Herfoarme tsjerke (Sleat)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Herfoarme tsjerke (2011)

De herfoarme tsjerke fan Sleat is in monumintaal gebou oan de Hearrewâl yn de stêd Sleat yn de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Ynterieur fan de herfoarme tsjerke fan Sleat

De herfoarme letgoatyske tsjerke fan Sleat waard yn 1647 boud op it steed dêr't earst de Sint-Janskapel stien hie. De dakruter waard sa'n twahûndert jier letter, yn 1843, fernijd. Neffens de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod hong der yn de dakruter in klok fan in anonime klokkejitter út de 17e of de 18e iuw. Neffens Stenvert is de iene klok jitten troch Petrus Overney yn 1681 en soe de oare klok út de 14e iuw komme. It tsjerkeynterieur datearret foar in part út de tiid dat de tsjerke boud waard. De klassisistysk foarmjûne preekstoel, it doopstek en ien fan de hearebanken stamme út dizze perioade. Dy hearebank wie ornearre foar de boargemastersfamylje Oosterzee. De bank stiet rjocht foar de preekstoel oer. It oargel waard yn 1788 makke troch A. van Gruisen en waard ynboud troch Jan Harmens Camps[1]

De tsjerke is in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Camps makke ûnder mear ek de oargelkasten fan de oargels yn Warkum, Hylpen en Meppel.