (1217-1982). Zwinderen wurdt yn in oarkonde neamd fan de biskop fan Utert.

Boarnen neame: in Suinre (1217), de Swinre (1276), Swijnre (1295), Zwynderen (1527), Swinder (1811-13). Der binne twa teoryen fan dêr't plaknamme gearstald út wêze kin:

  • swin, zwin = wetterrin, ril, streamke (ôflaat fan swinan = ferdwine, verzwinden) en horne (= hoeke, herne).
  • swin en heri, hara = mei bosk bewoeksen hichte.

It kin dus betsjutte:

  • hoeke/herne oan de natuerlike wetterrin
  • sânige, bewoeksen hichte oan de wetterrin, yn dat gefal it Loodiep.

Yn Zwinderen lei yn de Midsiuwen inkelde geastlike guod. Yn 1615 waard it lienrjocht, dy't it kleaster Dikninge hie op it hiem Oldenhuis, foar 120 gûne ôfkocht troch in famylje, dy't himsels Oldenhuis neamde. Yn de santjinde iuw telde Zinderen fjouwer buorkerijen en ien skeperij. Yn 1794 wiene der fyftjin buorkerijen as gefolch fan it yntensivearjen fan de lânbou dy't yn Drinte geande wie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
Coevorden
Stêd:
Coevorden
Doarpen:
AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen
Buorskippen:
BallastDe HaarDe MarsDen HoolKibbelveenKloosterPadhuisPikveldSchimmelarijVlieghuisWeijerswold
· · Berjocht bewurkje