Haulerwykster Feart

Ut Wikipedy
De Haulerwykster Feart yn Haulerwyk (2009)

De Haulerwykster Feart (Stellingwerfsk en offisjeel: Haulerwykster Voart) is in feart fan 7,4 kilometer yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint bylâns de N917 fan Waskemar nei Haulerwyk.

De namme Haulerwiekster Vaort jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Haulerwijkstervaart.