Springe nei ynhâld

Wapse

Ut Wikipedy
Lizing yn de gemeente Westerfjild
Doarpswapen

Wapse is in esdoarp yn de Drintske gemeente Westerfjild, mei ± 700 ynwenners (mei útbuorren, 1 jannewaris 2011). It doarp leit sirka 21 kilometer noardwestlik fan Hoogeveen, tusken Vledder en Diever, oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. It doarp makke oant 1998 diel út fan de gemeente Diever.

Wapse wurdt al yn 1447 neamd, mar de betjutting fan de namme is ûnbekend. Ut Wapse wei ûntstie yn de midsiuwen troch ûntginning fan in beekdal it lintdoarp Wapserfean.