Springe nei ynhâld

Gees

Ut Wikipedy
Gees
Bestjoer
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 610 (1 jannewaris 2004)
Oar
Postkoade 7863
Koördinaten 52° 45' NB, 6° 41' OL
Offisjele webside
www.geesweb.nl
Doarpsgesicht Gees

Gees (Nedersaksysk: Gies) is in iesdoarp yn de gemeente Coevorden (foar 1998 Oosterhesselen) yn de Nederlânske provinsje Drinte. Yn 2004 hie it doarp sa'n 610 ynwenners. Yn 2008 fierde it doarp syn 800-jierrich bestean.

In part fan it doarp, beëasten de Dorpsstraat, is beskerme doarpsgesicht en dêr steane in soad Saksyske pleatsen. It doarp hat mar in bytsje nijbou en hat syn oarspronklike karakter goed bewarre. Grutte iezen en weidlannen, dy't bylâns de beek de Geeserstroom lizze, binne tekenjend foar de marke fan Gees , allyk de bosken en heidelân fan de 1600 bunder grutte Boskwachterij Gees (Steatsboskbehear), dy't de helte fan it doarpsgebiet beslaan. Dy bosken waarden yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw op it heidelân oanlein. De Hooge Stoep is noch in bewarre bleaun stik heidelân.

Gees waard foar it earst neamd yn in oarkonde út 1208. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan gies, dat sokssawat as "ûnfruchtber" betsjut. It doarp leit nammers op in lange sânheuvel yn in gea dat eartiids ûnfruchtber wie. Net fier fan de marke fan Gees lizze stikken lân, dy't omkringe wurde troch beamwâlen, yn de deltmen fan it Loodiep en it Drostendjip. Dy deltmen, streamdellings, binne no part fan it natuergebiet de Hooge Stoep.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De karakteristike pleatsen
  • De Stien fan Gees: in grutte balstien, dy't yn it doarp leit foar it restaurant mei deselde namme. It is ien fan de grutste balstiennen yn Nederlân.
  • Galery en Byldetún Beelden in Gees.
  • Om it doarp hinne binne inkelde fakânsjeparken

Njonken de restaurant en inkelde ateliers binne der yn Gees net folle foarsjennings. Der is in grifformearde tsjerke en in grifformearde tsjerke frijmakke. De measte bewenners wiene lykwols fanâlds Nederlânsk herfoarme, mar dy giene nei Oosterhesselen, dêr't Gees foar 1998 gemeentlik ek ûnder foel. It doarp hat noch in iepenbiere legere skoalle. De protestantsk-kristlike legere skoalle hold der yn 2017 mei op.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Coevorden
Stêd:
Coevorden
Doarpen:
AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen
Buorskippen:
BallastDe HaarDe MarsDen HoolKibbelveenKloosterPadhuisPikveldSchimmelarijVlieghuisWeijerswold
· · Berjocht bewurkje