Springe nei ynhâld

Meppen (Drinte)

Ut Wikipedy
Meppen (Drinte)
Bestjoer
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 372 (1 jannewaris 2019)
Oerflak 60 km²
Oar
Postkoade 7955
Koördinaten 52° 47' NB, 6° 42' OL

Meppen is in doarp yn de gemeente Coevorden, yn de Nederlânske provinsje Drinte. It doarp hearde foar 1998 by de eardere gemeente Zweeloo. It doarp hie op 1 jannewaris 2019 372 ynwenners. Dy binne ferparte oer 130 wenten en in oerflak fan 60 km².

It doarp leit yn it noardwesten fan de gemeente Coevorden, benoarden Oosterhesselen en bewesten Aalden. It doarp grinzget oan it bosk De Mepperdennen en it jeneverbeigebiet De Palms.

Kearn fan it doarp (1963)

De âldste spoaren fan bewenning binne fan om 5000 f.Kr. hinne. Der binne by Meppen meskes fûn, dy't hûd fan dieren bewurken. Ek is der in brûnzen út de brûnstiid fûn. Letter, yn de Midsiuwen waard Meppen it mulpunt fan bewenning yn it gebiet. De namme Meppen waard lykwols foar it earst neamd yn 1335, wylst oare plakken, dy't letter ûntstien binne, al earder neamd waarden.

Dy plakken, it hjoeddeiske Aalden, Zweeloo, Oosterhesselen, De Klencke, Gees, Zwinderen en in part fan Wezup soene letter ûnder de Marke fan Meppen falle. Dat wie de grutste marke fan it âlde Lânskip Drinte. De marke waard by de Markeskieding (1862 en 1868) útinoar helle.

Meppen hat ek in stoomtram hân. It idee fan in stoomtram tusken Coevorden nei Beilen oer Zweeloo, mei in ôftakking nei Schoonoord, sette út ein yn 1903. Mar it byelkoar krijen fan it nedige jild ferrûn dreech en úteinlik wie der ek krekt wat te min. Yn 1913 waard it fannijs besocht, ditkear foar in line tusken Coevorden en Assen (ek wer oer Zweeloo en Schoonoord). Yn 1914 like it derop dat der genôch jild foar wie en sette men út ein mei it oanlizzen fan de line dy't dwers troch heidelân gie. De line waard datselde jier yn gebrûk naam en waard benammen brûkt foar frachtferfier, mar ek foar persoaneferfier. De tram stopte yn Meppen by de tramhalte en kafee Nijhoving, dêr't no brassery HetTramlokaal yn fêstige is. De tram waard yn 1947 opheft om't dy net mear konkurrearje koe mei it ferfier oer de dyk.

Skriuwer Anne de Vries hat in skoft yn Meppen wenne.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Buorkerij Prakkehof út 1699, Middendorpstraat 2. Dêr wie in winkelmuseum yn fêstige, mar dat is wilens wer opheft.
  • 't Frensenhoes út let 1800, Dennekampen. Houtseagerij en houtbewurking mei masinen fan let 1800.
Coevorden
Stêd:
Coevorden
Doarpen:
AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen
Buorskippen:
BallastDe HaarDe MarsDen HoolKibbelveenKloosterPadhuisPikveldSchimmelarijVlieghuisWeijerswold
· · Berjocht bewurkje