Springe nei ynhâld

Kreil (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Kreil
Kreil
Kreil
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
Oar
Koördinaten52° 48' NB 4° 51' EL
Hynstestâl oan de dyk
Hynstestâl oan de dyk
Kaart
Kreil (Hollâns Kroan)
Kreil

Kreil leit krektas it efkes fierderop lizzende Poolland oan de Westfryske Omringdyk yn de gemeente Hollâns Kroan yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De namme is in dúdlike ferwizing nei it Kreiler Wâld, in wâld dat der neffens in leginde ea lein hat.

Kreil leit ek op de râne fan de Waardpolder, dy't yn de 19e iuw ynpoldere waard. In part fan it plakje lei yn de eardere gemeente Anna Paulowna en wurdt formeel ûnder it doarp Wieringerwaard rekkene, it oare part lei yn de eardere gemeente Niedorp en wurdt formeel ûnder it doarp Barsingerhorn rekkene. Somtiden wurdt Kreil dêrom ek wol in buorskip ynstee fan in doarp neamd. Ienris yn it jier wurdt de 'Kreiler merk' organisearre.

De buorskip lei neffens âlde kaarten oarspronklik binnendyks oan 'e Hemmewg, mar ferskode letter yn 'e rjochting fan 'e Omringdyk en de Wieringerwaard. De lytse streek bylâns de Omringdyk stie yn 'e 19e iuw noch bekend as part fan it Poolland.

Yn it bedikingsoktroai foar de Wieringerwaard út 1597 wurdt sprutsen oer de Honck-dijck by de Kreil.[1] Ek Dirck Adriaensz. Valcooch neamde "De Creyl" yn syn kronyk út 1599. Dy kronyk neamde ûnder it jier 1572 d'oude creyldijck as binnendyk, dy't by de Westfryske Omringdyk oansleat. De buorskip mei de byhearrende Creyl Mûne wurde ôfbylde op in kaart fan it wetterskip fan de Utwetterjende Slûzen út 1745. De mûne tsjinne foar it ûntwetterjen fan de Kaagpolder en waard neffens guon berjochten yn 1735 boud. Hy waard yn 1911 ferfongen troch in motorgemaal.[2] In part fan 'e bebouwing is te sjen op in likense kaart út 1682/83. Yn 1736 waard der foar it earst neamd oer in ferkocht hûs op 'e Kreijl.[3]

De namme "Kreil" giet werom op in Romaansk lienwurd dat "riishout", "frisselwurk" of mooglik "sompebosk" betsjut.[4][5] Kreil is tagelyk ek in ûndjipte yn 'e Sudersee. Neffens 16e iuwske kroniken hat dêr it legindaryske Kreiler Wâld lein. De taalkundige Moritz Schönfeld ornearret dêrfoaroer dat de namme fan de mei bosk bewoeksen ûndjipte oergien west hawwe op in wetternamme, bygelyks in slinke dy't letter ôfsletten wie.[6]

Op 'e hoeke fan de Barsingerweg waard yn 'e 19e eeuw in minnistetsjerke boud. Dy ferfong in houten skûltsjerkje. De tsjerke waard yn 1922 sleten en fjouwer jier letter ôfbrutsen.[7]

De buorskip, it part dat by Barsingerhrn heart, hie yn 1840 22 wenten mei goed 100 ynwenners.

Utsjoch op it bûtengebiet fan Kreil
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hollandts placcaet-boeck, dl 1, Amsterdam 1645, p. 244.
  2. Molendatabase
  3. Marco Bakker: De Kreil (Genealogy Bakker, 2018) (oproppen op 14 september 2023).
  4. G. van Berkel & K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018, stekwurden: Creil, Kreil.
  5. P. Sipma, Fryske nammekunde, dl. 2, 1966, p., 193.
  6. Moritz Schönfeld, Nederlandse waternamen, 1955, s. 34.
  7. Jan Keuken, Wat kanttekeningen bij de Wieringerwaard (1610-2010), yn: Informatieblad Stichting Historisch Niedorp nr. 55 (novimber 2010), s. 14-19.
Gemeente Hollâns Kroan
Doarpen:
Anna PaulownaBarsingerhornBreesânDen OeverHaringhuizenDe HaukesHippolytushoefKolhornKreileroordLutjewinkelMiddenmeerNieuwe NiedorpNieuwesluisOosterlandOude NiedorpSlootdorpStroeVan Ewijcksluis't VeldWesterlandWieringerwaardWieringerwerfWinkelZijdewind
Utbuorrens:
De BeltDamDe ElftGelderske BuorrenDe GestDe HeidDe HoelmHollebalgKleine SluisKreilMoerbeekDe NormerNoord-StroeNoordburenNoorderbuurtOosterkliefPoollandSmerpVatropVerlaat (foar in part) • WesterkliefZandburen
· · Berjocht bewurkje