Kreiler Wâld


It Kreiler Wâld of Kreilske Bosk is in ut sêgen bekend bosk. Oannommen wurdt dat er ferwiist nei de sompebosken dy't yn 'e iere midsiuwen tusken West-Fryslân en Mid-Fryslân lein hawwe. De bosk, bekend fan de jachtpartij dy't Floaris II fan Hollân der yn 1119 organisearre hawwe soe[1], rûn ûngefear fan Tessel oant Inkhuzen. By de Alderheljenfloed fan 1 op 2 novimber 1170 soe it Kreiler Wâld troch de Sudersee ferswolge west hawwe.
De namme Kreil komt fan in ûndjipte of sânplaat yn 'e Sudersee tusken Starum en Inkhuzen, dy't al op in syloanwizing út 1398 neamd wurdt. De topografyske kaart fan om 1850 hinne nemad "De Kreijl", de hjoedeistige topografyske kaart "Kreil".
Op 'e measte âlde en op alle nijere kaarten wurdt de Kreil likernôch 5 oant 6 km westlik fan Starum lokalisearre. Yn 'e 16e iuw waard wolris it idee opmakke dat it gebiet justjes ûnde de Midfryske kust lei.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurdt "Kreil" giet werom op in Romaansk lienwurd dat "riishout", "frisselwurk" of mooglik "sompebosk" betsjut.[2][3]
De namme waard yn 'e lette midsiuwen ferbûn mei in ûndjipte yn 'e mûning fan wat ûnderwilens de Sudersee wie. Ingelske troepen dy't greve Albrecht fan Beieren yn 1398 kamen helpen by it oermasterjen fan Fryslân, moasten "foar Starum om de Kreil hinne sile".
De ûndjipte "Kreijll" stiet ôfbylde op in hântekene kaart fan Noard-Hollân en Fryslân, makke troch Christiaan Sgrooten yn 1570 en ferwurke yn 'e printe kaart fan Gerard Mercator út 1585. Ek kartograaf Lucas Waghenaer tekene Kreil op syn seekaart fan 1585. It wurdt net útsletten dat it wurd ek in mear dûbelsinnige betsjutting hie.
Sêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oerbliuwsels fan prehistoaryske sompebosken binne noch hieltyd werom te finen op 'e boaiem fan 'e Iselmar. De fynsten fan beamstobben joech mooglik oanlieding ta sêgen.
De Coronike van Vrieslant út mid-15e iuw seit oer de Kreil:
Ende ghi sult weten dat die zee veel scade gedaen heft in Vrieslant, als wel blijct bij de meren die daerin liggen. Ende tuschen Staveren ende Enchusen dat was al een heel lant: men mochtet wel gaen te voete. Daer staen noch husen op Staveren, daer die sparren op gewassen zijn op die kreyl, dat nu in die wilde zee staet.[4]
Peter fan Thabor skriuwt om 1520 hinne itselde, mar hy stelde dat it wâld fan Kampen oant de mûning fan it Fly by Harns rûn. It wâld soe neffens him by in stoarmfloed yn 1250 ferdronken wêze. Oare kroniken stelle dêrnei dat it gebiet al om 600 n.Kr. hinne yn 'e see ferdwûn wie.
It Kreiler Wâld waard ferbûn mei in twadde sêge, nammers dat dêr yn it jier 409 n.Kr. in frijplak of azylon boud wêze soe tusken Medemblik en Starum. Minsken dy't earne oars ferfolge waarden, koene dêr taflecht sykje. Cornelius Aurelius neamde it yn syn populêre Difyzjekronyk, printe yn 1517:
een tempel, genoemt Asilum, daer alle misdadige ende verbannen luden hoir toevlucht in hadden, in manieren als Romulus binnen Romen hadde doen maken.[5]
De bosk ferskynt tagelyk op in kaart yn 'e Romeinske tiid, dy't troch jurist en âldheidkundige Joachim Hoppers makke waard. Dy waard printe as ynsetkaart by de kaart Frisia Occidentalis fan Sibrandus Leo, útjûn yn 1579 troch Abraham Ortelius. Yn syn foarstelling berikte it wâld fan Flylân oant Amsterdam en Kampen. Midden yn 'e Sudersee tekenet Hoppers tichteby Creilain sacrum nemus. Dat is it "hillige wâld" fan 'e âlde Bataven dat troch Tasitus neamd waard. De fantasijerike kronyk fan Ocka Scharlensis, dy't om 1575 hinne makke waard, dochs earst yn 1597 printe waard, bringt dy eleminten byinoar.
Hy hold út dat Floaris II fan Hollân yn 1119 yn konflikt bedarre mei de Fryske ealman Gale Iges Galama oer de jachtrjochten yn it wâld. It konflikt soe yn 1165 troch keizer Freark I Barbarossa delbêde wêze. Yn 1247 soe ek greve Willem III fan Hollân dêr mei syn eallju en fazallen jage hawwe.
Pier Winsemius heakke dêr yn 1622 oan ta dat it jachtrjocht earder by de Fryske keningen berêste wêze, dy't op it Reaklif har simmerferbliuw hawwe soene. It Kreiler Wâld soe by de Alderheljenfloed fan 1170 troch de Sudersee ferswolgen wêze, dy't doe ûntstie. Foar de stoarmfloed waard in libjende hjerring yn in welle fûn. Dat allegear berêst net op histoaryske boarnen en is foar it grutste part út 'e fantasije fan 16e iuwske skriuwers ûntsprongen.
Oare delsettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nemmane fan de nije doarpen Kreil yn it Suderleech (1950) en Kreileroard yn 'e Wieringermar (1957) ferwize nei it legindarysk wâld. Mooglik jildt dat ek foar de Westfryske buorskip Kreil oan 'e Westfryske Ringdyk (neamd sûnt 1597).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|