Strjitten yn Sint-Nyk
Appearance
De Strjitten yn Sint-Nyk:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Baron van Hardenbroekstrjitte - G.C.D. d'Aumale Baron van Hardenbroek wie boargemaster fan Doanjewerstâl fan 1923-1934.
- Boskrâne - nei it âldereinhûs dat eartiids oan de râne fan de bosk stie.
- Bouwen - nei de túnbougrûn dy't dêr lein hat.
- Boppekruier - wynmole wêrfan de kape draaid wurde kin om him op de wyn te setten.
- C Faberleane - Cees Faber wie promotor fan de Fryske hyndersport, mei-oprjochter fan de ryd- en menferiening "De Oarsprong" en it Fryske Fjouwerspan.
- De Bast - bûtenste râne (bast) fan wenwyk De Houtring.
- De Buffer - stjitmechanisme fan treinen. No buffer tusken doarp en lânskip.
- De Pit - binnenste fan in beam, midden fan wenwyk De Houtring.
- De Rijlst - namme komt fan 'der ylst', 'yl' betsjut hurde grûn. In plak mei hurde grûn wurdt ylst neamd, en op dy hurde grûn waard de wei oanlein.
- De Spoarbyls - ferwizing nei de eardere stoomtram dy't tusken 1910-1967 tusken De Lemmer en It Hearrenfean oer De Jouwer en Skarsterbrêge rûn mei in halte yn Sint-Nyk..
- De Stamme - diel fan in beam
- De Tûke - diel fan in beam
- De Twiich - lyts takje, no in lyts strjitsje. Hiet eartiids de Nijholtsbuert omdat hjir in soad Nijholts wennen.
- De Wjukken - ûnderdiel fan in mole.
- Dobbeleane - Oan it begjin fan dizze wei wie eartiids in drinkensdobbe foar it fee.
- Eysingastrjitte - Jonkhear Frans Julius Johan van Eysinga wie twa kear grytman fan Doanjewerstâl: 1773-1795 en 1816-1819.
- Fazant - nei de fazant as hineftige fûgel.
- Fenusstrjitte - nei de planneet Fenus en de goadinne fan de leafde en de skientme Fenus.
- Finkebuorren - earder in útbuorren fan Jiskenhuzen oan in sândyk. De lytse húskes dienen oan fûgelhokjes tinken.
- Gaastwei - oant ± 1965 de ienige ferbining mei Gaasterlân. In gaast is in sânlaach.
- Groenendal - namme stiet al op in âlde kaart út 1850. Soe neamd wêze kinne nei in eigennamme.
- Heemstrastrjitte - Hector L. Sixma, Baron fan Heemstra wie boargemaster fan Doanjewerstâl fan 1907-1922. Hy liet "Doniastate" bouwe oan de dyk nei Hústerheide.
- Heide - oant begjin 19e iuw wie hjir heide.
- Houtsnip - de houtsnip is in fûgel dy't yn boskgebieten nestelt.
- Hústerheide - neamd nei de pleats, kafee en loazjemint op de trijesprong nei Langwar. Yn 1955 slim beskeadige troch in wynhoas en ôfbrekke.
- Yndustrywei - earste dyk op it yndustryterrein.
- It Blêd - diel fan in plant.
- It Perron - nei it perron op it tramstasjon (1901-1967)
- It Sein - nei it tramstasjon (1901-1967)
- Jupiterstrjitte - nei de Oergod fan de Romeinen en de planeet Jupiter.
- Kade - Oan 1962 ta wie hjir in haven mei kade dy't troch de Sint-Nyksters Opslach neamd waard. Skippen brochten hjir sân, grinte en merke-attraksjes.
- Kempenaerleane - Van Anfdringa de Kempenaer wie grytman fan Doanjewerstâl fan 1840-1847.
- Langwarderdyk - ferbiningswei fan Hústerheide en Langwar
- Lemsterdyk -Oant ± 1962 wiie dit de haadferbining mei De Lemmer.
- Marsstrjitte - nei de Romeinske oarlochsgod en de planeet Mars.
- Merkuriusstrjitte - Nei de Romeinske god fan de hannelsreizgers en de planeet Merkurius.
- Molekape - boppeste diel fan in mole.
- Molewei - neffens it floreenregister fan 1758 soe hjir in mole stien hawwe.
- Molier - De Molier wie de feart nei de eardere wettermole oan de Sint-Nykster Feart (ek: Aldfeart).
- Neptunusleane - nei de Romeinske god fan it wetter en de see, ek de planeet Neptunus.
- Noed - wei mei bebouwing tusken Sint-Nyk en Jiskenhuzen. Earder ek wol Doarpwyk of Poelwyk neamd. Noed is in stik lân dat noed freget omdat de grûn dêr sa sompich is.
- Oer it Spoar - strjitte leit út de buorren wei sjoen oan de oare kant fan de eardere trambaan.
- Omloop - omrin om in mole
- Patrys - nei de patriis as fûgel.
- Poarte - tagong fan it yndustryterrein.
- Rengersstrjitte - B.E.S. van Welderen Baron Rengers wie boargemaster fan Doanjewerstâl tusken 1859-1896. Stifter fan Boschoord yn Hústerheide.
- S Hepkemaleane - Sietze Hepkema wie foarsitter fan de kommisje dy't it behear hie oer Wilhelminaoord. Wie ek direkteur fan it eardere Condensfabryk yn Ljouwert.
- Saturnusstrjitte - Nei de Romeinske god fan de fruchtberheid en Saturnus as seisde planeet fan it sinnestelsel.
- Skarleien - it gebiet fan de skarren en leien. Leien binne leechlizzende lannen. Yn 1845 troch jonkhear Van Bijma ynpoldere.
- Schonegevelstrjitte - C. van Nijmegen Schonegevel wie hboargemaster fan Doanjewerstâl fan 1897-1907.
- Skoalstrjitte - Fan ± 1850 ôf stie hjir in skoalle oan. Earst in steatsskoalle fan ûnder oare master Fedde Hernant, letter de iepenbiere skoalle.
- Schwartzenbergstrjitte - W.J.J. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg, grytman fan Doanjewerstâl fan 1847-1852.
- Slotwei - de Slotpleats. Namme is ûntliend oan it slatten fan sleatten.
- Stasjonsstrjitte - wei nei it eardere tramstasjon fan de line It Hearrenfean-De Lemmer. Yn 1901 iepene. Yn 1948 sluten foar persoaneferfier en yn 1967 foar frachtferfier.
- Tsjerkeleane - leane foar tsjerkegongers út Jiskenhuzen en Langwar nei de roomske tsjerke yn Sint-Nyk.
- Tsjerkestrjitte - Fan 1835 ôf wie hjir in steatstsjerkje, de hjoeddeiske tsjerke is fann 1887.
- Tsjûkemarwei - Sûnt 1970 de ferbining fan Sint-Nyk mei de A6 rjochting de Tsjûkemar
- Uranusstrjitte - nei de âldste god út de Gryske mytology en de planeet Uranus.
- Van Burumstrjitte - nei Alard fan Burum, grytman fan Doanjewerstâl tusken 1705-1722.
- Vegilinstrjitte - Johan Vegilin van Claerbergen wie grytman fan Doanjewerstâl fan 1722-1772. Liet yn 1740 de Trijegeatsrepolder ynpolderje en lei om 1750 hinne de Vegelinsbosk oan.
- Voermanstrjitte - M.L. van Woestijne Voermnan wie boargemaster fan Doanjewerstâl tusken 1852-1858.
- Westein - tal huzen oan de westside bûten it doarp
- Wilhelminastrjitte - yn 1950 oanlein en ferneamd nei frou Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra van Welderen baronesse Rengers.