Oerlis:Sleat (stêd)
@Kneppelfreed: De foto's komme lofts net altyd op it winske plak te stean om't se heakjen bliuwe efter de foto's rjochts. Dus litte we sizze dat jo ynboboks A hawwe, foto oan 'e rjochterkant R, tekstblokken T1 en T2, en foto oan 'e lofterkant L. As jo no de side sa yndiele: A, T1, R, T2, L, dan is ynfoboks A langer as T1 en T2 tegearre. Foto R kin pas oan 'e rjochterkant ferskine ûnder de ynfoboks, dus it hat gjin sin om dy heger te setten, want hy wurdt troch de ynfoboks omleech drukt. Foto L soe wol earder kinne, want dy past njonken de ynfoboks. Mar om't jo foto R boppe foto L stean hawwe, wurdt ek foto L omleechdrukt oant foto R ferskynd is. Pas dêrnei kin foto L ferskine. As jo de folchoarder no feroarje yn: A, T1, L, T2, R, dan ferskynt foto L wól op it plak dêr't jo him hawwe wolle, want dan wurdt er net tsjinholden troch foto R. It is in bytsje in yngewikkeld ferhaal, mar snappez-vous? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2023, 21.53 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, vous êtes magnifique, it is slagge sa't jo it útlein hawwe. Tige tank. No is it my alhiel dúdlik. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 24 jan 2023, 05.12 (CET)