Buorkerij

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wurk op it lân.

In buorkerij is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei feetylt en/of ikkerbou. Ornaris leit it lân tichteby de pleats. Buorkerijen binne faak famyljebedriuwen, dy't soms generaasjes lang oererve wurde.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

At minsken in buorkerij begjinne, dan fêstigje hja harren dêr en komt der in ein oan it omswalkjen. Yn de rin fan de tiid wurdt it wurk op de pleats doelmjittiger en it belang fan buorkerijen hieltiten grutter; krekt oarsom nimt it tal persoanen dat dêr wurket hieltiten mear ôf. Skaalfergrutting makket dy yndustry doelmjittiger, wêrtroch tal fan buorkerijen yn de rin fan de tiid noch fierder weromrinne yn oantal. Yn Nederlân binne no sa'n tachtichtûzen buorkerijen en likernôch 1% fan de minsken wurket noch op in buorkerij.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]