Springe nei ynhâld

De Kaai (mole)

Ut Wikipedy
De Kaai fan Sleat
De Kaai fan Sleat

De Kaai (oant 2005 inkeld oantsjutten as de Nôtmole) is in nôtmole en ryksmonumint yn Sleat. Hjiryn wurdt nôt meald as der genôch wyn is. De achtkante houten wynmole is in stellingmole en waard boud yn 1755. It hat in flecht fan 18,06 m en in stellinghichte fan 3,04 m. De molen hie oant 2005 gjin namme en waard oantsjutten mei de Nôtmole, mar yn 2006 hat dizze foar it earst yn syn skiednis in namme krigen : de Kaai. Molen De Kaai is dus de kaai fan de stêd Sleat. Yn de omgong wurdt meastal net allinnich fan De Kaai sprutsen, mar fan Mole de Kaai.

De mole stiet by ien fan de wetterpoarten. Njonken de mole leit in molestien mei dêrneist in kanon. Eigener is de Vereniging de Korenmolen te Sloten. Dizze is, as ien fan de earste, op 14 jannewaris 1929 oprjochte troch in partikulier inisjatyf. Hjirom waard de feriening Vereniging de korenmolen oprjochte. Teffens hat de mole in status as Ryksmonumint.

Op 9 juny 1870 waard de mole kocht troch Daniël Ruurd Westra. Nei syn ferstjerren, tweintich jier letter, naam syn soan Fedde it oer. Nei sân jier waard de mole op 7 oktober 1897 by in iepenbiere ferkeap ferkocht foar 925 gûne oan de lânbouwer Thijs Bosma, dy't op syn beurt de mole by ûnderhâns oan Pieter Gerrits Bosma foar 900 gûne ferkocht. De mole gie de tweintich jier dêrnei hieltiten fierder efterút.

Uteinlik beslueten in oantal foaroansteande boargers fan Sleat in feriening op te rjochtsjen ta behâld en restauraasje fan de mole, mei de namme de Vereniging De Korenmolen. As Stichting waard Keninklike goedkarring krigen op 27 juny 1929. De Feriening De Korenmolen kocht de mole foar fl. 250,--.

De restauraasje waard útfierd troch Sj. Joustra fan Tsjerkgaast (kosten fl. 1.495,--). Op 9 desimber 1930 waard de mole troffen troch in bliksem wêrtroch't in roede hielendal tesplintere rekke. Troch jild fan de ferzekering waard de mole restaurearre (kosten fl. 479,--). De mole waard yn 1949 opnij restaurearre, ditkear troch de oannimmer Straatsma út Sleat foar in bedrach fan fl. 7.472,72. Yn 1963 kaam de folgjende restauraasje en dêrby waard de fundearing fan in standerdmole fûn. Alve jier letter wie wer in restauraasje needsaaklik.

De mole waard nei in nije restauraasje offisjeel yn gebrûk steld op 3 septimber 1994. De mole hie noch altiten gjin echte namme. Yn 2006 krige de mole as namme De Kaai.

De ôfrûne jierren hat der in soad ûnderhâld oan de mole west. Elk jier moat it reid in oantal kearen bystoppe wurde en moat de mole skildere wurde.

Lêst resint grut ûnderhâld:
1994 - Grutte restauraasje

Lêst resint ûnderhâld:
2010 - Fernijing stelling (omloop fan de mole)

Lêst resint lyts ûnderhâld:
2010 - Fervjen fan de mole en ûnderhâld oan de mealstiennen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Kaai, Sloten fan Wikimedia Commons.