Beachrockers Festival

Ut Wikipedy
Beachrockers Festival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Sint-Nyk
holden yn De Ulesprong
tiid fan it jier begjin july
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 2009 – no
org. troch Stifting Beachrockers Festival
offisjele webside
beachrockers.nl

It Beachrockers Festival is in twadeisk muzykfestival dat elts jier op in freedtejûn en de dêropfolgjende sneon yn begjin july organisearre wurdt yn it Fryske doarp Sint-Nyk. It ûntlient de ferwizing nei it strân (beach) oan 'e lokaasje, yn it rekreaasjegebiet De Ulesprong, dat east fan Sint-Nyk oan 'e noardkant fan 'e Tsjûkemar leit. It Beachrockers Festival waard foar it earst holden yn 2009. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Beachrockers Festival, dy't anno 2018 ûnder lieding stie fan Sint-Nykster Gerrit Kooystra, better bekend as DJ Praia del Sol.

It Beachrockers Festival besiket elts jier in bekende Nederlânske muzikant of band te finen om op harren evenemint op te treden. Yn 2018 wie dat bygelyks de band Broederliefde. De organisaasje fan it festival, dêr't likernôch 150 frijwilligers by belutsen binne, begjint sân moannen yn 't foar al, as de artysten boekt wurde moatte.

Op 'e earste edysje, yn 2009, ferwachten de organisators in publyk fan sa'n 500 persoanen, mar der kamen tûzen man opsetten. Sûnt groeit it Beachrockers Festival elts jier wat. Yn 2018 wiene der op 'e freedtejûn 2.000 minsken, en op 'e sneon 6.000. De kaartsjes wiene de tiisdei foarôfgeande oan it festival al útferkocht, en der wie dus mear fraach as oanbod, mar de organisaasje woe net mear minsken talitte om't de foarsjennings (tagong fan 'e bar, húskes ensfh.) dêr net op berekkene wiene.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: