Maloriks en Ferritus

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Maloriks)
Jump to navigation Jump to search

Maloriks en Ferritus wienen yn de 1e iuw twa Fryske hearskers (ek wol keningen neamd). Wy binne goed dokumintearre oer harren skiednis troch Tasitus yn syn Annales.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 58 woenen de Friezen harren festige súdlik fan de Ryn. Dat wie Romeinsk gebiet en neffens de makke ôfspraken mei Korbulo nei ôfrin fan de Fryske ôpstân yn 28, wie it net bedoeld foar bewenning. De Friezen koene kieze: it lân ferlitte of nei de haadstêd Rome ta om tastimming te freegjen by de keizer. De Fryske hearskers gongen doe nei Rome ta om keizer Nearo te freegjen oft sy it lân brûke mochten foar bewenning.

De keizer wie net yn Rome doe't de twa Fryske hearskers dêr oankamen. Yn Rome brochten sy in besite oan it teater fan Pompeius. Wat sy der te sjen krigen koene sy net echt wurdearje, mar sy hienen wol troch dat der yn it publyk wichtige minsken sieten. Op harren fraach wa't al dy minsken wienen yn net-Romeinske klaaiïng tusken de senatoaren, krigen sy as antwurd te hearren dat it fertsjinwurdigers wienen fan folken dy't trou oan Rome wienen en har ûnderskieden hienen troch in heldhaftich optreden. Ferritus en Maloriks fûnen dat sy dêr ek ta hearden en gongen tusken de senatoaren yn sitten: yn har eagen wie der gjin trouwer en flinker folk as de Friezen. It hie foar itselde jild oars rinne kinnen, mar de Romeinen koenen dy died fan ûnôfhinklikens wol wurdearje: Ferritus en Maloriks krigen it Romeinske steatsboargerskip.

Lykwols bleau it by dy beneaming want de Friezen moasten it besette lân súdlik fan de Ryn ferlitte. In aksje fan it Romeinske leger makke in ein oan de besetting.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]