Josef Stalin

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Stalin")
Gean nei: navigaasje, sykje

Josef Stalin (Georgysk: იოსებ ბესარიონის ძე ჯუღაშვილი, oarspronklike namme Iosseb Bessarionis dze Dzjoegasjvili, Russysk: Иосиф Виссарионович Сталин, Iosif Vissarionovitsj Stalin; 18 desimber j.k. 6 desimber 1878, Gory5 maart 1953, Koentsevo) wie de twadde lieder fan de Sowjetuny, fan 1928 oant syn dea. Syn diktatoriale en bysûnder wrede bewâld brocht it lân ta in grutte ekonomyske groei. Dy ekonomyske groei hat lykwols miljoenen minskelibbens koste.

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stalin yn 1902

Josef Stalin waard berne yn 1878. Syn heit wie skuonmakker en koe mei mar krekt genôch jild fertsjinje om syn húshâlding troch de tiid te krijen. Syn heit sloech syn frou en bern. Stalin wie it ienichste bern fan de fjouwer dy’t syn jeugd oerlibbe hat. Hy stoar hast doe’t er fiif jier âld wie oan de pokken. Syn antlit hat altiten bedutsen west mei dobkes. Ek rûn er in ferwûning op, wêrtroch't syn lofterhân koarter wie en minder goed brûkber as syn rjochter. Neidat Stalin syn heit yn 1890 stoarn wie, waard Stalin fierder opfieden troch syn mem, Jekaterina. Jekaterina besleat dat Josef Stalin preester wurde moast. Hy helle goede sifers, mar hy ferliet dôchs yn 1899 de seminaria sûnder de oplieding ôf te meitsjen. Yn dy tiid wie Stalin op 'e siik om syn libben betsjutting te jaan. De tsjerke koe him dit net jaan. Doe kaam it Marksisme yn byld.

Marksisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Stalin foar it earst hearde fan it Marksisme wie Ruslân in grut lân. De befolking telde likernôch 130 miljoen minsken. Dêrfan wienen der 90 miljoen boer. Der wienen yn hiel Ruslân mar 104.000 minken dy’t in universitêre oplieding folge hienen. Grutte earmoede joech de Marksisten in goeie hoop op in grutte oanhang.

Yn 1901 wie Stalin lid wurden fan in Georgyske sosjalistyske partij. Dizze party wie drok dwaande om de revolúsjonêre ideeën oer te bringen by de Georgyske arbeiders. Stalin naam al gau in belangrike rol yn. Yn 1902 wurdt Stalin troch de plysje oppakt en nei Sibearje stjoerd. Mar it slagge him om te ûntsnappen en werom te gean nei de Kaukasus. Stalin begûn yn dizze tiid Lenin te stypjen. Stalin koe him net bemuoie mei de organisaasje hy moast hieltyd flechtsje foar de plysje. Tusken 1908 en 1917 wie hy mar oardel jier frij. Troch syn ferbliuw yn it gefang hie hy de tiid om him goed yn te lêzen yn de marksistyske literatuer. Hy slagge deryn om namme te meitsjen as partijlid en as organisator. Hy gie faak mei op reis mei Lenin. Yn 1904 is Stalin troud. Dit hat mar in koart houlik west. Syn frou stoar al yn 1907. Se hienen ien soan mei de namme Yakov Stalin.

By de Russyske revolúsje fan maart 1917 wurdt Stalin net echt ferneamd. Manlju lykas Lenin en Trotski stienen yn de belangstelling. Mar Stalin klom wol hieltyd fierder omheech. Yn april wurde hy lid fan it Sintrale Komitee fan de Bolsjewistyske partij. Stalin wurke troch, mar die dit foaral efter de skermen. Yn it nije kabinet krige Stalin in ûnbekende post. Hy wurde minister fan Nasjonaliteiten. Hy soarge derfoar dat er altyd yn de buert fan Lenin bleaun. Yn 1919 wurdt Stalin lid fan it Polytburo. Dit wie in tige belangrike organisaasje. Stalin gie him hieltyd mear dwaande hâlden mei de organisaasje fan de partij. Fan 1922 ôf wie Stalin siktaris generaal fan de partij. Hy soarge sa foar de yn syn eagen goeie beneamingen yn de bolsjewistyske partij. De konkurrinten fan Stalin seagen wat der barde. Stalin wurde hieltiten machtiger en se koenen der neat tsjin dwaan.


Oant 1922 wie Stalin ôfhinklik fan de beskerming fan Lenin. Mar Lenin koe dizze beskerming net mear jaan. Syn gesondheid gie hurd efterút. Foar Stalin net botte slim. Lenin fertroude Stalin net mear. It kaam sels ta spul yn 1923. Dit hat Stalin nea tajaan wold. Nei de dea fan Lenin like it derop of soe Trotski de machtigste man fan de Sowjetuny wurde. Hy wie de man mei it talint en it garisma en net Stalin. Dôchs soe Stalin winne. Hy samle snel in groep machtige minsken om him hinne. Dêrneist die Stalin krekt as wie hy de meast logyske opfolger fan Lenin. Stalin beskuldige Trotski der fan dat hy net mear it goeie Marksisme oanhong. Yn 1925 wie Trotsky gjin bedriging mear. Yn 1927 moast Trotski nei Sibearje. Neidat hy twa oare machtige mannen útskeakele, Kamenev en Zinovjev, wie Stalin yn 1928 de hearsker fan de Sowjetuny.

Syn regear.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1928 begun Stalin mei ien fan syn grutste projekten. De Kollektivisaasje fan de boeren en de striid tsjin de Koelakken. Dizze Koelakken wienen rike boeren dy’t grutte stikken grûn besieten. Mar ek tsjin boeren wurde maatregels ûndernommen, op dizze manier woe de partij de macht krije oer alle boeren. De maatregels rôpen in soad ferset op by de boeren. Mar Stalin wie wreed en betocht de hurdste maatregels om alles trochgean te litten. De lânbou produksje gie hurd nei ûnderen en der briek hongerneed út. Miljoenen boeren gienen yn dizze perioade dea.

Mar Stalin woe mear. Hy begûn in grut projekt om de yndustrialisaasje op gong te helpen. Dit wie in grut súkses. Yn 1937 wie de produksje fjouwer kear sa heech as oan it begjin fan de yndustrialisaasje.

De oarloch.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stalin die alles om de macht te behâlden. Hy seach oeral komplotten. Hy hat meardere kearen it leger en de partij suvere. Dit suverje hâldt yn dat guon in sjo-proses krigen. Allegear bekenden se neidat se earst foar lange tiid martele wienen. De suveringen soargen derfoar dat alle minsken djip respekt foar Stalen hienen. Mar yn 1941 lieten de suveringen ek in negative kant sjen. De Dútsers foelen de Sovjetuny oan op 22 juny 1941. Partijleden doarden gjin beslissingen te nimmen út angst om deamakke te wurden. Mar ek it leger hie in probleem. Tûzenen ofsieren waarden arrestearre en troch minsken ferfong dy’t noch neat presteard hienen. Stalin bemuoide him mei de troepenpleatsing. Dit wienen net altyd goeie beslissingen. Dit blykt wol út de earste moannen fan de oanfal. Grutte dielen fan de Sovjetuny wurde ferovere troch de Dútsers. Stalin beneamde himsels as haadbefelhawwer, hy liet alles en iderien opdrave om mei te fjochtsjen. Dit soarge derfoar dat net it hiele lân ynstoarte soe. Hy wie hurd foar it lân mar ek hurd foar himsels. Hy wegere syn soan Yakof Stalin) út te wikseljen, dizze soan siet gefangen. Dêrtroch liet er him deasjitte, hy fûn dat in echte Sovjet him net gefangen nimme liet.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie de kaart fan Jeropa feroare. En de Sowjetuny wie it lân wat it meast profiteare. It lân wie ien fan de wrâldmachten wurden. It hat in soad koste. It oantal Russyske slachtoffers wurdt rûst op likernôch 22 miljoen deaden. It foar de Sovjetuny belangrykste westlike diel is finaal ferwoaste. Mar dôchs lei Stalin de swipe oer it folk. It lân moast sa gau mooglik wer opboud wurde. Stalin hearde by de winnende partij yn de oarloch. Hy hie wûn fan Dútslân en Japan. Stalin wurde yn Ruslân noch mear fereare as foar de oarloch.

Yn Jalta nei de twadde wrâldoarloch

Syn dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin jierren 50 wurdt Stalin wer erchtinkend. Hy riede nije suveringen ta. Mar hy gie dea foardat hy de suvering útfiere koe yn 1953. Hy wurde bysetten njonken Lenin yn it mausoleum. Lang hat hy dêr net lein. Under syn opfolger Nikita Chroesjtsjev kaam der in ein oan de persoansferhearliking fan Stalin. Yn 1956 by it tweintichste partijkongres die Chroesjstov in boekje iepen oer Stalin. Hy beskuldige him fan machtsmisbrûk, skiednisferfalsking en politike flaters. Dit sloech yn as in bom, tritich leden fan de 1600 minsken fan it kongres krigen in hertoanfal of foelen flau. Under de rede jankte Chroesjstov der oer. Dôchs binne der nog altyd in soad minsken dy’t Stalin sjogge as de sterke man, en de grutte lieder.