Hindrik de Fette

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Hindrik de Fette, ek wol Hindrik fan Northeim1055 - bysetting 10 april 1101), wie greve fan Mid-Fryslân. Troch syn houlik mei Getrudis, in suster fan de lêste greve fan de Brunoanen, wurdt hy mei dat skaai assosjearre.

Hindrik wie in soan fan Otto I fan Northeim, dy't ien fan de foaroanmannen wie yn de opstân tsjin keizer Hindrik IV. Lykwols keas hy nei de dea fan syn heit yn 1086 de side fan de keizer. Hindrik stifte it kleaster by Bursefelde as famyljekleaster. Hy folge syn heit op as greve fan Northeim, de Rittigau (by Northeim) en Eichsfeld. Ek wie er hear fan de Werradelling en fâd fan de kleasters fan Bursefelde en Helmarshausen (by Bad Karlshafen).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it tiidrek fan de Brunoanen dy't einige mei it fuortjeien fan Egbert II yn 1088 beliende de keizer fan it Hillige Roomske ryk it gewest Mid-Fryslân op 'e nij oan Hindrik de Fette yn 1101. Hy wie troud mei in suster Egbert II, dy't sûnder bern wie. Hindrik soe lykwols yn itselde jier al by Nagel fermoarde wurde troch de Friezen, omdat it jok fan syn hearskippij harren swier foel.

Neffens de skreaune boarnen waard er op de flecht jage en koe hy mar krekt mei in skip ûntkomme. De Friezen setten de achterfolging yn en by Nagel waard hy ynhelle. Sy stutsen him mei in spear, wêrnei't er oerboard foel en ferdronk. It libben fan syn frou bleau besparre.

De deaslach op de greve Hindrik de Fette wurdt wol sjoen as it feitlik begjin fan de libertas (Fryske frijheid) fan de Friezen tusken Flie en Lauwers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarne en Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Annales S. Mariae,
  • S.J. Molen, Oorsprong en geschiedenis van De Friezen, Amsterdam-1981, side 98.