Springe nei ynhâld

Krim

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Krim)
De Krim yn Ruslân
De Krim yn de Oekraïne
De Krim

De Krim (Oekraynsk: Крим - Krym, Russysk: Крым - Krym, Krimtataarsk: Qırım) is in Oekraynsk skiereilân yn de Swarte See en de See fan Azov. De oerflakte is 27.000 km² en yn 2001 wennen der yn totaal [1] 2.413.228 minsken. Op de Krim leit de autonome Krimrepublyk mei as haadstêd Simferopol. It wichtigste havenplak is Sebastopol oan de Swarte See, dat gjin ûnderdiel fan de Krimrepublyk is, mar yn de Oekraïne in aparte status hat. Bekend is ek it baaiplak Jalta. Oare plakken fan belang binne Feodosia, Kertsj, Bachtsjisaraj en Hoerzoef.

De Krim is yn it noardwesten troch de lâningte fan Perekop ferbûn mei de rest fan de Oekraïne. De Strjitte fan Kertsj foarmet yn it easten de skieding mei it Russyske fêstelân.
De Krim bestiet foar it grutste part út steppe. Yn it suden leit it Krimgeberchte dat in hichte berikt fan 1545 meter. Súdeastlik dêrfan leit de kuststreek mei in mediterraansk klimaat dy't bekend is om syn wyn en syn baaaiplakken, wêrûnder Jalta.

Neffens de lêste sensus fan de Oekraïne (2001) hawwe de Krimrepubliek en Sebastopol tegearre 2.413.228 ynwenners. De befolkingsgearstelling wie:

Oare 3,8%

De meast sprutsen taal is it Russysk dat jildt as de lingua franca.

De Krim hat troch in grut tal folken bewenne west. De earste by namme bekende bewenners fan de Krim wiene de Skyten. Yn de 6e iuw foar Kristus festigen Griken harren oan de kust. Harren delsettings ferienen harren yn it keninkryk fan de Simmeryske Bosporus, dat fia it Romeinske Ryk Byzantynsk waard. Yn de 3e iuw kamen wilens de Grutte Folkeferfarren Goaten op de Krim, wêrfan spoaren yn taal en kultuer (Krim-Goaten) oant yn de 16e iuw te sjen wiene.

It is mooglik dat mei it "Colchis", yn de mite fan de Argonauten, de Krim bedoeld is.

Yn de 7e en 8e iuw waard de Krim troch de Kazaren beset, en waard it letter in ûnderdiel fan it ryk fan de Koemanen. Yn 1402 kaam it yn besit fan de Gouden Horde dy't der it Kanaat fan de Krim festige. De haadstêd wie doe Bachtsjysaraj, dy letter ferneamd waard om it epyske gedicht fan Poesjkin: De fontein fan Bachtsjisaraj

Ruslân en Turkije

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1475 waard dit kanaat, no regearre troch de Krimtataren, in fazal fan it Ottomaanske Ryk, dy't yn 1783 troch Ruslân ûnder Katarina de Grutte ferôvere waard. Dêrnei fjochtsje Ruslân en Turkije in iuw lang om it skiereilân, wêrfan it beruchtste konflikt de Krimoarloch (1853-1856) wie. Turkije krige hjirby stipe fan Frankryk en it Feriene Keninkryk en letter ek fan Piëmont-Sardynje.

Tusken ein 1917 en jannewaris 1918 bestie der efkes in ûnôfhinklike Folksrepublyk fan de Krim ûnder lieding fan de Krimtataren. De republyk waard yn jannewaris ynnaam troch de bolsjewiken. Op 18 oktober 1921, nei de Russyske Boargerkriich, waard op de Krim de Krimske Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk stifte. Dizze foel ûnder de Russyske SFSR. Doe't de Russyske SFSR him yn 1922 by de Sowjet-Uny oanslette, waard de Krim hjirmei dus ek in part fan de Sowjet-Uny.

Yn it begjin fan de 20e iuw hat de Krim nei in ymmigraasje fan in soad groepen en emigraasje fan de Krimtataren nei earne oars (bygelyks nei de Dobrûdzja) in tige mingde befolking. De lêste Krimtataren fan de Krim waarden, as straf fan it gearwurkjen mei Nazi-Dútslân, yn maaie 1944 ûnder it regear fan Stalin deportearre nei Sintraal-Aazje, in trageedzje dy't de sürgün neamd wurdt. Sûnt 1989 koene sy werom komme.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich waard der tige hurd fochten tusken oan ien kant de Dútsk-Roemeenske troepen en it Reade Leger oan de oare kant. De Dútskers wienen yn it begjin tige súksesfol en wisten de Krim al gau te besetten. Nei 8 moanne foel ek de havenstêd Sebastopel. Dochs yn it de maitiid fan 1944 sette it Reade Leger in grut offensyf útein en werôveren de Krim sa stadichoan werom. Op 12 maaie 1944 joegen de lêste Dútske troepen yn Sebastopel harren oer. Hjirmei wie de Krim wer hielendal ûnder kontrôle fan de Sowjet-Uny.

Op 30 juny 1945 ferlear de Krim syn autonomy. De Krimske ASSR waard omfoarme ta de Krimske Oblast

Part fan de Oekraïne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it bewâld fan Stalins opfolger Chroesjtsjov waard de Krim yn 1954 nei de Oekraynske Sosjalistyske Sowjetrepublyk oerbrocht. Dit wie dien saneamd om it feit dat de Oekraïne 300 jier by Ruslân hearde. Doe't de Sowjet-Uny yn 1991 útinoar foel, bleau de Krim by de Oekraïne. De oblast waard omfoarme yn in autonome Krimrepublyk. Oant 1995 wiene der gauris hurde konflikten tusken Ruslân en de Oekraïne oer it ferdielen fan de Swarte Seefloat en benammen ek de nasjonaliteit fan it skiereilân. Nei it freonskipsferdrach tusken beide lannen waarden de ferhâldings ferbettere. Ruslân pachte in part fan de militêre haven fan Sebastopel foar syn Swarte Seefloat. Mar spannings komme noch regelmjittich foar en is der ek noch gjin dúdlikens oer de rin fan de grins troch de Strjitte fan Kertsj.

Nei't de Oekraynske presidint Viktor Janûkowytsj fuorthelle waard, begûnen sawol pro-Russyske as pro-Oekraynske (foaral Tataren) groepen te protestearjen.[2] Nei dizze protesten hawwe ûnbekende militanten, letter identifisearre as Russyske troepen troch Putin[3], stadichoan it skiereilân ûnder harren kontrôle brocht. It Russyske regear hat dat besletten neffens harren sizzen en beskermje de Russyske minderheid. Dit wurdt de Krimkrisis neamd. Hjirby hat ek de premier fan de Krimrepublyk ôftreedzje moatten foar de pro-Russyske Sergej Aksjonov. Op 16 maart 2014 is yn de troch pro-Russische partyen dominearre Krimrepublyk in referindum organisearre mei de fraach oft men oansluting mei de Russyske Federaasje wol. De Oekraïne erkent lykwols it referindum net en beskôget Sergej Aksjonov en syn bestjoer as ûnwettich.

Oansluting fan de Krim by Ruslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 6 maart 2014 hat it Krimske parlemint ynstimd mei in dekreet dat bepaalt dat de Krim in part fan Ruslân wurdt. Ta tarieding hjirop waard op 11 maart in foarwurdlike ûnôfhinklikensferklearring tekene dat de Krim him ôf skiede sil fan de Oekraïne as de befolking foar oansluting mei Ruslân kieze sil. Op 16 maart 2014 waard in referindum oer oansluting by Ruslân hâlden, wêrby't de grutte mearderheid fan de befolking foar Ruslân stimde. De Oekraïne, de Europeeske Uny en de Feriene Steaten erkenne dit referindum lykwols net, om't sy foarôfgeande ûnderhannelings mei de Oekraïne nedich fine, en om't de Russyske militêre oanwêzigens de frijheid fan de stimming fersteure soe. It referendum waard ek yllegaal ferklearre troch de Feriene Naasjes.[4]

Op 18 maart 2014 waard offisjeel bekend makke dat de Republyk fan de Krim him oansletten hat by Ruslân.

  1. Census 05-12-2001 (Krimrepubliek+Sebastopol)
  2. The Guardian - Russia puts military on high alert as Crimea protests leave one man dead (argyf)
  3. Reuters - Putin admits Russian forces were deployed to Crimea (argyf)
  4. Reuters - U.N. General Assembly declares Crimea secession vote invalid (argyf)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]