Gertrudis fan Breunswyk

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Gertrudis fan Brunswyk)
Jump to navigation Jump to search

Gertrudis fan Breunswyk (sa. 1058 - Breunswyk, 9 desimber 1117) wie in foaroansteand figuer yn de Saksyske polityk oan it begjin fan de 12e iuw. Hja wie grevinne fan Breunswyk en regintesse fan Meißen. Sûnt 1112 late sy it Saksysk ferset tsjin keizer Hindrik IV en keizer Hindrik V.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gertrudis wie in telch fan in ferneamd Saksysk laach, de Brunoanen. Hja oefene yn it Hillige Roomske Ryk it bewâld út oer de greefskippen Mid-Fryslân en Meißen. Gertrudis wie in dochter fan Egbert I en fan Irmengard fan Susa. Har broer Egbert II waard greve nei de dea fan harren heit yn 1068.

Gertrudis boaske mei Diderik II fan Katlenburg (stoarn 1085). Mei him krige sy in soan, ek Diderik neamd. Har soan boaske mei Adela fan Beichlingen.

Yn 1085 ferstoar Diderik II. Al gau troude Gertudis op'en nij mei de greve fan Nordheim Hindrik de Fette. Mei him krige sy trije bern, Richenza (-1141), troud mei Lotarius fan Supplinberg, dy't letter keizer wurde soe, dochter Gertrudis, erfgenamt fan Fryslân en grevinne fan Bentheim, boaske mei Siegfried I fan Weimar-Orlamünde, paltsgreve fan de Ryn, en in soan Otto I fan Rheineck.

Nei de dea fan har broer Egbert II yn 1090 folge sy him op as grevinne fan Breunswyk. Doe't Hindrik yn 1101 markgreve fan Fryslân wurden wie, besochten Hindrik en Gertrudis harren nije domein. De weromkomst fan de Brunoanen wie lykwols gjin sukses. Hindrik kaam by in oanfal om it libben en Gertrudis koe mei har bern mar amper fuortkomme.

Gertrudis troude foar de tredde kear mei Hindrik I fan Eilenburg († 1103), dy't markgreve fan Meißen wurden wie neidat de keizer dy funksje fan Gertrudis har broer Egbert ôfpakt hie. Hindrik en Gertrudis hienen gjin bern; dat soe bestjutte dat greve Koenraad de Grutte de erfgenamt fan Hindrik wurde soe. By it te hôf bringen fan Hindrik die lykwols bliken dat Gertrudis swier wie. Gertrudis krige in sûne soan: Hindrik II fan Eilenburg. De partij fan Koenraad woe doe hawwe dat Gertrudis in dochter krigen hie en dat hja dy omruile hie mei in soan fan in earme boer, mar dat koe net bewiisd wurde. Gertrudis regearre as regintesse foar har soan.

Yn 1115 stifte Gertrudis yn Breunswyk it Benediktiner kleaster fan Marije en Sint-Egidius (patroanhillige fan froulje mei bern oan't boarst). Nei alle gedachten hat sy dat dien as tank foar it goed ferrin fan de befalling en bernetiid fan har jongste soan, dy't polityk belade wie. It kleaster waard fanút it kleaster fan Bursfelde opset, dat earder troch har twadde man stifte wie. Ynspirearre troch in dream hat Gertrudis de bonken fan Sint-Adinktor, fan Trier oerbringe litten nei it nije kleaster yn Breunswyk.