Springe nei ynhâld

Elim

Ut Wikipedy
Elim
Lizzing fan Elim yn 'e gemeente Hoogeveen
Lizzing fan Elim yn 'e gemeente Hoogeveen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Hoogeveen
Sifers
Ynwennertal2.330 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak13,12 km² (13,09 km² lân, 0,03 km² wetter)
Oar
Postkoade7916
Netnûmer0528
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 41' NB, 6° 35' EL
Offisjele webside
elim-drenthe.com
Kaart
Elim (Drinte)
Elim

Elim is in kolonistedoarp yn de gemeente Hoogeveen súdeastlik fan Hoogeveen en Hollandscheveld. It is kearn fan in grut gebiet mei fersprate bewenning oan in rjochthoekich strjittepatroan. It doarp hat 2.330 ynwenners en 886 wenten (1 jannewaris 2023).

Elim wurdt foar it earst neamd yn 1915. De namme is ûntliend oan it Alde Testamint. It is de oaze dêr't de Israeliten taholden nei harren tocht troch de Reade See. Yn it earstoan hjitte de koloanje Dwersgat, dêrnei Hollandsche Veld Zuidoost. De nammeferoaring hat te krijen mei de stichting fan in Herfoarme gemeente yn 1915.

Herfoarme PKN-tsjerke

Elim en omkriten is it risseltaat fan in lange ûntginningsoperaasje troch ûnder oare de Bentinck Kompanjy, de Hollânske Kompanjy en de Ritmaster's Kompanjy oan de ein fan de 18e iuw. Op de Frânske kaart (1811-13) steane harren besittings oanjûn. Atlassen út 1851-1900 tsjutte it hiele feangebiet besúdeasten Hoogeveen oant de grins mei Oerisel oan as (It) Hollânske Fjild.
Op de Brink stiet it byld fan de Pullefarder, dy't eartiids de molkbussen fan de boeren alle dagen nei it molkfabryk yn Hoogeveen brocht. Op pulledei, de earste tongersdei fan de moanne, gienen de boeren nei it fabryk om it pullejild op te heljen; dêrnei waarden ynkeapen dien op de feemerk en yn de winkels.

De skelnamme foar de ynwenners is: Elimiten.

De pleatslike fuotbalklub is SC Elim, de kuorbalklub hjit KV Elko.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
Hoogeveen
Doarpen:
AlteveerElimFluitenbergHoogeveenHollandscheveldNieuw MoscouNieuweroordNieuwlandeNijstadNoordscheschutPesseStuifzandTiendeveen
· · Berjocht bewurkje