Springe nei ynhâld

Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
Portret fan Sigismund

Sigismund fan Luksemboarch (Neurenberg, 15 febrewaris 1368Znojmo (Moraavje), 9 desimber 1437) wie fan 1387 ôf kening fan Hongarije, fan 1411 ôf kening fan it Hillige Roomske Ryk, sûnt 1433 keizer, fan 1419 ôf kening fan Bohemen. Hy wie de lêste hearsker út it laach fan de Luksemburgers.

Berne yn Neurenberg, wie Sigismund de twadde soan fan de Roomske keizer Karel IV en fan syn fjirde frij Elisabeth fan Pommeren, de pakesizzer fan de Poalske kening Kasimir III fan Poalen. Kening Loadewyk fan Hongarije en Poalen hie altyd in goede en hechte relaasje hân mei de heit Sigismund. Sy komme oerien dat Sigismund de opfolger fan Loadewyk wurdt. Sigismund wurdt nei it Hongaarske hof stjoerd om de Hongaarske taal en gewoanten te learen. Loadewyk neamt him syn opfolger en regelet it houlik mei syn âldste dochter Marije. Yn 1374 wurde sy oan elkoar fersein. Nei de dea fan Sigismund syn heit yn 1378 wurdt er markgreve fan Brandenburg.

Yn 1381 wurdt de doe 13-jierrige Sigismund troch syn âldste broer en fâd Wenzel fan Bohemen nei Krakau stjoerd, om Poalsk te learen en om kennis te meitsjen mei it lân en har bewenners. Kening Wenzel joech him ek Neumark yn besit.

Kening fan Hongarije

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch syn houlik mei kening Marije fan Hongarije waard er, nettsjinsteande tsjinstân fan de Hongaarske eallju yn 1387, kening fan Hongarije. Yn 1396 set er útein mei in krústocht tsjin de Ottomanen, dy't it lân fanút it suden bedrige. Yn de Nikopolis (no Nikopol yn Bulgarije) waard er lykwols ferneatigjend ferslein.

Kening fan it Hillige Roomske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sigismund waard yn 1411 kening fan Dútslân. Yn 1419 folge hy syn âldste broer Wenzel op as kening fan Bohemen. Dat waard de swierste perioade yn syn libben. Hy hie de Tsjechyske godstsjinstherfoarmer Jan Hus in frijgeliede jûn doe't dy op it konsylje fan Konstanz útnûge waard syn learstellingen te ferdigenjen. Hus waard lykwols finzennommen en as ketter ta de brânsteapel feroardiele. De Hussityske Bohemers wegeren dêrop Sigismund noch langer as kening te erkennen en dêrom rop hy in krústocht tsjin har út. Al gau ûntstie der in guerilja-oarloch dy't oant 1436 duorje soe.

Sigismund hie gjin bern by Marije. Nei har dea troude hy mei Barbara fan Celje, dêr't hy ien dochter by krige, Elisabeth (1409-1442). Elisabeth troude mei keizer Albrecht II. Albrecht waard Sigismunds opfolger as keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening van Hongarije en Bohemen.