Jalta
Appearance
Jalta | ||
Bestjoer | ||
Lân | Oekraïne | |
Republyk | Krimrepublyk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 78.032 (2011) | |
Oerflak | 28,3 km² | |
Befolkingsticht. | 2.758,29 / km² | |
Hichte | 40 m | |
Oar | ||
Stifting | 12e iuw, 1838 (stêd) | |
Postkoade | 98600-98649 | |
Tiidsône | EET (UTC+2) | |
Simmertiid | (UTC+3) | |
Offisjele webside | ||
www.yalta.com.ua |
Jalta (Oekraynsk en Russysk: Ялта; Krimtataarsk: Yalta; Armeensk: Յալտա) is in stêd yn de Krimrepublyk op de Krim, yn it suden fan de Oekraïne. De stêd op de noardkust fan de Swarte See is fral ferneamd fan de Konferinsje fan Jalta yn febrewaris 1945. It is in kueroarde en baaiplak dat fanâlds in protte minsken lûkt.
De stêd leit op it plak fan in âlde Grykske koloanje, dy't stifte wêze soe troch Grykske seelju dy't in feilich plak sochten (γιαλός – yalos yn 't Gryksk) om oan de wâl te gean. It plak wurdt omjûn troch boskige bergen en hat in waarm, fochtich, subtropysk klimaat mei wyngerts en hôven yn de omkriten.
De gemeente Jalta is lyk oan de stedsrayon Jalta.
Berne yn Jalta
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Val Lewton (7 maaie 1904), filmprodusint
- Elena Kolpachikova (17 febrewaris 1971), aktrise
- Joelja Vakoelenko (10 july 1983), proftennisster
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yalta fan Wikimedia Commons. |