Godfryd fan Denemark
Godfryd of Gudfred (ek wol Godfred, Göttrick, Gøtrik en Gudrød) wie in Deensk- of Wytsingkening en regearre fan 804 - 810. Hy wie de jongste soan fan kening Siegfred. Der wurdt wol tocht dat Godfryd syn âldere broer Halfdan greve waard fan inkele rike hannelsstêden besuden de rivier de Eider yn it hjoeddeiske Dútslân. Omdat Halvdan gjin belesting betelje woe oan Godfryd, rjochte hy him ta keizer Karel de Grutte yn 807. Godfryd mobilisearre in leger en fersterke Danevirke, in definsjeliny yn it suden fan Jutlân. Yn 808 besette hy ien fan de neamde hannelsstêden (Reric), makke it mei de grûn gelyk, fermoarde Drożko fan de Obotriten en liet de hannelslju har fêstigje yn Sliestorp (ek wol: Hedeby), in nije stêd yn de definsjeliny op Danevirke.
Yn 810 liet Godfryd in seeleger de Fryske kust plonderje, en makke plannen foar in oanfal op Aken. Yn deselde simmer waard hy fermoarde troch syn húskarls, de liifwachten fan Skandinavyske keningen. Neffens Notker fan Sint-Gallen wie de liifwacht in soan fan de kening.
Nei de dea fan Godfryd wie Hemming kening oant syn dea yn 812. Dêrnei ûntstie in lange troanstriid tusken de soannen fan Godfryd en harren neven de soannen fan Halvdan, yn it bysûnder mei Harald Klak Halfdansson.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |