Houtsnip
| houtsnip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Scolopax rusticola | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De houtsnip (Scolopax rusticola) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels, dy't yn boskgebieten nestelet. De houtsnip wurdt ek wol ûlekop of wâldsnip neamd.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dizze 33 oant 38 sm lange snip is in rûne en kompakte fûgel mei in lange en rjochte snaffel fan likernôch 7 sm. De spanwiidte is 56 oant 60 sm en hy weaget 300 gram. Hy hat likernôch it formaat fan in hôfdo. Op 'e boppedielen is de fûgel swarte, jiskegriis en readbrún; de ûnderkant is ljocht mei brune streken. Syn snaffel is fleiskleurich en hat in swarte punt. De eagen binne grut en steane fier nei efter, sadat de fûgel rjocht nei foarren en nei efter sjen kin. Fierder hat de fûgel swarte markearingen op 'e kop en nekke. De frijwat stompe wjukken binne swartbrún mei readbrune en brúngiele dwersplakken. De sturt is swart mei readbrune dwersplakken en in grize punt. De poaten binne brúngriis en de hiele ûnderpoat is befearre.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn in grut part fan it paleärktysk gebiet foar, mar net yn it hege noarden en de noardlike dielen fan Sibearje. It briedgebiet leit fan it westen fan Europa ynklusúf de Britske eilannen oant Ruslân. Likernôch in tredde fan 'e wrâldpopulaasje briedt yn Europa, werfan't 90% yn Ruslân en Skandinaavje. De measte Europeeske en Aziatyske populaasjes binne trekfûgels en oerwinterje yn Súd-Europa en it suden fan Aazje, mar de Westeuropeeske fûgels binne mear stânfûgels. Yn oktober en novimber trekke de fûgels nei de wintergebieten. De migraasje nei de briedgebieten begjint yn febrewaris en yn maart en yn maaie komme se dêr oan.
Wat de foarkar foar biotoop oanbelanget is de houtsnip oars as oare famyljeleden. Dizze snipfûgel libbet benammen yn mingde- en leafbosken ûnder tichte strûken. It bosk moat in wiete boaiem ha en in tsjokke humuslaach; yn bosk op earme sângrûn komt de houtsnip net of hast net foar. Syn Nederlânske famyljeleden, it waarlamke en de haarsnip, libje yn in hiel oare biotoop, nammentlik oan 'e wetterkant fan lytse puollen en marren.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân binne houtsnippen it hiele jier te finen. De tichtste konsintraasjes binne yn Drinte, it easten fan it lân en it easten fan Noard-Brabân te finen. Yn Fryslân briedt de fûgel it meast op 'e eilannen en yn it súdeasten fan 'e provinsje en Gaasterlân. Winterdeis wurde de stânfûgels oanfolle mei wintergasten út Noardeast-Europa.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De houtsnip is de grutste snipeftige fan Nederlân. Hy libbet in skou en stil libben en lit him net faak sjen of hearre, allinnich yn it briedseizoen komt hy ta libben. Mei troch de tige goede kamûflaazjekleuren falt de fûgel net op. Hy is meast yn it healtsjuster en nachts aktyf.
It wyfke leit fjouwer griisreadgiele aaien mei leverbrune en jiskegrize plakken. Se wurde yn in kûltsje lein dat wurdt bedutsen mei blêd, strie of moas. De houtsnip libbet fan ynsekten, wjirms en lytse slakjes. Winterdeis foerazjearret de fûgel nachts.
De fûgel is hast allinnich yn 'e peartiid te hearren en bestiet út in sêft werhelle gnoarjend orr-orr-orr folge troch in heech psyp
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Oannommen wurdt dat de soarte net fan grutte bedrigingen te lijen hat. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearre as net net bedrige (Least Concern, 2025). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 11 en 16 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2021).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Houtsnip
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Yndia

