Springe nei ynhâld

Sipelsneon

Ut Wikipedy

De Sipelsneon is in jiermerk yn de stêd Sleat, dy't elts jier plakfynt yn 'e simmer. Der is in frijmerk, in tal sleepboaten, rommelmerk, in reüny fan âld-ynwenners en it túnfeest. Sleat wurdt ek wolris de Sipelstêd neamd, dat troch it boppe-oansjoch fan de stêd Sleat, wêrby't de orizjinele stêd de foarm fan in sipel hat.

Alle jierren, op de lêste sneon fan juny, steane om de grêft fan Sleat in soad diskes. Op it gersfjild neist de St.Fredericustsjerke is de tradisjonele bernefrijmerk en op it terrein fan it feefoerfabryk wurdt meastal in rommelmerk hâlden foar in pleatslike feriening. Der wurdt ek guod ferkocht troch de bewenners fan de stêd. Dat wurdt dien op de stoepen foar de huzen.

Monuminten en winkels binne ek iepen. By nôtmole "De Kaai" út 1755 wurdt elk jier kofje mei stro ferkocht, bakt fan it eigen mealde moal. De mole is iepen foar besichtiging en moalferkeap. Dêrneist binne ek it museum Stedhûs Sleat, de Grutte tsjerke en de St.Fredericustsjerke iepen foar besichtiging.

Alle jierren wurdt wat bysûnders organisearre. Sa ha der yn 2007 en 2008 helikopterflechten boppe de stêd west. En yn 2009 en 2010 wiene by camping De Jerden, oan de Lytse Jerden, it hiele wykein modeltreintsjes foar ynteressearren en bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: