Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld
Nationaal Park Het Drents-Friese Wold
It Doldersummerfjild fan 'e útsjochtoer ôf (novimber 2004).
It Doldersummerfjild fan 'e útsjochtoer ôf (novimber 2004).
Lokaasje
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag Drenthe.svg Drinte
Frisian flag.svg Fryslân
Koördinaten 52°55′ N 6°20′ E
Oar
Oerflak 61 km²
Stifting 2000
Webside www.nationaalpark-drents-friese-wold.nl
Kaart fan it nasjonaal park

It Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld is in nasjonaal park dat bestiet út in grut oaniensletten natuergebiet op de grins fan de Fryslân en Drinte. It mear as 6100 hektare grutte Nasjonale Park bestiet út bosk, heide en stosân.

Belangrike plakken oan de rânen fan it park binne de doarpen Appelskea yn Súdeast-Fryslân en Doldersum, Diever, Hoogersmilde, Wapse en Vledder yn Drinte.

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It karakter fan it gebiet is yn grutte mate beynfloede troch de esdoarpekultuer. Grutte dielen lykas it Doldersummerfjld, Aekingersân, Berkenheuvel en Wapserveld waarden iuwenlang troch de boeren út de omlizzende doarpen brûkt foar it beweidzjen troch skiep. Troch dy iuwenlange beweiding en it ôfplagjen fan seadden foar de potstâlkultuer, waarden mineralen ôffierd en ferskraalden grutte stikken fan de soere sângrûn. Op dy plakken ûntstienen heidefjilden en bytiden ek stosân. It Aekingersân by Appelskea hjit yn de folksmûle ek wol de 'Keale dunen'.

Utsjochtoer by it Doldersummerfjld, jannewaris 2005

Benammen op dy stosânen ûntstiene lytse hichten of dúntsjes. Letter, yn de 19e iuw, nei de útfining fan keunstdong, waard de stosânen en heideterreinen (of 'woeste grûnen') beboske. Der waarden ynlânske soarten plante as iken en dinnen, mar ek útlânske soarten as Douglasspjirre, Amerikaanske iik of Japanske lariks.

De Vledder Aa nimt in bysûnder plak yn yn dit Nasjonaal Park. Dy beek is de ienige yn Nederlân dy't syn bopperin folslein yn in natuerlike omjouwing lizzen hat. In de jierren 2002 en 2003 is wurke oan it fannijs oanlizzen fan de natuerlike bopperin fan de beek.

Kultuerhistoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutte stikken fan it gebiet spilen in wichtige rol yn de esdoarpekultuer. Mar der binne al folle âldere spoaren fan bewenning. By Diever leit in hunebêd oan de râne fan it park. Net fier fan Doldersum lizze in pear grêfhichten en op ferskate plakken binne spoaren fan bewenning út it Neolitikum (Lette Stientiid) en de izertiid fûn.

Midden yn it park, fiif kilometer fan Diever, leit in ûnderdûkershoale út de Twadde Wrâldoarloch.

Floara en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aekingersân by Appelskea, jannewaris 2005

Sa'n grut oaniensletten natoergebiet biedt romte oan ferskate soarten planten en bisten. Nijsgjirrich om te neamen binne:

Fauna

Floara

Foar in oersjoch fan de fûgels dy't yn it Drintsk-Fryske Wâld briede, sjoch

Behear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne fjouwer wichtige behearders fan dit Nasjonaal Park:

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it hiele park leit in wiidweidich stelsel fan asfaltearre fytspaden. In soad toeristen komme der dan ek om te fytsen. Steatsboskbehear hat foar mountainbikers aparte rûtes oanlein.

By Appelskea stiet it besikerssintrum Drintsk-Fryske Wâld , dêrnjonken is der in ynformaasjesintrum yn Diever.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]