Springe nei ynhâld

Max Liebermann

Ut Wikipedy
Max Liebermann
keunstner
Max Liebermann, 1904 Foto Jacob Hilsdorf
Max Liebermann, 1904
Foto Jacob Hilsdorf
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Dútslân Dútsk
berne 20 july 1847
berteplak Berlyn
stoarn 8 febrewaris 1935
stjerplak Berlyn
wurkpaad
wurksum as Skilder, dosint, yllustrator
streaming naturalisme, ympresjonisme
jierren aktyf 1863-1935

Max Liebermann (Berlyn, 20 july 1847 - dêre, 8 febrewaris 1935) wie in Dútske keunstskilder, grafikus, pastellist en yllustrator. Dêrneist wie er professor oan de Königliche Akademie der Künste yn Berlyn en presidint fan de Preußische Akademie der Künste ek yn Berlyn. Yn syn wurk makke er de ûntjouwing fan realisme nei ympresjonisme troch.

Liebermann yn Katwyk oan 't wurk, 1894

Max Liebermann wie de soan fan in tige begoedige Joadske yndustrieel Louis Liebermann en Philippine Haller. Yn 1863 krige er syn earste tekenlessen fan Carl Steffeck yn Berlyn. Yn 1866 folge er twa semesters lang in oplieding oan de filosofyske fakulteit fan de Humboldtuniversiteit yn Berlyn. Dêrnei wie er warber yn it atelier fan Steffeck. Fan 1868 folge er ûnderrjocht oan de Grossherzoglich-Sächsische Kunstschule yn Weimar, dêr't er les krige fan Ferdinand Pauwels en Courbet-learling Karel Verlat. Yn 1871 gie er nei it atelier fan de Hongaarske skilder Mihály Munkácsy yn Düsseldorf, waans wurk grutte yndruk makke op Liebermann. Oanslutend makket er in koarte reis nei Nederlân.

Yn desimber 1873 gie er nei Parys. Hy moete Munkácsy, Troyon, Daubigny, Corot, Millet en Manet. Yn it Louvre wijde er him oan de stúdzje fan de Hollânske masters. Yn 1874 en 1875 haldt er simmers ta yn Barbizon, dêr't er dwaande wie mei plein-air skilderjen. Fan 1874 oant 1914 skildere er simmerdeis yn Nederlân, somtiids tegearre mei Isaac Israëls dy't in goefreon fam him waard. Hy waard dêr beynfloede troch de skilders fan de Haachske Skoalle, mar brûkte mear kleur yn syn wurk as dyselden. Foaral Laren, Skeveningen en Noardwyk. Yn 1879 makke er in reis troch Italië. Yn Feneetsje moete er Franz von Lenbach, dy't him oerhelle him yn München te fêstigjen. Hy wenne fiif jier yn München oant er yn 1884 nei Berlyn ferhuze. Simmer 1881 besocht er ûnder oare Amsterdam en Dongen; yn Skeveningen krige er kûnde oan Jozef Israëls. It skilderij "Die Rasenbleiche" ûntstie 1883 yn Zweeloo. Yn 2013 joech de Deutsche Post in postsegel fan 2,40 euro út mei dat motyf.

Yn Berlyn waard er yn 1897 beneamd ta perfester oan de Königliche Akademie der Künste. Fan 1899 oant 1911 wie er foarsitter fan de Berliner Sezession. Yn de simmer fan 1902 reizge er mei syn hûshâlding nei Italië, dêr't er ûnder mear Florence en Rome besite brocht. Yn 1909 kocht er in stik grûn oan de Großer Wannsee, dêr't er in filla mei atelier op sette liet neffens in ûntwerp fan arsjitekt Paul Baumgarten. Baumgarten ûntwurp ek de tún, dy't faak troch Liebermann tekene en skildere is. Yn 1911 moast er fanwegen problemen mei jongere keunstners syn foarsittersskip fan de Berliner Sezession oerjaan; Lovis Corinth folge him op.

Yn 1920 waard er beneamd ta foarsitter fan de Preußische Akademie der Künste. Oant 1932 waard er elts jier op 'en nij keazen; dêrnei wie er earefoarsitter. By gelegenheid fan syn 80e jierdei yn 1927 waard er eareboarger fan Berlyn. Yn 1933 waard Hitler as rykskânselier fan Dútslân keazen. Fanwegen syn Joadske achtergrûn gie Liebermann doe ôf as earefoarsitter fan de Preußische Akademie der Künste. Dêrnei gie er by de krekt oprjochte Kulturbund Deutscher Juden en joech jildlike stipe oan jonge joaden, dy't nei Palestina flechte woenen. De lêste jierren fan syn libben waard Liebermann mijd troch de Dútske keunstnersmienskip. Hy stoar soasjaal isolearre.

Liebermann wie goed 65 jier aktyf en makke sa'n 1200 oaljeferveskilderijen. De earste desennia fan syn karriêre waard syn wurk ferhune troch de krityk; hy skildere doe noch naturalistysk. It wie net syn fakmanskip dat de kritisy op de efterste poaten brocht, mar wol de kar fan syn ûnderwerpen: ienfâldige arbeiders, froulju dy't guozzen plôkje of griente wasje, sokke dingen skilderje diene hja net. Bibelske tafrelen, mar dochs net in boerinne dy't har bargen fuorret! Jierrenlang waard Liebermann de ‘apostel fan de lilkens’ neamd. Dochs wie er paadsljochtsjend en avant-gardistysk. Doe't er letter portretten skildere, faak yn opdracht, waarden dy ek delsabele om't er it ferhipte syn modellen te idealisearjen. It wiere ympresjonistyske wurk kaam earst ein 1900. Yn Nederlân liet er him ynspirearje troch de wrydske lânskippen, de see en it strân. Yn 1910 liet er in simmerhûs oan de igge fan de Wannsee ûnder Berlyn sette, fan doe ôf oant syn dea skildere er foaral syn tún. De blommen hie er útsocht mei it each op wat er skilderje woe. Liebermann wie ien fan Dútslân syn meast foaroprinnende ympresjonisten, hy hie genôch jild om him syn hiele libben ûnôfhinklik oan de keunst wije te kinnen.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Max Liebermann